Sint-Joazefkatedraal (Grins)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Sint-Joazefkatedraal

Sint-Jozefkathedraal

Sint-Jozefkathedraal - achteraanzicht.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
plak Groningen stad wapen.svg Grins
adres Radesingel 2
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1885-1887
arsjitekt P.J.H. Cuypers
boustyl Neogotyk
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 18669
webside Sint-Martinusparochy, Grins

De Katedrale Tsjerke fan de H.H. Martinus en Joazef (ek: Sint-Joazefkatedraal) is de katedraal fan it bisdom Grins-Ljouwert.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard yn de jierren 1885-1887 neffens in ûntwerp fan de arsjitekt Pierre Cuypers boud yn neogotyske styl. It tsjerkebestjoer hie opdracht jûn in nije parochytsjerke te bouwen yn ferbân mei de oanlis fan de Oosterpoortwijk. De tsjerke krige in 76 meter hege slanke seishoekige toer mei in iepen izeren spits. Ek de pastory, dy't njonken de katedraal stiet, is in ûntwerp fan Cuypers .

Om't de nije stedsútwreiding benammen befolke waard troch arbeiders, krige de tsjerke as patroanhillige Sint-Joazef. De wijing fan de nije tsjerke fûn plak op 25 maaie 1887. Nei't yn 1970 de Sint-Martinuskatedraal oan de Broerstraat ôfstjitten waard, krige de Joazeftsjerke yn 1981 de status fan katedraal fan it bisdom Grins-Ljouwert.

De katedraal waard yn 1974 op de list fan Ryksmonuminten byskreaun.

Yn de jierren 1980 drige sluting en ôfbraak fan de katedraal. Safier kaam it net en der folge in fasearre restauraasje. Ek it ynterieur ûndergyng in renovaasje, wêrby't inkelde feroarings út de jierren 1950 werom draaid binne.

Ynterieur

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By it yn gebrûk nimmen fan de tsjerke wie it ynterieur noch ienfâldich mei wyt pleistere muorren en inkele fersierings. De oanklaaiïng fan de tsjerke fûn yn de rin fan de tiid plak mei help fan jeften fan rikere parochianen. De gewoane ramen waarden ferfongen troch glês-yn-leadramen en der kamen liedklokken.

It oarspronklike meubilêr bleau foar in grut part bewarre. In diel dêrfan is ôfkomstich út it atelier fan Cuypers. It oare diel fan it meubilêr waard foar in grut part levere troch it Sint-Bernulfusgilde (Utert).

Oargels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't yn 1904 Frans Eppink pastoar fan de parochy waard, joech dy de opdracht oan de oargelmakker Michaël Maarschalkerweerd in oargel foar de tsjerke te bouwen. Dat oargel waard yn de jierren 1905-1906 réalisearre en krige 24 registers, ferdield oer Haadwurk, Posityf en frij pedaal. Tusken de beide kassen waard noch in front tafoege, dêr't plak reservearre wie foar de pipen fan in noch net besteand tredde manuaal. Sa fier kaam it lykwols net en yn 1942 waard it tuskenfront wer ferwidere.

Yn 1948 folgen der in renovaasjes fan it oargel plak en feroarings yn de disposysje. Letter waard de steat fan it ynstrumint jimmeroan minder, oant it ynstrumint yn de jierren 1990 net mear te bespyljen wie en it koeroargel it wurk fan it haadoargel oernimme moast.

By de restauraasje fan 2004-2005 troch Adema's Kerkorgelbouw út Hillegom waard de disposysje fan it oargel hielendal werom brocht yn de orizjinele steat. Ek it tuskenfront waard by dy gelegenheid wer rekonstruearre.[1][2]

Njonken it haadoargel stiet der noch in koeroargel fan de firma Adema-Schreurs. It ynstrumint waard yn 1944 boud.[3]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]