Ikker

Ut Wikipedy
In ikker beplante mei sinneblommen.
In skilderij fan in lânskip mei ikkers fan Vincent van Gogh (Auvers, 1890).

In ikker of in stik boulân is in lape troch de minske foar de lânbou bewurke grûn, dêr't lânbougewaaksen, lykas nôt, jirpels of sûkerbiten op ferboud wurde. It wurd "ikker" komt oarspronklik fan it Latynske ager, dat itselde betsjut. It Latynske wurd agricola betsjut dan "lânbouwer" (colo is "bewurkje"). (De Fryske efternamme "Agricola" is dus in latinisearring fan "De Boer", krekt sa't "Nauta" in latinisearring fan "Visser" is.)

In ikker moat ûnderskaat wurde fan in greide, dat in stik ûnbeboud gerslân foar de feehâlderij is. Ikkers wurde faak fan oare perselen grûn ôfsletten troch sleatten, beamwâlen of ôffredings mei izertrie, stikeltried of, yn it bûtenlân faak, hagen of muorkes. De moderne ekology draacht it idee út om fan 'e ikkerseame in faunarâne te meitsjen, sadat de wylde natoer dêr in better kâns kriget om te oerlibjen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.