Springe nei ynhâld

Krefeld

Ut Wikipedy
Krefeld
Flagge Wapen
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
Gemeente
Sifers
Ynwennertal 226,844 (31 desimber 2020)
Oerflak 137,68 km²
Befolkingstichtens 1.600/km²
Hichte 39 m
Oar
Koördinaten 51° 20′ NB, 6° 34′ EL
Webside https://www.krefeld.de/
Lokaasje Krefeld yn Noardryn-Westfalen
De Ostwall, dêr't de eardere eastlike muorre stie, yn it sintrum fan Krefeld
Utsicht oer Krefeld fan de Kapuzinerberg ôf sjoen

Krefeld [ˈkʁeːfɛlt] (Limburchsk: Krievel), foar 1925 stavere as Crefeld, is in kringfrije stêd yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd hat 226.844 ynwenners (31 desimber 2020). Krefeld is sûnt it jier 1887 in Dútske Großstadt. De stêd leit benoardwesten Düsseldorf en besúdwesten Duisburg en leit op de westigge fan de Ryn. It sintrum leit inkelde kilometers bewesten de Ryn, wylst de stedsdiel Uerdingen dy't foar 1929 in selsstannige gemeente wie, oan de Ryn leit. De stêd is te berikken mei de autodiken A57 fan Keulen nei Nimwegen en de A44 fan Aken oer Düsseldorf, Dortmund nei Kassel.

De measte ynwenners fan Krefeld sprekke hjoed-de-dei Standertdútsk, mar it pleatslike dialekt, it Krieewelsch Platt, dy't in foarm fan it Limburchsk is, wurdt ek noch wol sprutsen. De isoglosse Uerdinger liny, dy't taaleigenskippen yn it Dútske en oare Westgermaanske talen skiedt, rint troch de stêd hinne, en is neamd nei it stedsdiel Uerdingen.

Krefeld waard foar it earst neamd yn 1105 ûnder de namme Krinvelde. Yn febrewaris 1598 joech Walburga, de frou fan Adolf van Nieuwenaer en lêste grevinne fan Limburch en Meurs, it Greefskip Meurs dêr't Krefeld by hearde, oan prins Maurits fan Oranje. Nei har dea yn 1600 besocht Johan Willem fan Kleef it gebiet te bemachtigjen, mar Maurits wist syn gebieten mei súkses te ferdigenjen yn 1601. Krefeld en Meurs soene yn de Gouden Iuw ûnder de jurisdiksje fan it Hûs fan Oranje-Nassau en de Republyk fan de Feriene Nederlannen bliuwe. De stêd bloeide yn dy tiid, ek trochdat er besparre waard yn de Tritichjierrige Kriich (1618-1648), ta tsjinstelling fan it njonkenlizzende Uerdingen dy't hast folslein ferneatige waard troch Hessyske troepen.

Nei de dea fan Willem III fan Oranje yn 1702 kaam Krefeld by it Keninkryk Prusen te hearren. De Slach by Krefeld barde yn 1758 yn de Sânjierrige Kriich. Krefeld en Uerdingen waarden yn 1815 part fan de Prusyske provinsje Gulik-Kleef-Berch, dy't yn 1822 part fan de Prusyske Rynprovinsje waard.

Yn 1872 waard Krefeld in frije stêd yn Rynprusen. Yn 1918, nei de Earste Wrâldkriich brûkte it Belgyske leger Krefeld as basis by de Alliearde besetting fan it Rynlân (1919-1930). Yn 1929 waarden Krefeld en Uerdingen gearfoege ta Krefeld-Uerdingen, mar yn 1940 waard de namme ferkoarte ta gewoan Krefeld.

Op 11 desimber 1941 yn de Twadde Wrâldkriich waarden 1007 Joaden fan Krefeld en Duisburg ferfierd nei in konsintraasjekamp by Riga yn Letlân. Hja waarden ferfierd yn in iiskâlde tastân en krigen gjin drinkwetter foar mear as twa dagen. Fuortendaliks nei't hja oankamen waarden se deasketten by it Bloedbad fan Rumbula.

Op 21 juny 1943 ferneatigen Britske bommesmiters in soad gebouwen yn it eastlike part fan de stêd. In hjitte fjoersee ferneatige grutte parten fan it sintrum, mei útsûndering fan it treinstasjon. Op 3 maart 1945 kamen Amerikaanske troepen oan yn Krefeld, wêrûnder de lettere minister fan Bûtenlânske Saken Henry Kissinger.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard de stêd part fan de nijfoarme dielsteat Noardryn-Westfalen.

