Stêderegio Aken

Ut Wikipedy
Stêderegio Aken
Städteregion Aachen
flagge wapen
polityk
soarte gebiet Lânkring
lân Dútslân
bûnslân Nedersaksen
haadplak Aken
grutste plak Aken
tal gemeenten 10
kenteken AC, MON
Regionschlüssel 05 3 34
sifers
ynwennertal 556.631 (31 desimber 2020)
oerflak 707.15 km²
befolkingstichtens 790 / km²
oar
stifting 2009
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 50°46′ N 6°6′ E
webside staedteregion-aachen.de
Aken

De Stêderegio Aken (Dútsk: Städteregion Aachen, ek wol stavere as StädteRegion Aachen) is in Kommunalverband besondere Art (ek wol in Regiokreis) yn it westen fan de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De Regio grinzget oan de lânkringen Heinsberg, Düren, Euskirchen, de Nederlânske provinsje Limburch en de Belgyske provinsje Luik. It besjoer fan de Regio bestiet út de Städteregionsparlement (parlemint fan de regio), mei as foarsitter de Städteregionpräsident (presidint fan de regio), dy't Tim Grüttemeier (CDU) sûnt 2019 is.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Slot Kambach yn Eschweiler

Mei yngong fan 1 jannewaris 2009 waard de Stêderegio Aken foarme út de eardere lânkring (Kreis) Aken en de kringfrije stêd Aken. De Stêderegio Aken is de earste fan de Kommunalverband besondere Art (betsjut letterlik: "bysûndere type gemeente") yn Noardryn-Westfalen. Syn status is gelyk oan dy fan de Regio Hannover yn Nedersaksen. De stêd Aken hat lykwols noch hieltyd de status fan in kringfrije stêd, mar syn foech is justjes lytser as dy fan in gewoane kringfrije stêd.

De eardere Kreis Aken waard yn 1975 foarme by in weryndieling yn Noardyn-Westfalen, troch it gearfoegjen fan de eardere lânkringen Aken (Landkreis Aken) en Monschau mei parten fan de lânkringen Düren, Gulik, Schleiden en Selfkant, wylst in part fan dy lêste lânkring by de kringfrije stêd Aken yndield waard.

De Landkreis Aken waard yn 1816 foarme út de twa Frânske kantons Burtscheid en Erschweiler, mei Burtscheid as haadplak. Yn 1897 waard Burtscheid by de stêd Aken yndield, mar it sit fan de Landkreis bleau dêre.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bergen fan de Eifel beslaan it súdlike part fan de Regio, wylst de leechflakte fan de Nederrynske Bocht it noardlike part beslacht.

Wapen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kop fan de wapen bestiet út in swarte liuw, dy't it symboal fan it eardere Hartochdom Gulik is, om't de Regio it grutste part fan it gebiet fan dat eardere hartochdom beslacht. Yn it ûnderste part is der in swan op in gewei, dy't it symboal fan Burtscheid is, it eardere haadplak fan de Landkreis Aken.

Stêden en gemeenten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stêden Gemeenten

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Noardryn-Westfalen
Flagge fan Noardryn-Westfalen
Regierungsbezirke

Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster

Landkreise
Aken - Borken - Coesfeld - Düren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gütersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Höxter - Kleef - Lippe - Märkischer Kreis - Mettmann - Minden-Lübbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel

Kreisfreie Städte
Aken - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Düsseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Mönchengladbach - Mülheim an der Ruhr - Múnster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal