Springe nei ynhâld

Noardryn-Westfalen

Ut Wikipedy
Noardryn-Westfalen
Flagge Wapen
Vlag van Noord-Rijnland-Westfalen Wapen van Noord-Rijnland-Westfalen
Lokaasje yn Dútslân
Noord-Rijnland-Westfalen
Basisgegevens
Lân Dútslân
Haadstêd Düsseldorf
Oerflakte 34.080 km²
Befolking 17.924.591 (31-12-2021)
Befolkingstichtens 529 ynw./km²
Distrikten
Kaart van de Kreise (districten) in Noordrijn-Wesfalen

Noardryn-Westfalen / Noard-Rynlân-Westfalen (Dútsk: Nordrhein-Westfalen; ôfkoarte NRW) is ien fan de 16 Dútske dielsteaten, situearre yn it midden fan Dútslân mei in sterke ekonomy. De haadstêd fan Noardryn-Westfalen is Düsseldorf, de grutste stêd is Keulen. Oare wichtige stêden binne Aachen, Bonn, Dortmund, Duisburg, Essen en Münster. Noardryn-Westfalen hat likernôch 17,9 miljoen ynwenners (2021). De steat waard yn 1946 yn syn hjoeddeistige foarm oprjochte en waard yn 1949 in dielsteat fan 'e Bûnsrepublyk Dútslân (West-Dútslân). Underwilens wie doe yn 1947 de eardere steat Lippe al yn Nedersaksen opgien.

Noardryn-Westfalen leit yn it westen fan Dútslân en grinzet mei de klok mei oan Nedersaksen, Hessen, Rynlân-Palts, Belgje en Nederlân. De ôfstân fan súdwest nei noardeast is sa'n 260 kilometer. It noarden fan de dielsteat is ûnderdiel fan de Noarddútske flakte. Troch dat gebiet rinne de rivieren Lippe, Iems en Roer. Yn it westen fan de dielsteat leit oan beide kanten fan de Ryn, de grutste rivier fan de dielsteat en fan Dútslân, de Nederrynflakte. It leechste punt is 9,2 m boppe seenivo en leit yn it noardwesten fan de dielsteat. De oare gebieten fan Noardryn-Westfalen meitsje diel út fan it Dútske middelberchtme. It Wezerberchlân (oan 'e boppe-ein fan 'e Wezer) en Teutoburgerwâld) beslaan it noardeasten fan de dielsteat. De bergen fan it Rynlânsk Laaiplato besette it suden. Underdiel fan it Rynlânsk Laaiplato binne de Eifel yn it súdwesten, it Bergisches Lân yn it suden en it Sauerlân yn it súdeasten fan de dielsteat. It geografyske middelpunt fan 'e dielsteat leit yn 'e stêd Dortmund.

Lykwichtige temperatuer- en delslachpatroanen karaktisearje it klimaat. De gemiddelde jierlikse temperatueren lizze tusken de 5 °C en 10 °C, ôfhinklik fan de hichte. De jierlikse delslach leit tusken de 600 milymeter yn it leechlân en 1400 milymeter yn it middelberchtme.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noardryn-Westfalen bestiet út fiif Regierungsbezirke (bestjoerlike regio's), dy´t fiifresom wer ferdield binne yn 31 distrikten (Kreise) en 23 stedsdistrikten (kreisfreie Städte). Alles meiïnoar opteld hat de dielsteat gemeenten (yn 1997),

Regierungsbezirke (bestjoerlike regio's)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. Arnsberg
  2. Detmold
  3. Düsseldorf
  4. Keulen (Köln)
  5. Münster

Distrikten (Kreise)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. Aken (Aachen)
  2. Borken
  3. Coesfeld
  4. Düren
  5. Ennepe-Ruhr-Kreis
  6. Rhein-Erft-Kreis (voorheen Erftkreis)
  7. Euskirchen
  8. Gütersloh
  9. Heinsberg
  10. Herford
  11. Hochsauerlandkreis
  1. Höxter
  2. Kleef (Kleve)
  3. Lippe
  4. Märkischer Kreis
  5. Mettmann
  6. Minden-Lübbecke
  7. Rhein-Kreis Neuss
  8. Oberbergischer Kreis
  9. Olpe
  10. Paderborn
  1. Recklinghausen
  2. Rheinisch-Bergischer Kreis
  3. Rhein-Sieg-Kreis
  4. Siegen-Wittgenstein
  5. Soest
  6. Steinfurt
  7. Unna
  8. Viersen
  9. Warendorf
  10. Wesel

Stêdsdistrikten (kreisfreie Städte)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. Aken (stêd) (Aachen)
  2. Bielefeld
  3. Bochum
  4. Bonn
  5. Bottrop
  6. Keulen (Köln)
  7. Dortmund
  8. Duisburg
  1. Düsseldorf
  2. Essen
  3. Gelsenkirchen
  4. Hagen
  5. Hamm
  6. Herne
  7. Krefeld
  8. Leverkusen
  1. Mönchengladbach
  2. Mülheim an der Ruhr
  3. Múnster
  4. Oberhausen
  5. Remscheid
  6. Solingen
  7. Wuppertal

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Noardryn-Westfalen Flagge fan Noardryn-Westfalen
Regierungsbezirke

Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster

Landkreise

Aken - Borken - Coesfeld - Düren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gütersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Höxter - Kleef - Lippe - Märkischer Kreis - Mettmann - Minden-Lübbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel

Kreisfreie Städte

Aken - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Düsseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Mönchengladbach - Mülheim an der Ruhr - Múnster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal

· · Berjocht bewurkje
Dútslân Flagge fan Dútslân
Baden-Wuertemberch - Beieren - Berlyn - Brandenburch - Bremen - Hamburch - Hessen - Meklenburch-Foarpommeren - Nedersaksen - Noardryn-Westfalen - Rynlân-Palts - Saarlân - Saksen - Saksen-Anhalt - Sleeswyk-Holstein - Tueringen
· · Berjocht bewurkje