Aken
Aken Aachen | ||
![]() | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 240.086 (2012) | |
Oerflak | 160,84 km² | |
Befolkingstichtens | 160,84 / km² | |
Hichte | 125 - 440 (173) m | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Provinsje | Noardryn-Westfalen | |
Boargemaster | Marcel Philipp (CDU) | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Koördinaten | ||
Webside | (dú) www.aachen.de |
Dizze side giet oer de stêd yn Dútslân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Aken (betsjuttingsside).
Aken (Dútsk en offisjeel: Aachen, Frânsk: Aix-la-Chapelle) is in stêdsdistrikt (kreisfreie Stadt) yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd leit deunby de grins mei Nederlân en Belgje, en sa'n 55 kilometer westlik fan de Dútske stêd Keulen.
De agglomeraasje fan Aken rikt oer de lânsgrins en hat plakken lykas Vaals en Kerkrade yn Nederlân en Kelmis yn Belgje.
Aken hat in lange skiednis en in ferneamde Dom. Aken wie it plak dêr't Karel de Grutte it leafst residearre en letter it plak êr't de Roomsk-Dútske keningen harren kroane lieten.
It is teffens in yndusriëel sintrum yn in gebiet dêr't stienkoal dylge wurdt en in wichtich spoarknooppunt mei oansluting op it hegesnelheidsspoar nei Keulen en Luik en de Montzenrûte nei de haven fan Antwerp. It fleanfjild fan Aken, Maastricht Aachen Airport, leit yn Nederlân, sa'n 30 km fan de stêd, tichteby it Limburchske Beek.
De RWTH Aken (Rheinisch-Westfälische Technische Hochschule) is ien fan de wichtichste technyske universiteiten, fral foar wurktúchboukunde, auto- en produksjetechnyk.
![]() | |
---|---|
Regierungsbezirke Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster Landkreise Kreisfreie Städte |