Teutoburgerwâld

Ut Wikipedy
Lizzing fan it Natuerpark Teutoburgerwâld
Sicht fan it Hermannsdenkmal nei it noardwesten fan it Teutoburgerwâld.
De Eksternsteine.

It Teutoburgerwâld (Dútsk: Teutoburger Wald) is in berchtme dy't fan it leechste punt by Bevergern (10 km eastlik fan Rheine) nei it heechste punt, de berch de Barnacken (446 m) by Paderborn rint. It berchtme is sa'n 150 km lang en leit yn de dielsteaten Nedersaksen en Noardryn-Westfalen. It berchgebiet is ûnder oaren bekend om de Farusslach tusken de Romeinen en Germanen yn it jier 9 n.Kr.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De berchrêch hiet ynearsten de Osning. Dizze namme is lykwols oan it begjin fan de 19e iuw wizige as gefolch fan (wat no bliken docht net goede) ynterpretaasjes fan it ferslach fan de Farusslach, de fjildslach dy't yn it jier 9 plakfûn en dêr't it Romeinske leger by ferslein waard troch de Germaanske legeroanfierder Arminius, haadling by de Sjerusken sa at hy by de Germanen bekend stie. Dizze slach, de Saltus Teutoburgiensis, barde by in plak dat de Teutoburch neamd waard. Der waard ferûndersteld dat dit yn de omkriten fan Bielefeld wêze moast en werneamde dêrop de Osning yn it Teutoburgerwâld. Tsjintwurdich hat bliken dien dat dizze slach him sa'n 50 km noardliker ôfspile.

Nijsgjirrichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bekende plakken yn it berchtme binne:

It Hermannspaad is in bekend kuierpaad dat oer de toppen fan de berchrêch rint.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Teutoburger Wald fan Wikimedia Commons.