Yndustrialisaasje

Ut Wikipedy
Yndustrialisaasje betsjutte ek de meganisaasje yn de lânbou dêr't eartiids it wurk mei de hân of mei help fan bisten útfierd waard
Swiere yndustry

Yndustrialisaasje of yndustrialisearring is it proses fan sosjale en ekonomyske feroarings fan in mienskip fan in agraryske ta in yndustriële maatskippij. Dat betsjut dat in folsleine ekonomy omfoarme wurdt ta in ekonomy dy't ornearre is foar de fabrikaazje. Yndustrialisaasje giet ornaris mank mei in grutte ôfhinklikens oan fossile brânstoffen en dat late ta yndustryen dy't op grutte skaal fersmoargjend wurkje.

Yn de snuorje fan yndustrialisaasje wurdt de arbeid, dy't eartiids troch de minske mei help fan bisten, lykas hynders, dien waard, omfoarme ta arbeid dy't troch masines útfierd wurdt. It omfoarmjen fan in ekonomy hat tagelyk ek grutte gefolgen op sosjaal en ekonomysk mêd. Troch de akseleraasje fan de produksje waakset de omset fan bedriuwen en dêrtroch ek it ynkommen fan de wurklju. Merken en tsjinsten fan alle soarten produkten wreidzje út en fuortsterkje dêrmei de ekonomyske groei en yndustriële ynvestearrings. De famyljestruktuer feroare dêr ta as gefolch dêr't eardtiids famyljeleden byinoar wennen en ôfhinklik faninoar wiene, dat neitiids folle minder it gefal wie.

De earste weach fan de Yndustriële Revolúsje sette yn de achttjinde iuw útein yn Grut-Brittanje. Yn de iere njoggentjinde iuw folgen al rillegau Belgje, Dútslân, Frankryk, Switserlân, Japan en de Feriene Steaten. Nederlân wie relatyf let, nei 1860, wylst der yn de sechtjinde en santjinde iuw in soarte fan yndustrialisaasje geande wie op it mêd fan wetterkrêft. Dy earste weach wie benammen it omfoarmjen fan in agraryske ta in yndustriële ekonomy. Dy earste weach waard letter ek wol de "Earste Yndustriêle Revolúsje" neamd.

De twadde weach, as Twadde Yndustriêle Revolúsje, kaam yn de mid njoggentjinde iuw nei de útfining fan stoommasines, ferbrâningsmoters, it brûken fan elektrisiteit en it oanlizzen fan grutte kanalen, spoarwegen en elekrisiteitskabels. Koalminen, stielfabriken en tekstylfabriken ferfongen it eigen hûs as it plak fan wurk.

Oan 'e ein fan de tweintichste iuw waard East-Aazje tige fluch yndustrialisearre. Fan 1960 oant 1990 ûntjoegen de Aziatyske Tigers, dy binne Hongkong, Singapoer, Taiwan en Súd-Koreä, harren tige fluch. Op it stuit ûndergeane de BRICS-lannen Brazylje, Ruslân, Yndia, de Folksrepublyk Sina en Súd-Afrika yndustrialisaasje.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part as alhiel oernommen fan de Ingelsktalige side. Sjoch hjir foar de boarnen en de bewurkingsskiednis.