Heechalter
It heechalter is it sintrale en belangrykste alter yn in roomske tsjerke. De measte roomske tsjerken hawwe in eastlike oriïntaasje en it haadalter stiet dêr altiten yn 'e meast eastlike hoeke fan 'e tsjerke, op it plak dêr't it preesterkoer sletten wurdt. It is ek it plak dêr't de sinne opkomt en dat ferwiist nei Jezus, dy't it ljocht fan 'e wrâld (Jehannes 8:12) en de sinne dy't alles goed makket (Maleächy 3:20) neamd wurdt. Dêrnjonken rjochtet de oriïntaasje him nei it plak dêr't Kristus neffens de Skrift werom komme sil (Mattéus 25:27).
As de tsjerke in heechalter hat, dan foarmet it tabernakel dêr yn 'e regel in sintraal ûnderdiel fan. Yn it tabernakel wurdt it Hillich Sakramint bewarre, de troch de preester wijde hosty's. Der binne lykwols ek wol frijsteande, (faak moderne) sakramintshúskes of (midsiuwske) sakramintshúskes yn 'e muorre fan it koer boud. Oarspronklik waard de earste lêzing út de Bibel fanôf de súdlike kant fan it alter en de lêzing út it Hillich Evangeelje fanôf de noardlike kant fan it alter lêzen. Dêrom wurde dy plakken de epistelkant resp. de evangeeljekant neamd. It heechalter is fakentiden it rykst fersierde alter yn 'e tsjerke en wat grutter de tsjerke, wat riker en moaier it heechalter mei keunstwurken is fersierd. It stiet ek heger as al it oare yn 'e tsjerke en fakentiden liedt in poadium mei in pear triemen nei it heechalter. Foar en nei it iepenjen fan it tabernakel wurdt der út earbied foar it alderhillichste knibbele.
Oant it Twadde Fatikaanske Konsylje droech de preester de misse op mei syn gesicht yn 'e rjochting fan it heechalter. Leken koene de missen net goed folgje, in tradysje dy't syn oarsprong hie yn 'e timpeltradysje fan it Joadedom. De liturgyske feroarings fan 'e jierren 1960 brocht in ferskowing fan it liturgyske sintrum mei en der in folksalter oanlein waard, in sintraal alter, dêr't de preester tenei mei it gesicht nei de minsken ta de misse opdraacht. De lêzingen wurde sûnt efter in ambo foarlêzen. De wurden epistelkant en evangeeljekant binne dêrfandinne wat yn ûnbrûk rekke.
Yn de tiid fan 'e reformaasje waarden de tsjerken yn Fryslân oan 'e oanhingers fan 'e kalvinistyske leare oerdroegen. It kalvinisme wie rigoereuzer as it lutheranisme yn it ferwiderjen fan alles dat oan 'e âlde roomske leare tinken die. Wylst yn lutherske tsjerken allinne de oerstallige sydalters ferwidere waarden en it heechalter bestean bleau, waarden yn 'e kalvinistyske tsjerken alle alters ynklusyf it heechalter ôfbrutsen.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory High altars fan Wikimedia Commons. |