Jûnsskimer

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De jûnsskimer sjoen út in fleantúch.

De jûnsskimer, skimerjûn, skroarjûn, ûleflecht of ek wol dage (hoewol't dy lêste term faker ferwiist nei de moarnsdage) is de perioade fan twiljocht fuortendaliks folgjend op sinne-ûndergong, dy't karakterisearre wurdt troch tatsjusterjende skimer. Dêrby beskynt de sinne by de bolling fan 'e ierde lâns noch wol de loft, mar fynt der gjin direkte beskining fan it ierdoerflak troch de sinne mear plak. Dit moat net betize wurde mei de eigentlike sinne-ûndergong, it momint dat de sinne oer de hoarizon ferdwynt.

Om persiis te wêzen beslacht de jûnsskimer it ynterval tusken it momint dat de sinne oer de hoarizon ferdwynt oant it tiidstip dat it mulpunt fan 'e sinne 18° ûnder de hoarizon stiet. Dy tiid kin opdield wurde yn trije ûnderskate perioaden:

  • de boargerlike jûnsskimer, wêrby't de sinne krekt oer de hoarizon ferdwûn is oant er 6° ûnder de hoarizon stiet;
  • de nautyske jûnsskimer, wêrby't de sinne tusken 6° en 12° ûnder de hoarizon stiet;
  • de astronomyske moarnsdage, wêrby't de sinne tusken 12° en 18° ûnder de hoarizon stiet.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.