Springe nei ynhâld

Brusselsk Haadstedsk Gewest

Ut Wikipedy
Brusselsk Haadstedsk Gewest
Région de Bruxelles-Capitale (Frânsk)
Brussels Hoofdstedelijk Gewest (Nederlânsk)
flagge wapen
polityk
soarte gebiet autonome regio
lân Belgje
mienskip Flaamske Mienskip
Frânske Mienskip
haadplak Brussel
grutste plak Brussel
gemeenten 19
minister-presidint Rudi Vervoort (PS)
feestdei 8 maaie
taal Frânsk
Nederlânsk
sifers
ynwennertal 1.241.175 [1] (01/01/2023)
oerflak 162,42 km² [2]
befolkingstichtens 7.642 /km²
oar
stifting 18 juny 1989
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside be.brussels
Dizze side giet oer it Haadstedsk Gewest. Foar oare betsjuttings, sjoch: Brussel (betsjuttingsside).

It Brusselsk Haadstedsk Gewest (Frânsk: Région de Bruxelles-Capitale, Nederlânsk: Brussels Hoofdstedelijk Gewest), ok Brusselsk Gewest (Frânsk: Région bruxelloise, Nederlânsk: Brussels Gewest) neamd en ornaris Brussel (Frânsk: Bruxelles, Nederlânsk: Brussel) neamd, is sûnt 1989 ien fan de trije gewesten fan Belgje, dy't út 19 gemeenten bestiet wêrûnder de stêd Brussel, de haadstêd fan Belgje. It Brusselsk Haadstedsk Gewest leit yn it midden fan Belgje en is part fan de Flaamske Mienskip en de Frânske Mienskip, dochs is ûnôfhinklik fan it Flaamsk Gewest, dêr't er in enklave yn foarmet, en it Waalsk Gewest.

It Brusselsk Haadstedsk Gewest hat neistenby 1.241.000 ynwenners (2023) [1] op in oerflak fan neistenby 162 km².[2] De Stedsregio Brussel, dy't oer de grinzen fan it gewest rint hat likernôch 1,8 miljoen ynwenners.

De namme Brussel komt fan it Aldnederfrankyske bruoc (broek/sompe) en sella (wenplak), dus "wenplak yn/by de sompe", dat yn it Midnederlânsk evoluearre de namme ta Bruesele, Brussele, Bruxel ta it hjoeddeistige Brussel. De namme komt foar it earst om 1000 hinne yn it Latyn as Brosella. Yn it Frânsk is de namme Bruxelles, dy't noch hieltyd tichteby it oarspronklike Bruocsella is. De nammen fan de oare gemeenten fan it Brusselsk Haadstedsk Gewest hawwe allegear in Nederlânske oarsprong.

It Stedhûs fan Brussel
Rue de la Loi/Wetstraat, ien fan de wichtichste strjitten fan it gewest
Foar mear ynformaasje oer de skiednis fan Brussel, sjoch op de side fan de stêd Brussel.

Brussel ûntstie yn 976 en mooglik stifte troch hartoch Karel fan Nederloataringen nei't in nustje doarpen oaninoar fêstwoeksen binne en dêr in boarch op ien fan de trije eilannen yn de rivier de Senne boud waard.

Brussel krige yn 1229 stedsrjochten fan hartoch Hindrik I fan Brabân. Fan de trettjinde oant en mei de achttjinde iuw foel it gebiet om Brussel hinne ûnder de stedsfrijheden fan de stêd, itjinge de Kûpe fan Brussel (Kuip van Brussel, âlde stavering: Kuype) neamd waard. De omlizzende doarpen en plakken dy't ûnder de Kûpe foelen, foelen ûnder de jurisdiksje fan de stêd Brussel en foarmen in politike, ekonomyske en juridyske ienheid mei de stêd. Guon plakken fan it hjoeedeistige Gewest foelen net ûnder de Kûpe, mar foelen ûnder it rjocht fan Ukkel. Brussel waard ien fan de wichtichste stêden fan it hartochdom Brabân en letter de haadstêd fan de Boergondyske, Habsburchske en Súdlike Nederlannen.

