Jûn

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De jûn is it lêste fan 'e trije deidielen (de oare beide binne de moarn en de middei). Oer it algemien wurdt ornearre dat de jûn tusken 18.00 oere en midsnacht (24.00 oere) falt. Yn dy tiid giet meastal de sinne ûnder, útsein yn 'e midden fan 'e winter as dat al oan 'e ein fan 'e middei bart. Almeast omfiemet de jûn sadwaande noch in diel fan 'e dei, de jûnsskimer en it earste diel fan 'e nacht.

Jûns is de tiid fan it etmiel dat men yn Fryslân útrêst fan 'e wurkdei, bgl. troch in boerdspul te dwaan of tillefyzje te sjen. Oan it begjin fan 'e jûn wurdt der yn 'e regel iten (tsjintwurdich waarm iten, foarhinne meast kâld), en letter op 'e jûn drinkt men gauris in bierke, in wyntsje of in slokje, mei in hertlik hapke, lykas woarst, tsiis of sjips.

Faak wurde jûns ek feesten en oare gearkomsten holden, lykas (saaklike) gearkomsten fan ferienings, jierdeispartijen en formele diners. As men sels in gesellige gearkomste mei as doel om te sosjalisearjen organisearret, wurdt dat wol in soiree neamd, fan it Frânske wurd soirée, dat "jûn" betsjut. Yn it wykein (of soms troch de wike) giet de jongerein jûns út, faak nei nachtklubs of nei in kafee. By feestdagen sprekt men fierders gauris fan in foarjûn, de jûn foarôfgeande oan 'e feestdei, lykas krystjûn, de jûn foar earste krystdei, en âldjiersjûn, de jûn foarôfgeande oan nijjiersdei.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.