Napoleon Bonaparte
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Napoleon Bonaparte (15 augustus 1769 – 5 maaie 1821) wie in generaal fan de Frânske Revolúsje en wie de liedsman fan Frankryk as Earste Konsul fan de Frânske Republyk fan 11 novimber 1799 oant en mei 18 maaie 1804 en dêrnei as Keizer fan de Frânsen en Kening fan Itaalje ûnder de namme Napoleon I fan 18 maaie 1804 oant 6 april 1814, en noch in kear fan 20 maart oant 22 juny yn 1815. Napoleon wurdt beskôge as in militêr sjeny, en is ferneamd fan it lieden fan in grut tal súksesfolle kampanjes, hoewol't der ek in pear spektakulêre mislearrings tusken sieten.
Napoleon Bonaparte waard berne yn Ajaccio op it eilân Korsika en stamme út in laach fan patrisjers. Hy gong yn it leger en waard op 1785 artilleryluitnant. By it belis fan Toulon ûnderskiede hy him en waard brigadegeneraal (1794). Yn oktober 1795 krige hy opdracht fan de Konvinsje om in royalistyske opstân del te slaan by Parys. Dat die er mei súkses en yn maart 1796 waard er befoardere ta de rang fan oerbefelhawwer fan it leger dat tsjin Itaalje fjochtsje moast. Yn Itaalje helle hy grutte súksessen; yn 1797 waard de foar Frankryk geunstige Frede fan Campoformio sletten. In dêrop folgjende ekspedysje fan him tsjin Egypte mislearre lykwols; op 1 augustus 1798 waard de Frânske float by Aboekir troch Nelson ferneatige. By it útbrekken fan de Twadde Koalisjekriich kearde Napoleon werom nei Frankryk. Troch de steatsgreep fan 9 novimber 1799 brocht hy it Directoire-regear ten fal. Yn de nije regearing waard Napoleon earste konsul foar 10 jier en wie doe feitlik autokraat.
Yn de rin fan krekt mear as 10 jier bemachtige er de kontrôle oar it grutste part fan west en sintraal Jeropa troch oerweldiging en troch ferdraggen te sluten, oant syn nederlaach yn de Slach by Leipzig yn oktober 1813. In pear moanne letter waard er ôfset en finzen set op it eilân Elba. In 10 moanne letter kaam er wer oan de macht, dizze tiid stiet bekend as de Hûndert Dagen. Hy waard úteinlik ferslein yn de Slach by Waterloo yn Belgje op 18 juny 1815. Koart dêrnei waard er opnij finzen naam troch de Ingelsen en waard der ferballe nei it eilân Sint-Helena, dêr't er yn 1821 stoarn is.
- Stobbe-skiednis
- Napoleon Bonaparte
- Frânsk maarskalk
- Frânsk militêr yn de Oarloggen fan de Frânske Revolúsje
- Frânsk militêr yn de Napoleontyske Oarloggen
- Frânsk politikus
- Keizer fan Frankryk
- Kening fan Itaalje
- Frânsk misdieslachtoffer
- Persoan dy't in moardoanslach oerlibbe hat
- Frânsk balling
- Korsikaansk persoan
- Frânsk persoan fan Italjaansk komôf
- Frânsk persoan fan Korsikaansk komôf
- Hûs Bonaparte
- Skiednis fan Frankryk
- Persoan berne yn 1769
- Persoan stoarn yn 1821