Minnisten fan Krefeld

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De minnistetsjerke

Fan 1607 ôf kamen der in nust Minnisten oan yn Krefeld en Gronau, út oanswettende katolike gebieten wei, dêr't se ferfolge waarden. Hja sochten foar feiligere plakken yn gebieten fan it tolerante Hûs fan Oranje-Nassau, dêr't Krefeld doe ûnder foel. Yn 1657 waarden harren tsjerklike gemeente erkend en yn 1693 mochten se harren eigen tsjerke bouwe, dy't lykwols ferstoppe siet yn in eftertún. Dy tsjerke bestiet hjoed-de-dei noch hieltyd en hat sa'n 800 leden. Ek de Quakers krigen belangstelling fan de grutte minnistegemeenten yn Dútslân fan Krefeld, Gronau, Emden en Altona by Hamburch. Yn 1683 ferfearen trettjin minnistehûshâldings, dêr't der tolve minniste-Quakers fan wiene, nei Pennsylvania om dêr religieuze frijheid te bemachtigjen. Hja fearen de Atlantyske Oseaan oer mei it skip Concord en hja stiften de delsetting Germantown, dy't hjoed-de-dei in part fan Philadelphia is, op útnûging fan William Penn, en dêrmei begjinnende de etnisiteit fan de Pennsylvania Dutch. De meast ferneamde minniste-famylje yn Krefeld wie de famylje Von der Leyen, dy't hannelers en wevers wiene fan side. Yn 1763 hiene se likernôch de helte fan de befolking fan Krefeld, 6.082, yn tsjinst yn harren fabriken. Harren hûs, boud yn 1791, is de hjoeddeistige stedhûs.

Joadske mienskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wie al in Joadske mienskip yn Krefeld yn 1617. Yn 1764 waard der in synagoge boud en yn 1812 yn de Frânske tiid hie de stêd 196 Joadske hûshâldings, en trije banken dy't yn eigendom fan Joaden wiene. Under Napoleon waard de stêd it mulpunt fan de omlizzende Joadske mienskippen mei mear as 5.000 Joaden yn totaal. Yn 1846 wie der in Joadske ôffurdige dy't yn de gemeenteried stimd waard, wylst it antysemitisme yn dy snuorje ek tanaam. Yn 1897 foarmen de Joaden 1,8% fan de befolking. In herfoarme synagoge waard yn 1876 boud, dêr't tsjinstân by kaam fan de otterdokse Joaden. Ek in Joadske skoalle bestie der yn dy tiid yn Krefeld mei wol mear as 200 learlingen om 1900 hinne.

Yn novimber 1938, by Kristallnacht, waarden de twa synagogen oanfallen. Yn 1941 waarden de Joaden fan Krefeld op befel fan Hitler nei it easten deportearre, nei in konsintraasjekamp by Riga en waarden dêr fermoarde. Yn 1945 waard Krefeld troch it Amerikaanske leger beset en Henry Kissinger, de lettere Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken, krige de lieding oer de stêd.

Yn 2008 waard der in nije synagoge, bybleteek, en Joadsk kultureel sintrum iepene op it plak fan ien fan de ferneatige synagogen. Likernôch 1100 Joaden wenje yn en om Krefeld yn dy tiid.

Alexanderplatz yn de binnenstêd
Roomsk-katolike St.-Dionysiustsjerke

Krefeld leit op de westigge fan de Ryn op de Krefeld-Kempenplaat yn it midden fan de Nederrynske Leechflakte. It sintrum fan de stêd leit likernôch sân kilometer fan de Ryn. De stedsdielen Uerdingen, Linne en Gellep-Stratum lizze oan de Ryn. De gemeente Krefeld grinzget 6,2 km oan de Ryn. De breedte fan de rivier bedraacht dêr tusken de 320 en 400 meter. De gemeente is op syn grutst fan noard nei súd 12 km en fan east nei west 13,1 km. It sintrum leit 39 meter boppe seenivo. It heechste plak yn it stedsgebiet, de Hülserberg leit 63 meter boppe seenivo. It heechste plak is de Inratherberg mei in hichte fan 87 meter dêr't in soad pûn fan nei de Twadde Wrâldkriich yn smiten waard, en de Kapuzinerberg, mei 77 meter, dat in earder stoart fan hûsôffal wie.