Yn de Frânske tiid waarden de stedsfrijheden ôfskaft en waard de stêd Brussel in gemeente, waans jurisdiksje net fierder gie as de stedsgrinzen fan de Fiifhoeke, de foarm fan it âlde sintrum. De omlizzende plakken waarden selsstannige gemeenten. Dêrtroch rûn Brussel in soad belestingsynkommen mis. Nei de Frânske tiid kaam Brussel by it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen dêr't er tegearre mei De Haach it sit fan de oerheid waard. Nei de Belgyske ûnôfhinklikens yn 1831 waard Brussel de haadstêd fan de nije Belgyske steat. Dêrnei wiene der grutte útwreidings fan Brussel en kaam de yndustrialisaasje ek al gau op gong. Nei de ûnôfhinklikens wie der troch ynmingen fan de oerheid in grutte ynstream fan Waalske amtners en Frânske flechtelingen, benammen revolúsjonêren. It Frânsk waard de iennige bestjoerstaal yn Belgje nei de ûnôfhinklikens. Brussel wie ynearsten in Nederlânsktalige stêd dêr't in pleatslik Brabânsk dialekt, it Brusselsk, sprutsen waard. De Frânsktalige ynkommers wiene benammen fan de hegere stân en de adel, dy't it stimrjocht hiene en twongen harren taal op te kringen. Dêr ûntstie njonken taaldiskriminaasje ek diskriminaasje op sosjaal mêd. Troch de yndustrialisaasje ûntstie der ek in grutte legere arbeidersklasse. It ferfrânskjen fan Brussel naam hieltyd ta, dochs kamen de Frânsktaligen pas yn de mearderheid yn it midden fan de tweintichste iuw.

Mank dy evolúsje woeks ek it haadstedsk gebiet. Yn de iere njoggentjinde iuw wiene der mar seis gemeenten om de haadstêd hinne. Doe't it ferstedskjen en ferfrânskjen tanamen, waarden omlizzende gemeenten anneksearre. Dat barde by de tsienjierlikse taletellings, wannear't it tal Frânsktaligen en twataligen boppe in beskate grins kaam, waard dy belutsen gemeente by it haadstedsk gebiet foege.

Sûnt de 1960-er jierren waard Brussel de facto de haadstêd fan de Jeropeeske Mienskip en letter de Jeropeeske Uny. Dêrtroch kamen der nije stêdeboukundige projekten op gong. Gânse wiken waarden platskood en meitsje plak foar grutte kantoargebouwen, it Manhattanprojekt. Dat arsitektureel fersoberjen wurdt wol "Brusselisearring" neamd.

Nei de Twadde Wrâldkriich wie der stadichoan ferlet fan in haadstedsk bestjoer ek omreden de oanhâldende taalstriid yn Belgje. Yn 1970 waarden de Flaamske en Frânske kultuermienskippen oprjochte. Yn 1971 waard de Brusselske Agglomeraasjerie oprjochte. Dy rie wie in publyk orgaan mei gewestlik foech oer de 19 Brusselske gemeenten en wie ornearre om de ôfwêzigens fan in eigen Brusselsk gewest op te fangen. It oprjochtsjen fan de rie op 26 july 1971 stie yn it ramt oangeande agglomeraasjes en federaasjes fan Belgyske gemeenten. Om't oare grutte stêden troch de jierren hinne omlizzende gemeenten anneksearre hiene, wie dat by Brussel net it gefal. De gemeente Brussel hie yn de 1920-er jierren wol buorgemeenten yn it easten en noarden anneksearre lykas Haren, Laken en Neder-Over-Heembeek, mar dêr bleau it by. De oare gemeenten fan de Brusselske agglomeraasje bleaune selsstannige gemeenten. Sadwaande waard de Agglomeraasjerie oprjochte.

Dy Agglomeraasjerie waard yn 1989 lykwols ferfongen troch it oprjochtsjen fan it Brusselsk Haadstedsk Gewest op 18 juny dat jiers, tsien jier nei't it Flaamsk Gewest en it Waalsk Gewest oprjochte waarden. It Brusselsk Haadstedsk Gewest krige in eigen parlemint en regear, lykas de oare twa gewesten. Dêrby waard in regeling troffen oangeande it beskermjen fan de Flaamske minderheid dy't likernôch 20% fan de befolking beslacht. It Haadstedsk Gewest waard offisjeel twatalich, dy't lykas de federale oerheid út like folle Nederlânsktalige as Frânsktalige ministers besteane.

De Flaamske Mienskip en Frânske Mienskip hawwe lywols al foech oer it Brusselsk Gewest, sa as bygelyks op it mêd fan kultuer. Foar de Flaamske Mienskip hat de Flaamske Mienskipskommisje (VGC) en foar de Frânske Mienskip hat it COCOF it foech. Foar guon saken is der de Mienskiplike Mienskipskommisje.

De hjoeddeisstige ynstitúsjonele regeling foar it Brusselsk Haadstedsk Gewest is de oerienkomst fan ferskate steatsherfoarmings, dêr't de Frânsktaligen by besykje wolle en meitsje Brussel in folweardich gewest, wylst de Flamingen Brussel mear sjogge as in legere bestjoersfoarm, sa as in opwurdearre agglomeraasje as provinsje of ien stêd, dus in fúzje fan de 19 gemeenten. De juridyske status fan it Brusselsk gewest is justjes oars as dy fan it Flaamsk en Waalsk gewest.

