Finsterwolde
Finsterwolde | ||
Utsicht op Finsterwolde (2011) | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Aldamt | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.405 (2023) [1] | |
Oerflak | 42,1 km² wêrfan lân: 41,18 km² wêrfan wetter: 0,92 km² | |
Befolkingsticht. | 57 ynw. / km² | |
Oar | ||
Postkoade | 1419 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 12' N 7° 5' E | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Lokaasje Finsterwolde yn eardere gemeente Reiderlân |
Finsterwolde (Grinslânsk: Finnerwol of Finnerwold) is in doarp yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân. Yn 2019 hie it doarp neffens it CBS 2.240 ynwenners, dêr't ek de kearnen Ekamp, Ganzedijk, Goldhoorn, Hardenberg, Hongerige Wolf en Veenhuizen ûnder falle. It doarp mei dy kearnen foarmen de eardere gemeente Finsterwolde, dy't yn 1990 opgie yn de gemeente Reiderlân. It oerflak fan dy eardere gemeente wie 42,16 km²
It doarp Finsterwolde sels telt likernôch 1250 ynwenners.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme is mooglik ôflaat fan it Aldfryske wins(t)era, dat "lofts" of "noardlik" betsjutte kin. De namme soa dan "lofts/noardlik fan it sompebosk" betsjutte. Nijsgjirrig is de namme fan de lytse rivier Fimell Ee of Fymele Ae, dy't yn 1391 Finser Ee neamd waard. Dy rivier ûntsprong by Oostwold en foarme ûnder de namme Oude Ae de grins mei Finsterwolde. It rûn nei alle gedachten nei it lettere eilân Munnikeveen, tichteby it kleaster Palmar en mûne fierderop út yn de Iems by Fiemel.
Yn 1319 waard Fynserwald foar it earst neamd en yn in ferdrach út 1391 waard Finsterwolda neamd. Yn in oar ferdrach út 1420 wurde Ffinsterwolde en Oistfinsterwolde neamd. Beide plakken wiene oant de ein fan de fyftjinde iuw selsstannige karspels en wurde sa neamd yn de parochylist fan it Bisdom Múnster ûnder de doarpen fan it goa Aldamt. Mooglik binne de nammen yn dy list âlder: Westwinserwalda en Astwinserwalda. Letter ferskynden de nammen: Ffinserwolde (1454), West- en Oistfinserwolde (1500), Vynsterwold (1506), Fynzerwolde (1511), Fijnssewolde (1522), Finserwolde (1554) en Finsserwolt (1561).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Finsterwolde ûntstie mooglik al yn de tsiende iuw en wie in âlde feanterijdelsetting. Benoarden it doarp lizze op syn minst twa âlde tsjerkedoarpen. De romanogoatyske tsjerke fan Finsterwolde moat oan de ein fan de trettjinde iuw boud wêze. Oerbliuwsels fan de ferdwûne Sint-Nikolaastsjerke fan East-Finsterwolde waarden tusken Ganzedijk en Veenhuizen fûn. Dat doarp waard om 1500 hinne troch "it wetter fernield" (Oistfinsterwolde aqua destructa). Yn 1454 waard fan Finsterwolde ôf in nije seedyk oanlein dy't de úttynjende Doalert stopje moast. Dy dyk rûn fan Palmar nei de Punt fan Reide. Nei tolve jier moast dy dyk opjûn wurde en dêrnei koe it seewetter Wagenborgen al berikke.
Yn de buorskip Goldhoorn wie der yn 1319 in kommanderije fan de Johanniteroarder, yn 1424 Golthorna neamd. Om 1475 hinne wurdt de namme fan dat kleaster yn ferbân brocht mei de ferdronken parochy Go(l)thorne. Dat Closter tho Golthorn waard yn 1498 noch neamd, mar neffens in akte út 1494 wie it net mear as in foarwurk fan de kommanderije fan Easterwierrum. Yn 1540 waard it foarwurk foar it lêst neamd en yn 1574 wie it lânguod yn it besit fan de famylje Sickinge út Warffum, dy't dêr in uterdyks tichelwurk bedreau.
It Premonstratinzer kleaster Palmar hie ek in foarwurk yn Finsterwolde, dat yn 1447 oan it Kleaster Blomhof yn Witewierrum oerdroegen waard en dat neitiids mooglik yn de Doalert ferdronk.
De súdgrins fan de karspels Finsterwolde en East-Finsterwolde waard troch de lytse rivier de Tsjamme foarme, dat in rjochtlutsen feanrivierke wie en, dy't de grins tusken it Aldamt en it Reiderlân en tagelyk tusken de bisdommen Múnster en Osnabrück foarme.
Lettere ûntwikkelings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei 1550 waard it opslike lân fan de Doalert stadichoan fannijs ynpoldere, en kaam der in soad wurkgelegenheid yn de lânbou. Dêrmei woeks Finsterwolde ta in woltierich doarp. Oant yn de achttjinde iuw waard it klaailân benammen brûkt as greide, mar yn de njoggentjinde iuw waard nei de ikkerbou oerskeakele. De tsjinstellings tusken de boeren en de lânwurklju waarden yn dy snuorje jimmeroan grutter. Leech lean, lange wurkdagen en it minne húsfêstjen fan de lânwurklju laten ta dat de arbeiders harren fersetten en yn opstân kamen. De sosjalistyske foarman Ferdinand Domela Nieuwenhuis en de Kommunistyske Partij Nederlân (CPN) waarden tige populêr. Oan 'e ein fan de njoggentjinde iuw en yn de iere tweintichste iuw waarden rebûljes mei geweld delslein.
