Springe nei ynhâld

Arminius

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Arminius (fjildhear))
Yn de 19e iuw stie Arminius ('Hermann der Cherusker') symboal foar it Dútske nasjonalisme. It 53,5 meter hege Hermannsdenkmal waard tusken 1838 en 1875 yn it Teutoburger Wâld boud

Arminius, inkeld ek wol Herman, Harmen of Harm neamd (18 of 17 f.Kr.21 n.Kr.), wie in Germaanske kriichslieder (hartoch) dy't in ferbûn fan Germaanske stammen oanfierde en de Romeinen in ferneatigjende slach tabrocht yn it Teutoburgerwâld. As offisier fan de Sjeruskyske helptroepen tsjinne hy yn it Romeinske leger.

Jeugd en opfieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As Arminius yn 19 n.Kr. stjert, is hy sânentritich jier âld, wat betsjut dat hy yn 18 f.Kr. berne waard. Oer syn jeugdjierren is net folle bekend. Hy wie fan berte in Sjerusk ôfkomstich út in aadlik laach. Yn 9 n.Kr. is er in fertrouweling fan Farus, de gûverneur fan Germaanje. Hy sprekt goed Latyn en is oanwêzich by de banketten fan de gûverneur. Mooglik hawwe de Romeinen him nei de fjildtochten fan Drusus en Tibearius as gizeler meinommen en is er yn Rome grutbrocht. Arminius hie yn alle gefallen ien broer, Flavus, dy't ek Romeinsk offisier wie.

Wat Arminius der ta brocht hat om yn opstân te kommen tsjin de Romeinen is net bekend. Mooglik hawwe syn persoanlike ûnderfiningen yn Germaanje dêrby in rol spile. Wis is, dat Arminius himsels yn in ideale posysje brocht om de opstân útein te setten. Dat die er troch yntinsyf kontakten te ûnderhâlden mei de ferskillende stammen en troch Farus syn fertrouwen te winnen. Mei it berjocht dat ferskillende stammen yn opstân komd wiene, lokke hy Farus fuort fan de gebrûklike rûte nei in smelle stripe tusken de Kalkrieser Berch by Osnabrück en it fean, sadat hy de lange en swier bepakte kolonne yn de flank oanfalle koe en de legionêrs allinnich de kar hiene tusken berchopwerts oan te fallen of it fean yntreaun te wurde, sûnder de tiid te hawwen harren yn slachoarde groepearje te kinnen.

De Wikipedy hat ek in side Farusslach.

Nei dy earste klap lutsen de restanten fan de trije legioenen fierder. Lykwols meitsje de Romeinen, sûnder help fan Germaanske gidsen, fier fan de wênstige rûte, net folle kâns te oerlibjen. Farus docht himsels tekoart en mar in inkeling kin oan de slachting ûntkomme. Tegearre mei de manlju geane de aquilae (earnen) fan it XVIIe, XVIIIe en XIXe legioen ferlern.

Dat is de grutste ramp dy't de Romeinen ea troffen hat sûnt de ynfal fan de Kimbren en Teutoanen. De hiele besettingsmacht fan Germaanje is ferneatige en de Romeinen lutsen harren werom op de Ryn.

De wraak fan Germanikus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pas fiif jier letter, yn 14 nei Kristus, stekt Germanikus de Ryn wer oer, ynearsten om de skande fan de rebûlje yn Germania Inferior mei it bloed fan de Marsen út te wiskjen, letter iepentlik mei as doel de nederlaach fan Farus te wreken. Nei diverse moardpartijen oanrjochte te hawwen ûnder de neat yn de gaten hawwende Marsen en de Sjatten, set Germanikus de efterfolging yn op Arminius.

Wyls (16 n.Kr.) is de kontroverze tusken Segestes, dy't tsjin syn sin de kriich ynlutsen is, en Arminius op syn hichtepunt belâne. Segestes ûntfiert de frou fan Arminius, Tusnelda, mar wurdt sels belegere troch de eigen lânslju. Hy stjoert in gesantskip nei de Romeinen en wurdt troch Germanikus ûntset, rint oer en levert Tusnelda, dy't swier is, út oan Germanikus.

Mei dy hannelwize jaget er net allinnich de Sjerusken, mar ek alle omlizzende stammen tsjin him yn it harnas. Arminius is poerlulk en giet by alle stammen del om harren stipe te krijen. Ek Inguiomerus, de omke fan Arminius en in man fan kwizekwânsje, likegoed by de Romeinen as de Germanen, kiest dêrtroch de side fan Arminius.

De troepen fan Germanikus wurde yn in mûklaach lokke, net fier fan it stee dêr't Farus de slach ferlear en Germanikus kin mar krekt in ramp foarkomme. Underwilens (15 n.Kr.) is de simmer al sawat foarby en moat er de efterfolging ôfbrekke om werom te keare kinnen nei syn winterkertieren. Op dy weromreis wurdt Kaesina, ûnderbefelhawwer, dy't op wei wie nei Castra Vetera (Ksanten) by de Ponti Longi (lange brêgen), troch Arminius oerfallen. Kaesina kin mar krekt ûntkomme.

It jier dêrop folgjend organisearet Germanikus in noch gruttere fjildtocht. Hy lit tûzen skippen bouwen en falt no oan oer de Oseaan (de Noardsee) en de mûning fan de Iems, wêrby de Sjauken en Friezen help oanbeane. By de Weser komt it het eerst ta it boppeneamde striidpetear tusken Arminius en syn broer Flavus en letter ta in fjildslach op de flakte fan Idavisto, beëasten de Wezer. Germanikus hellet de oerwinning en driuwt de Germanen op de flecht. Arminius wurdt net rekke mar Inguiomerus rekket swier ferwûne. By de Romeinen wurdt sein dat de Sjauken Arminius ûntkomme litten hawwe.

Arminius en Marbod

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koart dêrnei (17 n.Kr.) rekken de Sjerusken yn konflikt mei de Sueben. De Sueben hienen mei Tiberius in ferdrach sletten doe't dy noch fjildhear yn Germaanje wie, en Marbod seach mooglikheden foar in maklike gebietsútwreiding. Mar omdat Marbod himsels ta kening makke hie wie der by syn eigen folk ek opposysje en Arminius koe him fersekere fan de stipe fan de Sjerusken en fan twa Suebyske stammen: de Semnoanen en de Longobarden.

Lykwols rint Inguiomerus nei Marobod oer en fjochtet oan dy syn side. As reden dêrfoar jildt dat er op syn hege leeftyd gjin opdrachten oannimme woe fan de soan fan syn broer. Tusken de beide legers komt it ta in fjildslach dêr't Marbod by ferslein wurdt. De posysje fan Marbod komt yn de knipe nei in steatsgreep troch Katualda, op oanwizing fan Drusus, de soan fan Tiberius, en wurdt ta fal brocht.

De dea fan Arminius

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As Arminius yn 19 n.Kr. foar himsels de keningstitel opeasket komt er yn konflikt mei syn stamgenoaten. Beide partijen hawwe ôfwikseljend sukses. Uteinlik komt hy troch ferried yn eigen fermidden om it libben.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: Arminius – foto, fideo en harktriemmen

Ynformaasje oer Arminius - Internet-Portal „Westfälische Geschichte“, LWL-Institut für westfälische Regionalgeschichte, Münster

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Primêre boarnen:

Literatuer:

  • Ernst F. Jung (1993) De Germanen (Tirion, Baarn)(oersetting fan Sie bezwangen Rom). ISBN 90-5121-440-5