Rhein-Kreis Neuss
| Rhein-Kreis Neuss | ||
| Lokaasje fan de Rhein-Kreis Neuss yn Dútslân | ||
| Statistyk | ||
| Ynwennertal | 457.077 (31 des. 2024) | |
| Oerflak | 576 km² | |
| Befolkingsticht. | 793 ynw./km² | |
| Polityk | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Regierungsbezirk | Düsseldorf | |
| Oar | ||
| Adres bestjoer | Oberstraße 91 41460 Neuss | |
| Koördinaten | 51° 12′ NB, 6° 42′ EL | |
| Oprjochting | 1 jannewaris 1975 | |
| Yndieling | 8 gemeenten | |
| Kenteken | NE, GV | |
| NUTS-koade | DEA1D | |
| Kreiskaai | 05 1 62 | |
| Webside | www.rhein-kreiss-neuss.de | |
Rhein-Kreis Neuss is in bestjoerlik distrikt yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen en hat 443.850 ynwenners. It distrikt waard oprjochte yn 1946, en droech oant 1975 de namme Kreis Grevenbroich en dêrnei oan 2003 de namme Kreis Neuss.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gebiet fan 'e hjoeddeistige distrikt waard al yn 'e Romeinske tiid bewenne. Histoaryske nammen lykas Novaesium (Neuss) en Durnomagus (Dormagen) jouwe dêr bewiis oan. Oare plaknammen komme fan 'e Frankyske tiid lykas Kaarst, Grevenboich en Rommerskirchen. Yn dy snuorje bestie der in goa fan Neuss, pagus nivesum of pagus minor ducatus Ripuariorum.
Yn 1816 ûntstiene yn 'e Prusyske provinsje Gulik-Kleef-Berch, dat fan 1822 part fan 'e Rynprovinsje waard, it distrikt Neuss en it distrikt Grevenboich. Yn 1913 waard de stêd Neuss in Kreisfreie Stadt. Yn 1929 wie der in yngreven weryndieling. De distrikten Grevenboich en it restdidtrikt Neuss waarden gearfoege ta it nije distrikt Grevenboich-Neuss. Boppedat waarden der guon gemeenten út it ditrikt Gladbach tafoege. Yn 1946 it distrikt omneamd ta Grevenboich.
Op 1 jannewaris 1975 waard, yn it ramt fan de weryndieling fan Noardryn-Westfalen, de kreisfreie stêd Neuss as nije didtriktshaadstêd tafoege by it distrikt Grevenboich, dat dêrnei it distrikt Neuss neamd waard. Fan dat stuit ôf, waard Neuss, neffens ynwenners, de grutste stêd yn 'e Bûnsrepublyk Dútslân dat by in distrikt hearde.
Mei yngong fan 1 july 2003 waard de namme fan it distrikt ta Rhein-Kreis Neuss feroare. It distriktshaadplak is Neuss, dochs wichtige ûnderdielen fan it distriktsbestjoer binne yn Grevenbroich fêstige.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It distrikt leit oan 'e lofterouwer fan de Nederryn, yn 'e leechflakte fan de Nederrynske Bocht. De rivier de Ryn foarmet de eastgrins fan it distrikt. It heechste punt is de Vollrather Höhe by Grevenboich mei in hichte fan 187 meter boppe seenivo. It leechste punt is yn it natoerrservaat Spey op in hichte fan 29 meter boppe seenivo, op de grins tusken Meerbusch en Krefeld. It geografysk mulpunt fan it distrikt leit yn it stedsgebiet fan Neuss, by Haus Hombroich.
It districkt grinzget, mei de klok mei fan it noarden ôf oan de Kreisfreie stêden Krefeld, Duisburg en Düsseldorf, oan it distrikt Mettmann, oan de Kreisfreie stêd Keulen, oan de distrikten Rhein-Erft-Kreis, Düren en Heinsberg, en oan de Kreisfreie stêd Mönchengladbach en it distrikt Viersen.
It district Rhein-Kreis Neuss is part fan de Metropoalregio Ryn-Ruhr.
Stêden en gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De folgjende stêden en gemeenten lizze yn 'e Kreis:
| Stêden | Gemeenten |
|---|---|
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
| Jier | Ynwenners[2] |
|---|---|
| 1975 | 399.704 |
| 1980 | 412.526 |
| 1985 | 404.768 |
| 1990 | 420.374 |
| 1995 | 435.656 |
| 2000 | 443.865 |
| 2005 | 445.255 |
| 2010 | 443.286 |
| 2015 | 450.026 |
| 2020 | 452.001 |
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
{{{boarnefermelding}}} |
| Noardryn-Westfalen | ||
|---|---|---|
| Regierungsbezirke Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster | ||
| Landkreise Aken - Borken - Coesfeld - Düren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gütersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Höxter - Kleef - Lippe - Märkischer Kreis - Mettmann - Minden-Lübbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel | ||
| Kreisfreie Städte Aken - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Düsseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Mönchengladbach - Mülheim an der Ruhr - Múnster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal | ||