Nasjonale basilyk fan it Hillich Hert

Ut Wikipedy
Nasjonale basilyk fan it Hillich Hert
bouwurk
Koekelberg basilica.jpg
lokaasje
lân Flag of Belgium.svg Belgje
regio Flag of the Brussels-Capital Region.svg Brussel
plak Greater coat of arms of the City of Brussels.svg Brussel
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier 1905-1970
arsjitekt Albert Van huffel, Pierre Langerock, Paul Rome
boustyl Art déco
oare ynformaasje
hichte 93 meter
lingte 141 meter
offisjele webside
Offisjele side

De Nasjonale basilyk fan it Hillich Hert (Frânsk: Basilique Nationale du Sacré-Cœur; Nederlânsk: Nationale Basiliek van het Heilig Hart) is in katolyk tsjerkgebou, dat tusken 1905 en 1970 yn art déco-styl boud waard. De tsjerke is op fjouwer nei it grutste tsjerkegebou yn 'e wrâld en stiet op it gebiet fan de Brusselse gemeenten Koekelberg en Ganshoren; de grins tusken de gemeenten rint dwers troch de tsjerke hinne. Sadwaande wurdt de tsjerke ek wol de Koekelbergbasilyk (Basilique de Koekelberg of Koekelbergbasiliek) neamd. De tsjerke wurdt brûkt foar nasjonale plechtichheden, mar dêrnjonken ek foar de gewoane parochytsjinsten.

Bouskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik ûntwerp

De bou fan de basiliyk waard ûnder kening Leopold II yn it ramt fan it 75-jierrige jubileum fan de ûnôfhinklikens fan Belgje yn opdracht jûn. Ynearsten soe de tsjerke neffens in neogoatysk ûntwerp fan de arsjitekt Pierre Langerock boud wurde. Op 12 oktober 1905 lei de kening de earste stien foar dy tsjerke.

Ynterieur

It útbrekken fan de Earste Wrâldkriich makke lykwols ynearsten in ein oan de bouwurksumheden. Nei de kriich wiene de finansjele middels beheind en yn 1920 waard de Flaamske arsjitekt Albert van Huffel frege om mei nije tekenings te kommen. Nei't de fûneminten foar it nije ûntwerp oanpast wiene, koe der yn 1930 útein set wurde mei de bou fan de apsis, dy't yn 1935 foltôge waard. Nei in ûnderbrekking fanwegen de Twadde Wrâldkriich waard de tsjerke nei de befrijing foltôge. Op 28 jannewaris 1952 ferliende Pius XII de tsjerke de status fan basilica minor. Oant 1969 waard der noch trochwurke oan de tuorren, de koepel en de sydskepen. Tagelyk mei de fiering fan it 25-jierrich biskopsjubileum fan kardinaal Suenens waard op 11 novimber 1970 de algehiele foltôging fan de basilyk betocht.

De tsjerke hat yn de hjoeddeiske foarm in lingte fan 141 meter (haadskip) en in breedte fan 107 meter (dwersskip). Dêrmei is de basilyk ien fan de grutste tsjerkegebouwen fan 'e wrâld en it grutste art-déco-monumint yn 'e wrâld. De tsjerke jout plak oan 2.000 minsken. De koepel hat in trochsnit fan 33 meter en in hichte fan 93 meter. Fanôf in hichte fan 53 meter is dêr in plafoarm mei it útsicht oer it sintrum fan de haadstêd.

Yn 'e moarntiid fan 21 july, de nasjonale feestdei fan Belgje, wurdt yn oanwêzigens fan de Belgyske keninklike famylje alle jierren in tanktsjinst mei Te Deum fierd. De tsjinst is it startsein fan de feestlikheden fan de nasjonale feestdei.

Musea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de basilyk binne twa musea ûnderbrocht. Der is in museum foar hjoeddeiske religieuze keunst en in museum dêr't it erfgoed fan de Swarte Susters, dy't oant 1998 harren kleaster yn it sintrum fan Brussel hiene, útstald wurdt.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 1958 troch de oargelfirma Loncke boud en dêrnei ferskate kearen fergrutte. It ynstrumint hat 51 registers op trije manualen en pedaal. De traktueren binne elektropneumatysk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: