Moarn (deidiel)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In mistige moarn.

De moarn is it earste fan 'e trije deidielen (de oare beide binne de middei en de jûn). De moarn falt tusken midsnacht (24.00 of 0.00 oere) en it tiidpunt fan 'e middei (12.00 oere), hoewol't de tiidsperioade tusken midsnacht en 4.00 oere mar komselden as de 'moarn' oantsjut wurdt (men sprekt dan ornaris ynstee fan 'nacht'). Yn 'e tiid tusken midsnacht en middei giet de sinne op, en sadwaande omfiemet de moarn net inkeld in grut part fan 'e nacht, mar ek de moarnsdage en it earste diel fan 'e dei. Yn Flaanderen wurdt trouwens ornearre dat de moarn mar oant 9.00 à 9.30 oere ta duorret; dêrnei begjint dêr wat men de voormiddag ("foarmiddei") neamt.

Foar de measte lju stiet de (iere) moarn op troch-de-wykse dagen benammen yn it teken fan it fan bêd ôf kommen, waskjen, oanklaaien, brea-iten, toskpoetsen, ensfh. en dan nei it wurk of nei skoalle ta gean. Soms hat men foar't men fan hûs giet, noch de tiid om in moarnskrante te lêzen. Guon forinzen dy't mei it iepenbier ferfier reizgje, lêze de krante ûnderweis nei it wurk ta.

Tillefyzjeprogramma's dy't moarns útstjoerd wurde, kinne beneamd wurde ûnder de sammelnamme moarnstillefyzje. De moarn is yn 'e tillefyzjebrâns net in botte prestizjeus diel fan 'e dei, mei't de measte lju moarns de tiid net hawwe om tillefyzje te sjen. Op 'e radio, oan 'e oare kant, hearre guon moarnsútstjoerings ta de bêst beharke programma's. Dat ferskil tusken radio en tillefyzje leit der benammen oan dat in protte lju in wekkerradio hawwe en dat radio net sa ôfliedt as tillefyzje, sadat men faak de radio oan hat wylst men oare dingen docht.

Likernôch healwei de moarn (foar de measte minsken), omtrint 9.30 of 10.00 oere, is it kofjetiid. Dan nimt men even lins fan it wurk en drinkt men tradysjoneel in kopke kofje, faak mei in koek of in stikje bôle derta.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.