Hamm
Hamm | ||
![]() | ||
Riedshûs | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
dielsteat | ![]() | |
Stedsyndieling | 7 Stadtbezirke | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 179.380 (31 desimber 2023) | |
Oerflak | 226,43 km² | |
Befolkingsticht. | 792 ynw./km² | |
Hichte | 63 m | |
Oar | ||
Postkoade | 59063–59077 | |
Koördinaten | 51° 40' N 7° 49' E | |
Offisjele webside | ||
www.hamm.de | ||
Kaart | ||
Hamm is in stêd yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd hat 179.380 ynwenners (2023). Hamm is sûnt it jier 1975 in Dútske Großstadt.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd waard yn 1226 troch greve Adolf I fan 'e Mark stifte. De namme Hamm betsjut 'bocht' yn it Ald-Platdútsk. De namme komme nei alle gedachten fan 'e lokaasje fan Hamm yn 'e bocht fan 'e Lippe, dêr't de Ahse útstreamt. Hamm waard yn 1469 lid fan 'e Hânze en wie doe ien fan 'e machtigste stêden fan 'e krite, wylst de hjoeddeiske stêden yn it Roergebiet noch lytse doarpkes wiene. Yn 'e 19e iuw waard lykas yn 'e rest fan it Roergebiet by Hamm oan it winnen fan stienkoal en staalproduksje dien.
Yn 1908 barde der in mynramp, wêrby't hûnderten mynwurkers omkamen troch in brân yn 'e myn, dy't mei wetter folpompt waard. Prins Eitel Fritz, twadde soan fan keizer Wilhelm, besocht doe it plak fan 'e ramp.
Yn 1920 waard by de Roeropstân op 2 april by Pelkum fûl fochten tusken leden fan it Reade Roerleger en de troepen fan it regear, de Reichswehr. De troepen fan it regear hellen de oerwinning. Foar de stoarne manlju is in monumint oprjochte.
De binne mar in pear âlde gebouwen yn Hamm. In soad is ferlern gien by de alliëarde bombardeminten op 'e stêd yn 'e Twadde Wrâldkriich.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2023 wie 29,4 % fan 'e befolking roomsk en 24,6 protestantsk. De rest hat in oar leauwe of is net-tsjerklik. It oantal moslims bedroech yn 2011 neffens in berekkening ûnder persoanen mei in migraasjeeftergrûn yn Hamm 10,3%.
Hamm telt in grut oantal tsjerken. Ek is der in grutte moskee.

Yn Hamm stiet de grutste hindoe-timpel fan Europa. De Sri-Kamadchi-Ampal-timpel is mei donaasjes fan Europeeske hindoe's boud. In soad pylgers binne Tamils en komme oarspronklik fan Sri Lanka.
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hamm fan Wikimedia Commons. |
![]() |
Noardryn-Westfalen | ![]() |
---|---|---|
Regierungsbezirke Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster | ||
Landkreise Aken - Borken - Coesfeld - Düren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gütersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Höxter - Kleef - Lippe - Märkischer Kreis - Mettmann - Minden-Lübbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel | ||
Kreisfreie Städte Aken - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Düsseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Mönchengladbach - Mülheim an der Ruhr - Múnster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal | ||
![]() ![]() ![]() |