Landkreis

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Fertikale bestjoersstruktuer yn Dútslân

Fertikale bestjoersstruktuer yn Dútslân

In Landkreis of in Kreis (yn Noardryn-Westfalen en Sleeswyk-Holstein) is in regionale bestjoersienheid (distrikt) yn de Bûnsrepublyk Dútslân. It giet dan om in gemeenteferbûn en rjochtspersoan (fan publykrjocht), ien bestjoerlik nivo boppe de gemeente.

In Landkreis is sels wer part fan in Regierungsbezirk of direkt fan in dielsteat. De lêste wiziging yn de yndieling fan de distrikten yn Dútslân fûn plak op 1 july 2007. By dy twadde weryndieling fan Saksen-Anhalt is it totaal oan Dútske kreisen werombrocht nei 313.

In Landkreis is ferantwurdlik foar saken as sikehuzen, ôffalferwurking, oerlanging fan rydbewizen, oerlanging fan jachtaktes ensafuorthinne.

Stêden mei mear as 100.000 ynwenners hearre meastentiids net by inLandkreis en binne sels foar dy tsjinsten ferantwurdlik. Sokke stêden wurde Kreisfreie Stadt' of soms Stadtkreis neamd, en binne in stedsdistrikt.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]