Flaanderen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Flaanderen
Flaamske provinsjes
Lânkaart Flaanderen yn 1609

Flaanderen is it noardlike lânsdiel fan Belgje, dêr't benammen Nederlânsk sprutsen wurdt , wylst de fiertaal yn it súdlike part Walloanje Frânsk is. De offisjele namme is de Flaamske Mienskap en it Flaamsk Gewest. De Flaamske Mienskap omklammet ek de Flamingen yn de Stêdsregio Brussel. Yn it noarden fan Frankryk leit Frânsk-Flaanderen en yn it súden fan Nederlân Sieusk-Flaanderen.

Flaanderen omklammet de provinsjes:

  1. Antwerpen - haadstêd Antwerpen
  2. Limburch - haadstêd Hasselt
  3. East-Flaanderen - haadstêd Gint
  4. Flaamsk-Brabân - haadstêd Leuven
  5. West-Flaanderen - haadstêd Brugge

Klimaat en lânskip[bewurkje seksje | edit source]

Yn Flaanderen hearskje twa klimaattypen: oan de kust is der in echt seeklimaat en fierder it lân yn in lânklimaat. Oer it generaal wurdt it lânskip fan Flaanderen omskreaun as it lege part fan Belgje mei oan de kust strânen, folge troch in strook dunen mei polders. Nei it easten lizze de Kempen met in protte bosken. De wichtichste rivier is de Skelde dy't by Nederlân yn de Noardsee útrint.

Oerheid[bewurkje seksje | edit source]

Flaanderen is in dielsteat fan Belgje, mei in eigen regearing, in eigen parlemint en in eigen begrutting. It Flaamsk Parlemint, dat om de 5 jierren op 'e nij ferkeazen wurdt, hat wetlik foech yn de regio Flaanderen. It foech fan de Belgyske federale oerheid en dat fan de Flaamske regearing wurde fêstlein troch demokratysk oerlis tusken de ferskate mienskippen en feroaret noch hieltyd.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]