Satelytfoto fan Brussel

It Brusselsk Haadstedsk Gewest falt neffens grûngebiet gear mei it twatalige gebiet Brussel-Haadstêd en it Arrondissemint Brussel-Haadstêd. Dy bestiet njonken de stêd Brussel út 18 oare gemeenten dy't yn de rin fan de njoggentjinde en tweintichste iuw hieltyd mear mei de kearnstêd fergroeid waarden. Ta tsjinstelling fan de oare grutte agglomeraasjes yn Belgje, lykas Antwerpen, Gint, Charleroi en Luik rekke de Brusselske agglomeraasje net belutsen by de fúzjes fan Belgyske gemeenten yn 1977. Yn 1922 waarden allinnich de gemeenten Laken, Haren en Neder-Over-Heembeek troch de gemeente Brussel anneksearre.

Brussel leit op it Brabânsk Plato rûchwei yn it noardmidden fan Belgje, 110 km fan de kust, 180 km fan it súdlikste punt fan Belgje, 45 km súdlik fan Antwerpen en 50 km noardlik fan Charleroi. De trochsneed hichte is 57 meter boppe seenivo, mei it leechste punt fan 9,4 meter by, de hast folslein oerkape Senne, dy't troch it gewest fan súd nei noard rint, oant it heechste punt fan 148 meter yn it Soaniënwâld. Njonken de Senne, soargje syn sydrivieren de Maalbeek en de Woluwe yn it easten fan it gewest foar grutte hichteferskillen. Wâlden, parken en lânbougrûn foarmje likernôch 20% fan it totaal oerflak, dêr't wâlden konsintrearre binne yn it súdeasten, wylst in bytsje greide en ikkerlân yn it westen by Anderlecht is. Fierder is al it oare grûn beboud geiet.

Brussel hat in seeklimaat mei waarme simmers en frisse winters en wurdt neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen klassifisearre Cfb. It klimaat wurdt beynfloede troch wyn fan de Noardsee.

 Waaroersicht foar Brussel 
Moanne jan feb mrt apr maa jun jul aug sep okt nov des Jier
heechste maksimum (°C) 12,2 13,3 17,7 22,3 26,6 29,0 30,7 30,6 25,4 21,6 16,2 12,7 32,4
trochsneed maksimum (°C) 5,7 6,6 10,4 14,2 18,1 20,6 23,0 22,6 19,0 14,7 9,5 6,1 14,2
trochsneed temperetuer (°C) 3,3 3,7 6,8 9,8 13,6 16,2 18,4 18,0 14,9 11,1 6,8 3,9 10,5
trochsneed minimum (°C) 0,7 0,7 3,1 5,3 9,2 11,9 14,0 13,6 10,9 7,8 4,1 1,6 6,9
leechste minimum (°C) −6,5 −5,4 −2,3 −0,2 3,6 6,6 9,4 9,1 6,4 2,2 −1,7 −5,0 −8,4
delslach (mm) 76,1 63,1 70,0 51,3 66,5 71,8 73,5 79,3 68,9 74,5 76,4 81,0 852,4

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De 19 gemeenten fan it Brusselsk Haadstedsk Gewest
Gemeentehûs fan Schaerbeek/Schaarbeek
Gemeentehûs fan Saint-Gilles/Sint-Gillis

It Brusselsk Haadstedsk Gewest bestiet út ien arrondissemint: it Arrondissemint Brussel-Haadstêd. Dy bestiet út 19 selsstannige gemeenten, dy't wol de "Brusselske Gemeenten“ neamd wurde. Yn alle 19 gemeenten binne beide it Frânsk en Nederlânsk de bestjoerstalen. De mearderheid fan de befolking is lykwols Frânsktalich. De gemeente Saint-Josse-ten-Noode/Sint-Joost-ten-Node is mei om de 24.100 ynwenners de km² hinne de tichtst befolkte gemeente fan Belgje.

