Triomfkrús

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ryk fersierd triomfkrús yn de lutherske tsjerke fan Öja (Gotlân)

In Triomfkrús is in monumintaal krús dat tradysjoneel foar it koer fan in katolike (mar ek lutherske) tsjerken ûnder de triomfbôge stiet of hinget. It begryp "triomf" ferwiisd yn dizze kontekst nei de oerwinning fan de opstiene Heare op de dea.

Eartiids stie it krús fakentiden op in doksaal, dat it koer fan it tsjerkeskip skiede. Ek komt it foar dat it triomfkrús op in balke of stange stiet (de triomfbalke), fakentiden beselskippe fan de bylden fan Marije en Jehannes de Evangelist, of ienfâldich oan in keatling of in koarde hinget.

It triomfkrús is hast altiten moai fersierd en fakentiden binne it wiere keunstwurken.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]