Yn 1929 wie de grutste lânwurkersstaking dy't ea yn Nederlân holden waard. 5000 manlju en froulju yn it Aldamt staakten goed fiif moanne lang, fan 1 maaie oant 12 oktober, tsjin rike en machtige wurkjouwers, tsjin boeresoannen en tsjin de kristlike fakbûn. Nei it staken fan 1919 waarden der stadichoan maatregels tsjin de lânwurklju naam. It lean waard yn 1923 ferlege ta it nivo fan foar 1914 en yn 1924 easken de boeren in ferheging fan de wurktiid nei 53 oant 56 oeren. De reden dêrfoar wie de sakke lânbouprizen. Oan de ein fan de tweintiger jierren ferbettere de tastân en winsken de lânwurklju it ferheegjen fan harren lean mei 15 prosint. Om't it lean yn it Aldamt it leechst wie, setten de ûnderhannelings dêr dan ek útein, mar mislearren al rillegau. It staken dat dêr op folge wie grym en hurd. Der kaam in ferbod op gearkloftsjen en lânwurklju kamen troch fjochterijen yn de sel terjochte. Wurkjouwers spanden prosessen oan en set lânwurklju út harren wenten. By rebûlje mei de maresjesee waard der yn Finsterwolde in man deasketten dy't neat mei it staken te krijen hie, Eltjo Siemens (1898-1929). It staken waard lang om let delslein.
Kommunisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar in skoft wie Finsterwolde de iennige gemeente mei in kommunistyske mearderheid yn de gemeenterie. Kontroversjele besluten fan de gemeente laten yn 1951 yn de Kâlde Kriich ta it beneamen fan in regearskommissaris troch de minister fan Binnenlânske Saken. Oanlieding dêrta wie it takennen fan útkearings oan stakers troch de gemeente. Gemeentelju dy't wegeren dy maatregel fan de gemeente út te fieren, waarden ûntslein. De Kroan ferneatige einlings dy ûntslaggen wer. Yn de jierren dêrfoar moast de Kroan gauris besluten fan de gemeente ferneatigje, gauris op oantrunen fan PvdA-boargemaster Harm Tuin.
De gemeenterie en wethâlders, lykas de kommunistyske wethâlder Harm Haken, krigen dien en fanút De Haach waard de boargemaster yn 1951 troch it regear as regearskommissaris oansteld en bestjoer de gemeente. Dy tastân einige yn 1953, nei de folgjende gemeenteriedsferkiezings dy't ek wer troch de kommunisten wûn waard. Boargemaster Tuin hie lykwols de regels fan it Gemeentlik Earmbestjoer justjes feroare, lykas it beneamen fan bestjoersleden net allinnich mear in saak fan de gemeenterie wie en riedsleden ynearsten ek gjin tagong mear ta gearkomsten. Yn buorgemeente Beerta wie der in likense tastân yn 1934/1935. Finsterwolde helle dêrmei it wrâldnijs en waard ek wol Little Moscow neamd.
De gemeente Finsterwolde waard yn 1990 gearfoege mei Beerta en Nijeskâns ta de gemeente Reiderlân, dy't yn 2010 wer gearfoege waard mei Scheemda en Wynskoat ta de nije gemeente Aldamt.
Berne yn Finsterwolde
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Harm Tuin (1896-1972), boargemaster
- Jan Tuin (1900-1972), politikus en boargemaster
- Jan Haken (1912-1956), versetstrider en politikus (CPN)
- Albert Waalkens (1920-2007) grutboer, galeryhâlder en avant-garde keunstpromotor
- Jan Fokkens (1938), politikus
- Ties Koek (1939-2014), boargemaster (PvdA)
- Wim Zomer (1945), akteur
- Arie Haan (1948), âld fuotballer en fuotbaltrener
- Jogchum Schuur (1977), sjonger
-
Frijsteande toer fan de Herfoarme tsjerke fan Finsterwolde
-
Aldamtster pleats oan 'e Goldhoorn
-
Filla Sonnevanck
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeente Aldamt | ||
---|---|---|
Stêd: Wynskoat | ||
Doarpen: Bad Nijeskâns • Beerta • Blauwestêd • Drieborg • Finsterwolde • Hilligerlee • Midwolda • Nieuw-Beerta • Nieuwolda • Nieuw-Scheemda • Oostwold • Scheemda • 't Waar • Westerlee | ||
Buorskippen: Aldedyk • Aldesyl • Beersterhoogen • Bikkershorn • Boneskâns • Eexta • Ekamp • Finsterwolderhamrik • Ganzedijk • Goldhoorn • Hamdyk • Hardenberg • Hongerige Wolf • Kostverloren • Kromme-Elleboog • Meerland • Napels • Niesoord • Nieuwe Statenzijl • Nieuwolda-Oost • Oostwolderhamrik • Oude Statenzijl • Scheemderzwaag • Sint-Fitusholt • Suderfean • Tranendal • Ulsda • Wynskoaterhegebrêge • Wynskoatersyl | ||
Polders: Kroonpolder • Oostwolderpolder • Reiderwolderpolder • Stadspolder | ||
Wetter: Aldamtmar • Doalert • Rensel • Pekel A • Tsjamme • Westerwâldske Aa • Wynskoaterdjip | ||
· · |