De gemeente Krefeld grinzget yn it noarden oan de gemeenten Neukirchen-Vluyn en Meurs yn de lânkring Wesel, yn it easten en noardeasten oan de kringfrije stêd Duisburg, yn it suden oan de gemeenten Meerbusch yn de lânkring Rhein-Kreis Neuss en Willich yn de lânkring Viersen en yn it westen oan de gemeenten Tönisvorst en Kempen, allyk yn de lânkring Viersen.

Besúdeasten Krefeld leit de haadstêd fan Noardryn-Westfalen, Düsseldorf, dy syn sintrum likernôch 19 km fan it sintrum fan Krefeld leit.

Krefeld hat in seeklimaat dy't yn it noardwesten fan Dútslân foarkomt, mei mylde winters mei mar in bytsje snie, en mylde simmers.

Krefeld leit yn de Nederrynske Leechflakte. De lagen dy't justjes ûnder de grûn lizze bestean benammen út grind en sânlagen út de Iistiid. De oant 3o meter tsjokke lagen waarden dêr troch de Ryn ôfset. Likernôch 240.000 jier ferlyn yn it Saale-glasiaal ûntstiene troch de rânen fan in iistonge driuwwâlen fan de einmorenen, dy't no de Nederrynske Heuvelrêch foarmje. Dy heuvelrêch rint fan Krefeld oant Nimwegen ta. De Hülserberg is in foarbyld dêrfan.

It stedsgebiet fan Krefeld is ferparte yn 9 stedsdistrikten: Sintrum, West, Noard, Hüls, Súd, Fischeln, Oppum-Linn, East en Uerdingen en dy binne fierder ûnderferparte yn 19 stedsdielen.

Dy 19 stedsdielen mei harren nûmer binne:Stadtteile mit ihren amtlichen Nummern sind:[1]

stedsdielen yn Krefeld
stedsdielen yn Krefeld
  • 010 Sintrum
  • 020 Kempener Feld/Baackeshof
  • 030 Inrath/Kliedbruch
  • 040 Cracau
  • 050 Dießem/Lehmheide
  • 060 Benrad-Süd
  • 070 Forstwald
  • 080 Benrad-Nord
  • 090 Hülser Berg
  • 100 Traar
  • 110 Verberg
  • 120 Gartenstadt
  • 130 Bockum
  • 140 Linn
  • 150 Gellep-Stratum
  • 160 Oppum
  • 170 Fischeln
  • 180 Uerdingen
  • 190 Hüls

Yn Krefeld wurdt oarspronklik it Krieewelsch Platt sprutsen, dat in Súdnederfrankysk dialekt is. Yn de stedsdielen Fischeln, Oppum, Hüls en Uerdingen wurdt it Oedings Platt sprutsen, dy't him fan it Krieewelsch ûnderskiedt. Troch de stêd rint de isoglosse Uerdinger liny (ik/ich-liny), dy't de skieding is tusken de dialekten dy't ich (besuden) en ik (benoarden) sizze. Yn it stedsdiel Hüls, dat benoarden de liny leit, wurdt it Hölsch Plott sprutsen dy't by de Noardnederfrankyske dialekten heart.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarch Linn
  • Boarch Linn
  • Botanischer Garten Krefeld, gemeentlike botanyske tún
  • Zoo Krefeld, bistetún
  • Haus Lange en Haus Esters
  • Kaiser Wilhelm Museum
  • Dútske tekstylmuseum
  • Galopprennbahn Krefeld, hynsteracebaan
  • De histoaryske sintrums fan de eardere selsstannige stêden Uerdingen, Linn en Hüls.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Stadtteile - Strukturdaten 2018, Stadt Krefeld, oproppen op 31 jannewaris 2021

Foar oare boarnen en literatuer, sjoch Einzelnachweise op dizze side.


Noardryn-Westfalen Flagge fan Noardryn-Westfalen
Regierungsbezirke

Arnsberg - Detmold - Düsseldorf - Keulen - Münster

Landkreise

Aken - Borken - Coesfeld - Düren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gütersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Höxter - Kleef - Lippe - Märkischer Kreis - Mettmann - Minden-Lübbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel

Kreisfreie Städte

Aken - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Düsseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Mönchengladbach - Mülheim an der Ruhr - Múnster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal

· · Berjocht bewurkje