Wapen Gemeente Oerflak
in km²
Befolking
1 jannewaris 2020[3]
Anderlecht 17,74 120.887
Auderghem/Oudergem 9,03 34.404
Berchem-Sainte-Agathe/Sint-Agatha-Berchem 2,95 25.502
Stêd Brussel (Bruxelles-ville/Stad Brussel) 32,61 185.103
Etterbeek 3,15 48.473
Evere 5,02 42.656
Forest/Vorst 6,25 56.581
Ganshoren 2,46 25.234
Ixelles/Elsene 6,34 87.632
Jette 5,04 52.278
Koekelberg 1,17 21.959
Molenbeek-Saint-Jean/Sint-Jans-Molenbeek 5,89 97.979
Saint-Gilles/Sint-Gillis 2,52 49.678
Saint-Josse-ten-Noode/Sint-Joost-ten-Node 1,14 27.497
Schaerbeek/Schaarbeek 8,14 132.799
Uccle/Ukkel 22,91 83.980
Watermael-Boitsfort/Watermaal-Bosvoorde 12,93 25.332
Woluwe-Saint-Lambert/Sint-Lambrechts-Woluwe 7,22 57.712
Woluwe-Saint-Pierre/Sint-Pieters-Woluwe 8,85 42.119
Brusselsk Haadstedsk Gewest 161,36 1.218.255
Gewesten fan Belgje:
   Brusselsk Haadstedsk Gewest
Mienskippen fan Belgje:
   Flaamske Mienskip / Nederlânsktalich
  Flaamske & Frânske Mienskip / twatalich
   Frânske Mienskip / Frânsktalich
   Dútsktalige Mienskip / Dútsktalich

It Brusselsk Haadstedsk Gewest is ien fan de trije gewesten fan Belgje. Geografysk en taalkundich is it in twatalige enklave yn it ientalich Flaamsk Gewest. De gewesten foarmje ien ûnderdiel fan de Belgyske ynstellings, wylst de trije mienskippen in oar ûnderdiel foarmje. De Brusselske befolking hat te krijen mei of de Frânske Mienskip of de Flaamske Mienskip, bygelyks op it mêd fan kultuer en ûnderrjocht, of de Mienskiplike Mienskip foar saken dy't te krijen hawwe mei beide mienskippen lykas sûnenssoarch en sosjale saken.

Nei it opspjalten fan de provinsje Brabân yn 1995 heart it Brusselsk Haadstedsk Gewest by net ien fan de provinsjes fan Belgje en is it gewest ek net ferparte yn provinsjes. De status fan it gewest is in oerienkomst tusken de Frânske en Flaamske mienskippen. De Frânske mienskip wol it gewest ferheffe ta de status as dy fan de oare gewesten, wylst de Flamingen Brussel in legere bestjoersfoarm jaan wolle sa as fan in opwurdearre agglomeraasje as provinsje of as ien grutte gemeente.

Sûnt 1989 hat it Brusselsk gewest syn eigen parlemint dy't troch de befolking fan it gewest keazen wurde kin. It parlemint bestiet út 89 leden, 72 Frânsktaligen en 17 Nederlânsktaligen, dy't it regear gearstalt. It regear bestiet út acht leden, wêrûnder ien minister-presidint, 4 ministers en trije steatsekretarissen. Lykas it federaal regear moat it Brusselsk regear út twa Frânsktalige en twa Nederlânsktalige ministers, twa Frânsktalige steatsekretarissen en ien Nederlânsktalige steatsekretaris bestean. De minister-presidint hoecht net oan it taalkwotum te foldwaan, dochs yn de praktyk wie er almeast in twatalige Frankofoan. 19 fan de 72 Frânsktalige parlemintsleden binne ek lid fan it parlemint fan de Frânske Mienskip. 6 fan de 17 Nederlânsktaligen binne ek lid fan it Flaamsk parlemint.

Wichtige bestjoerstaken dy't oan de ynstellings fan de twa mienskippen tabetroud wurde, binne de Flaamske Mienskipskommisje (Vlaamse Gemeenschapscommissie - VGC) en Commission Communautaire Française (COCOF) en in lytse Mienskiplike Mienskipskommisje. De VGC en COCOF hawwe elts in eigen ferkeazen rie en in eigen bestjoer. De mienskipsrieden besteane dêrby út de de keazen lju fan de eigen mienskip yn it Brusselsk parlemint.

Brussel as haadstêd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Jeropeeske Wyk yn it easten fan de stêd Brussel

As de namme faaks tinken docht, is it Brusselsk Haadstedsk Gewest net de haadstêd fan Belgje. Yn kêst 194 fan de Belgyske Grûnwet stiet dat de haadstêd fan Belgje de stêd Brussel, ien fan de 19 gemeenten en de grutste dêrfan, is.

De stêd Brussel is de lokaasje fan ferskate nasjonale ynstitúsjes. It Keninklik Paleis fan Brussel, dêr't de Kening fan de Belgen syn taken as steatshaad waarnimt, stiet yn it Park fan Brussel oan de eastkant fan de stêd. It Keninklik Paleis fan Laken is it offisjele hiem fan de Belgyske keninklike famylje. It Federaal Parlemint fan Belgje stiet foar it Keninklik Paleis oer oan oare kant it park. It kantoar fan de premier, Wetstrjitte 16 (16 Rue de la Loi/Wetstraat 16) stiet dêrnjonken. It Hof fan Kassaasje, it Belgyske Hegerjochtshof, hat syn sit yn it Paleis fan Justysje. Fierders hawwe oare wichtige ynstitúsjes harren sit yn Brussel lykas it Grûnwetlik Hof, Rie fan Steat, it Rekkenhof, de Keninklike Munt fan Belgje, en de Nasjonale Bank fan Belgje.

De stêd Brussel is ek de haadstêd fan beide de Flaamske Mienskip en de Frânske Mienskip. It Flaamsk Parlemint en regear, it bestjoer fan it Flaamsk Gewest, hawwe harren sit yn Brussel.

Brussel is ek de facto haadstêd fan de Jeropeeske Uny en húsmannet ferskate Jeropeeske ynstellings lykas it Jeropeesk parlemint, de Jeropeeske Kommisje en de Rie fan de Jeropeeske Uny. Dy ynstellings binne situearre yn de Jeropeeske Wyk yn it easten fan de stêd Brussel.

De Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje (NAFO) hat syn haadkantoar yn Haren yn it noardeasten fan de stêd Brussel.

Keninklik Paleis fan Brussel

Brussel leit yn ien fan de tichtst befolkte gebieten fan Jeropa, tusken Parys, Londen, it Ruhrgebiet en de Rânestêd. It Brusselsk Haadstedsk gewest hat in befolking fan om 1,2 miljoen ynwenners hinne en is de lêste jierren tanommen. De Brusselske befolking is yn ferhâlding jonger as it nasjonale trochsneed en de kleau tusken ryk en earm is grutter.

De stêdekloft fan Brussel rint bûten de grinzen fan it Brusselsk Haadstedsk Gewest en wurdt de Stedsregio Brussel neamd en beslacht in grut part fan beide Flaamsk- en Waalsk-Brabân. De stedsregio hat likernôch 1,8 miljoen ynwenners.

Befolkingsgroepen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt de ein fan de achttjinde iuw hawwe der ferskate migraasjes nei Brussel ta west, doe't der flechtelingen út omlizzende lannen, benammen Frankryk, nei Brussel ferfearen. Fan 1871 ôf flechten in soad Paryske Kommunarden nei Brussel, dêr't se polityk asyl krigen. Nei de yndustrialisaasje setten in soad wurklju harren nei wenjen yn de stêd, ynearsten fan it plattelân fan Belgyske, benammen Flaamske, provinsjes en Frankryk, letter in soad út Súd-Jeropa en dêrnei fan East-Jeropa en Afrika.

Hjoed-de-dei binne der yn Brussel grutte groepen en mienskippen fan ymmigranten. Neffens Statbel, it Belgyske Buro foar de Statistyk wie yn 2020 74,3% fan de befolking fan it Brusselsk Haadstedsk Gewest fan bûtenlânsk komôf en 41,8% wie fan net-Jeropeesk komôf. In tred fan de befolking fan it gewest is berne yn it bûtenlân, wylst de rest berne yn Belgje is. De grutste groepen fan migranten binne fan Marokkaansk en Turksk komôf, mank mei Frânsktalige swarte Afrikanen út eardere Belgyske koloanjes, lykas de Demokratyske Republyk Kongo, Rûanda en Boerûndy.

Twatalich Frânsk-Nederlânsk strjitbuordsje
De Wikipedy hat ek in side Ferfrânskjen fan Brussel.
Talen sprutsen yn it Brusselsk Haadstedsk Gewest:

██ Frânsk

██ Nederlânsk en Frânsk

██ Nederlânsk

██ Frânsk en oare taal

██ Gjin Nederlânsk of Frânsk

Brussel wie ynearsten in Nederlânsktalige stêd, dêr't it Brusselsk, it pleatslike Brabânske dialekt sprutsen waard. Yn de lêste twa iuwen, benammen nei de Belgyske ûnôfhinklikens waard it Frânsk de oerhearskjende taal. De assimilaasje fan de pleatslike Flaamske befolking troch in grutte ynstream fan Frânske en Waalske ymmigranten late dêr ta. It Nederlânsk, dêr't de standerdisaasje yn Belgje noch amper fan trochset hat, koe it net opbokse tsjin it Frânsk, dat de taal fan it rjocht, bestjoer, it leger, ûnderrjocht, kultureel libben en de media waard.

Alhoewol't de mearderheid oant yn de twadde helte fan de tweintichste iuw twatalich wie, rûn de trochjefte fan âlden op bern yn it Brabânsk dialekt fan Brussel tebek, dat late ta it tanimmen fan ientalich Frânsktaligen, dy't yn oantal de ientalich Nederlânsktaligen oertroffen. Yn de 1960-er jierren kaam der suver in ein oan dat proses nei't de taalgrins offisjeel fêststeld waard, de status fan it Nederlânsk wetlik fêstlein waard en it ekonomysk swiertepunt him nei it noarden yn Flaanderen ferpleatste. Yn Brussel bleau Nederlânsk in minderheidstaal, benammen ek troch de oanhâldende ymmigraasje om utens nei Brussel ta en Brussel it sintrum fan ynternasjonaal polityk waard. Boppedat wreide de Brusselske agglomeraasje him hieltyd fierder út, dêr't in tal Nederlânsktalige gemeenten yn de Brusselske perifery kamen en dus ek ûnder Frânske ynfloed kamen. Dat fenomeen fan ferfrânskjen, ek wol de "oaljeflek" neamd troch syn tsjinstanners, is mank mei de takomst fan Brussel ien fan de meast kontroversjele ûnderwerpen yn de Belgyske polityk.

Hjoed-de-dei is it Brusselsk Haadstedsk Gewest, allyk de 19 gemeenten, wetlik in twatalich gebiet dêr't Frânsk en Nederlânsk beide offisjele status hawwe. Lykwols de problemen binne de wrâld noch net út.

Katedraal fan Sint-Michiel en Sint-Goedele, ko-katedraal fan it Aartsbisdom Mechelen-Brussel
Grutte Moskee fan Brussel

Oarspronklik wie Brussel foar it grutste part roomsk-katolyk, benammen nei it fuortjeien fan de protestanten yn de sechtjinde iuw. It bewiis dêrfoar is it grutte tal roomske tsjerken yn de stêd Brussel. De grutte Katedraal fan Sint-Michiel en Sint-Goedele yn it sintrum fan Brussel is de ko-katedraal fan it Aartsbisdom Mechelen-Brussel. De Nasjonale basilyk fan it Hillich Hert yn it noardwesten fan it gewest op de grins fan de gemeenten Koekelberg en Ganshoren is in basilica minor en karspeltsjerke en is ien fan de grutste tsjerkegebouwen fan de wrâld. Yn de Us-Leaffroutsjerke (Laken) binne leden fan de Belgyske keninklike famylje begroeven yn de Keninklike Krypt.

Troch de grutte groepen migranten is Brussel in multykulturele stêd en is der in ferskaat oan religieuze minderheden. Neffens in peiling yn 2016 wie 40% fan de befolking fan Brussel katolyk, dêr't 12% fan nei tsjerke ta giet, 30% wie net-religieus, 23% moslim, 3% protestantsk en 4% fan oare religyen lykas Anglikaansk, Eastersk-otterdoks, Joadsk en boedistysk.

Brussel hat in grutte mienskip fan moslims, it measte fan Marokkaansk, Turksk, Syrysk of Guineesk komôf. De Grutte Moskee fan Brussel, yn it Jubelpark is de âldste moskee yn Brussel.

20 km fan Brussel

Sport yn Brussel is ûnder de ferantwurdlikens fan de Mienskippen fan Belgje. De Administration de l'Éducation Physique et du Sport (ADEPS) is ferantwurdlik foar it erkennen fan de ferskate Frânsktalige sportferienings en it behear fan trije sportsintrums yn it Brusselsk Haadstedsk Gewest. Syn Nederlânsktalige tsjinhinger is Sport Vlaanderen (earder BLOSO neamd).

Kening Boudewijnstadiom

It Kening Boudewijnstadion (earder it Heizelstadion) yn it noardwesten fan de stêd Brussel, is de grutste yn it lân mei goed 50.000 sitplakken en is it thúsplak foar nasjonale fuotbal- en rugbyteams. It stadion wie it plak fan de finale fan it Jeropeesk Kampioenskip fuotbal 1972 en de iepeningswedstriid fan it Jeropeesk Kampioenskip fan 2000. Ferskate finales fan de Eurocup waarden dêr spile, wêrûnder dy fan 1985 tusken Juventus FC en Liverpool FC dêr't 39 minsken by omkamen troch fjochterijen tusken fuotbalfandalisten en it ynstoarten fan in muorre dy't bekend kamen te stean as it Heizeldrama. Fierders wurdt it stadion ek foar sportaktiviteiten brûkt, lykas de Memorial Van Damme, in wichtich atletykevenemint.

Yn de strjitten fan Brussel wurde elts jier de Maraton fan Brussel en de 20 km fan Brussel rûn.

By it fytsen is de stêd it einplak fan de klassike Parys-Brussel. Yn de lêste desenniums fan de 20e iuw waard yn Brussel de Grutte Priis Eddy Merckx riden. Fan foar de Earste Wrâldkriich oant de iere 1970-er jierren waard regelmjittich de Seisdagetocht fan Brussel dien.

