Wurkdei

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In wurkdei is yn it foarste plak in dei dat men wurket, en kin dêrom lykfol hokker dei wêze. Yn it offisjele ferkear wurdt mei de term 'wurkdei' lykwols spesifyk in dei oantsjut dat de measte persoanen mei in foltiids baan wurkje. Yn 'e Westerske maatskippij komt dat tsjintwurdich yn 'e regel del op 'e dagen moandei oant en mei freed. Dy fiif dagen wurde dêrom mei-inoar ek wol oantsjut as de wurkwike, wylst de beide frije dagen sneon en snein it wykein foarmje. Algemien erkende hjeldagen en oare offisjele frije dagen dy't yn 'e wurkwike falle, wurde net beskôge wurkdagen. Oare kultueren hawwe faak in oare definysje fan wurkdagen; sa binne yn Israel de wurkdagen snein oant en mei freed.

Yn Dútslân, Eastenryk, Lychtenstein en Dútsktalich Switserlân wurdt ûnderskie makke tusken Werktage en Arbeitstage, begripen dy't yn it Frysk beide oerset wurde as 'wurkdagen'. Mar yn 'e Dútsktalige lannen binne Arbeitstage moandei oant en mei freed (útsein hjeldagen en oare offisjele frije dagen), wylst Werktage moandei oant en mei sneon binne (op 'e nij: útsein hjeldagen en oare offisjele frije dagen). Dat ûnderskie soarget by bûtenlanners gauris foar betizing, benammen as it brûkt wurdt foar ferkearsbuorden dêr't in jildichheidsperioade op neamd wurdt, bgl. foar parkearjen. As men dan Werktage as 'ús' wurkdagen ynterpretearret en op sneon earne de auto delset dêr't dat op Werktage net mei, dan kin men ek noch in fikse boete oprinne.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.