Kleef (Kreis)

Ut Wikipedy
Kleef
Statistyk
Ynwennertal 308.085
Oerflak 1232 km²
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Noardryn-Westfalen
It wapen fan Kreis Kleef

De Kreis Kleef (Dútsk: Kreis Kleve) is in bestjoerlik distrikt yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen en hat 308.085 ynwenners. It distrikt waard yn syn hjoeddeistige foarm oprjochte yn 1975.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dielen fan Kreis Kleve binne lang in ûnderdiel fan Gelderlân (meast Opper-Gelre) west en de Nederlânske ynfloeden binne dêrom hjir en dêr noch te sjen, bygelyks yn nammen, de arsjitektuer en yn it kreiswapen dêr't de heraldyske linkerhelte (rjochts) de goudene liuw fan Gelre stiet. Oan de súdkant dêrfan wie it ek ta de Nederlannen hearrende hartochdom Gulik (dat is no Jülich). It âlde Opper-Gelre en de fan oarsprong Kleverlânsk pratende befolking yn it Hartochdom Kleef binne yn de twadde helte fan de 19e iuw stadichoan ferdútske. Oant fier yn de 19de iuw waard it Nederlânsk yn dit gebiet as amtstaal brûkt, en oant de Twadde Wrâldoarloch waard it Nederlânsk sels noch yn ûnderskate tsjerken brûkt as tsjerketaal. Adolf Hitler ferbea it Nederlânsk noch langer te brûken fan 1936 ôf oan.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kleef leit yn it noardwesten fan Noardryn-Westfalen tsien kilometer besuden de rivier de Ryn, yn it Dútske Nederryngebiet. It grinzet oan de Nederlânske provinsjes Gelderlân, Limboarch yn it westen en oan de Kreisen Borken yn it noarden, Wesel yn it easten en oan Viersen yn it suden. It distrikt kin de meast Nederlânske Kreis fan Dútslân neamd wurde. It dialekt fan Kleef en omkriten, it Kleverlânsk, wurdt taalkundich sels ta it Nederlânsk rekkene.

Stêden en gemeenten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gemeenten yn Kreis Kleef
Stêden Gemeenten
  1. Emmerik (Emmerich am Rhein)
  2. Gelderen (Geldern)
  3. Goch
  4. Kalkar
  5. Kevelaer
  6. Kleef (Kleve)
  7. Rees
  8. Straelen
  1. Bedburg-Hau
  2. Issum
  3. Kerken
  4. Kranenburch
  5. Rheurdt
  6. Uedem
  7. Wachtendonk
  8. Weeze

Untjouwing ynwennertal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Ynwenners Boarne
1816 036.895 [1]
1835 044.203
1871 047.517 [2]
1880 050.532 [2]
1890 052.724 [3]
1900 059.642 [3]
1910 071.326 [3]
1925 080.810 [3]
1939 087.462 [3]
1950 089.013 [3]
1960 098.500 [3]
1970 107.900 [4]
1980 258.850 [5]
1990 269.149 [5]
2000 299.362 [5]
2010 307.807 [5]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Noardryn-Westfalen
Flagge fan Noardryn-Westfalen
Regierungsbezirke

Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster

Landkreise
Aken - Borken - Coesfeld - Düren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gütersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Höxter - Kleef - Lippe - Märkischer Kreis - Mettmann - Minden-Lübbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel

Kreisfreie Städte
Aken - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Düsseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Mönchengladbach - Mülheim an der Ruhr - Múnster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal