Ko-katedraal
Appearance
In ko-katedraal is in katedrale tsjerke, dy't de funksje fan biskopstsjerke dielt mei in katedraal op in oar plak binnen de grinzen fan itselde bisdom. De namme fan it bisdom draacht dan njonken de namme fan it plak fan de katedraal ek de namme fan it plak dêr't de ko-katedraal stiet.
Yn Nederlân is de Louwerter Bonifatiustsjerke in ko-katedraal fan it bisdom Grins-Ljouwert. De katedraal fan dat bisdom is de Sint-Joazefkatedraal yn de stêd Grins.