R.S.C. Anderlecht, dy't syn thúsplak yn it Constant Vanden Stock Stadium yn Anderlecht hat, is ien fan de meast suksesfolle Belgyske fuotbalklups yn de Earste Klaase A, de heechste Belgyske difyzje. Fierder is Brussel it thúsplak fan Union Sint-Gillis dy't foar de Twadde Wrâldkriich de meast suksesfolle klup wie. De klup waard oprjochte yn Sint-Gillis, mar hat syn thúsplak yn Vorst, en spilet yn de Earste Klasse A. RWC Brussel spilet yn de twadde difyzje. RWD Molenbeek 47 fan Sint-Jans-Molenbeek spilet ek yn de twadde difyzje.

It sakedistrikt Noardwyk (Quartier Nord/Noordwijk yn it noarden fan Brussel

De ekonomy fan Brussel bestiet foar it grutste part út de tsjinstesektor, omreden de stêd as it bestjoersintrum fan Belgje en Jeropa tsjinnet. Der binne haadkantoaren fan ferskate multynasjonale en regionale bedriuwen, Jeropeeske ynstellings en fan it pleatslik en federaal bestjoer en de dêroan besibbe tsjinsten. In soad fan dy ynstellings en bedriuwen binne fêstige yn it sakedistrikt Noardwyk (Quartier Nord/Noordwijk) yn it noarden fan Brussel, dy't lykas de Amsterdamske Súdas it Brusselske sakedistrikt is. Jeropeeske ynstellings binne fêstige yn de Jeropeeske wyk yn it easten fan de stêd Brussel.

Der binne nettsjinsteande dat ek fakwurkbedriuwen lykas Brouwerij Cantillon, in bierbrouwerij fan lambyk sûnt 1900.

Der binne likernôch 50.000 saken fêstige yn Brussel, dêr't der 2.200 bûtenlânsk fan binne. De Brusselske Oandielebeurs, BSE, hjoed-de-dei Euronext Brussels neamd, is part fan de Jeropeeske oandielebeurs Euronext N.V., mank mei de oandielebeurzen fan Amsterdam, Parys en Lissabon.

Haadgebou op it Solbosch-kampus fan de Université libre de Bruxelles (ULB)

Brussel hat ferskate universiteiten. Utsein de Keninklike Militêre Skoalle, binne alle oare universiteiten en hegeskoallen privee-eigendom en selsstannich.

De Université libre de Bruxelles (ULB), in Frânsktalige universiteit mei likernôch 20.000 studinten hat trije kampussen yn de stêd en syn Nederlânsktalige susteruniversiteit, de Vrije Universiteit Brussel (VUB) hat likernôch 10.000 studinten. Beide universiteiten stamje ôf fan de Frije Universiteit Brussel, oprjochte yn 1834, dy't yn 1970 opspjalte waard tagelyk doe't de Flaamske en Frânske Mienskippen oprjochte waarden dy't doe de wetlike ferantwurdlikens oer it bestjoer fan heger ûnderrjocht bemachtigen.

Saint Louis Universiteit Brussel, bekend as UCLouvain Saint Louis - Bruxelles, waard yn 1858 oprjochte en is spesjalisearre op it mêd fan sosjale en minskilike wittenskippen. De universiteit hat 4.000 studinten en hat twa kampussen yn de stêd Brussel en Elsene.

Oare universiteiten hawwe kampussen yn Brussel, lykas de Frânsktalige Katolike Universiteit fan Louvain (UCLouvain) mei 10.000 studinten, en hat sûnt 1973 medyske fakulteiten op UCLouvain Bruxelles Woluwe tafoege oan de fakulteit arsjitektuer, arsjitekturele ûntjouwing en romtlike oardering. De universiteit hat ek in Nederlânsktalige susteruniversiteit, Katholieke Universiteit Leuven (KU Leuven) mei 4.400 studinten en biedt bachelor en master-opliedings oan sa as bygelyks yn ekonomy & ûndernimmen, rjochten, keunsten en arsjitektuer.

Fierder binne der in tal hegeskoallen yn Brussel, lykas de Nederlânsktalige Erasmus Hogeschool Brussel mei 5.500 studinten. Fierder binne der de yn 1832 oprjochte Frânsktalige dramaskoalle Conservatoire Royal en syn Nederlânsktalge tsjinhinger Koninklijk Conservatorium.

Primêr en sekundêr ûnderrjocht stiet ek ûnder de ferantwurdlikens fan de Flaamske en Frânske Mienskippen. 80% fan de skoallen binne Frânsktalich en 20% binne Nederlânsktalich, lyk mei it persintaazje sprekkers fan de Brusselske befolking.

Ferkear en ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Brussels Airport Zaventem

It Brusselsk Haadstedsk Gewest wurdt troch twa lofthavens betsjinne, dy't lykwols bûten de grinzen fan it gewest fêstige binne. De grutste is Brussels Airport, dy't fêstige yn de njonkenlizzende Flaamske gemeente Zaventem, 12 km noardeastlik fan de stêd Brussel. De twadde lofthaven is Lofthaven Brussel Súd Charleroi yn Charleroi yn de provinsje Henegouwen, 50 km súdwestlik fan Brussel. Fleanbasis Melsbroek, yn Steenokkerzeel is in militêr fleanfjild, dy't de ynfrastruktuer mei Brussels Airport dielt. Dy trije fleanfjilden binne de trije nasjonale lofthavens fan Belgje.

Haven fan Brussel

De haven fan Brussel bestiet al sûnt de 16e iuw. Yn de rin fan de iuwen waard de haven útwreide en woeks út ta de twadgrutte binnenhaven fan Belgje. De haven leit yn it noardwesten fan it gewest oan it Seekanaal Brussel-Skelde, ek wol it Kanaal fan Willebroek neamd, dy't Brussel, oer Antwerpen en de Skelde mei de Noardsee ferbynt. Laadskippen mei in gewicht oant 4.500 ton kinne de haven berikke. It Kanaal fan Willebroek is ferbûn mei it Kanaal Charleroei-Brussel, dy't in ûnderdiel foarmet fan in wetterwei-ynfrastruktuer fan Nederlân troch Flaanderen ta it yndustrygebiet fan Henegouwen. It Kanaal Charleroi-Brussel rint troch gebiet mei hichteferkillen en dy wurde ferholpen troch it delrinnend flak fan Ronquières en de slûzen fan Strépy-Bracquegnies.

In trein fan Intercity-Express op Stasjon Brussel-Noard

It Brusselsk Haadstedsk Gewest wurdt troch trije haadstasjons betsjinne: Stasjon Brussel-Súd, Stasjon Brussel-Sintraal en Stasjon Brussel-Noard, dy't alle trije de drokste fan Belgje binne. Brussel-Súd hat ferbining mei de hegefaasjeline troch Eurostar mei Londen troch de Kanaaltunnel, troch Thalys mei Amsterdam, Parys en Keulen en troch Intercity-Express mei Amsterdam, Keulen en Frankfurt.

It spoar yn it sintrum fan Brussel rinne ûndergrûns, troch de Noard-Súd-ferbining. Stasjon Brussel-Sintral leit foar it grutste part ûndergrûns.

It metroneturk fan Brussel

Brussel hat sûnt 1976 in metronetwurk en is it iennige metronetwurk yn Belgje, Antwerpen en Charleroi hawwe beide in lightrailnetwurk. It metronetwurk fan Brussel bestiet út fjouwer metrolinen. De metrolinen, M1, M2, M5 en M6 dy't op guon plakken de rûte diele, hawwe in totale lingte fan 40 km en betsjinje in totaal fan 69 metrostasjons. It metronetwurk is ferbûn oan seis treinstasjons yn it gewest.

De Ring Brussel

Brussel is it mulpunt fan ferskate nasjonale diken, lykas de N1 nei Breda, de N2 nei Maastricht, de N3 nei Aken, N4 nei Lúksemboarch, N5 nei Reims, N6 nei Maubeuge, N7 nei Lille, N8 nei Koksijde en N9 nei Oostende. Se binne almeast stiendiken (chaussées/steenwegen) neamd en dy diken rinne ornaris yn rjochte linen.

Brussel hat twa ringwegen: de Lytse Ring, nûmere R20 of NO, bestiet út in rige bûlevaars dy't op it plak fan de âlde stedsmuorren boud waarden om it âlde sintrum, de Fiifhoeke, hinne; de Grutte Ring, nûmere R0, besteande út autosneldiken dy't mei de E19, E40, E411 en A12 ferbynt.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en literatuer, sjoch:

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bruxelles - Brussel fan Wikimedia Commons.
Belgje
Gewesten:
Flaamsk Gewest (Flaanderen) • Waalsk Gewest (Walloanje) • Brusselsk Haadstedsk Gewest
Mienskippen:
Flaamske MienskipFrânske MienskipDútsktalige Mienskip
Provinsjes:
Flaamske provinsjes:
AntwerpenLimburchEast-FlaanderenWest-FlaanderenFlaamsk-Brabân
Waalske provinsjes:
HenegouwenLuikLúksemboarchNamenWaalsk-Brabân
· · Berjocht bewurkje