Horatio Nelson

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Horatio Nelson op it hichtepunt fan syn ferneamdens

Ficeadmiraal Horatio Nelson, boarchgreve Nelson, hartoch fan Bronte (29 septimber 175821 oktober 1805) wie in Britsk admiraal en wurdt sjoen as de wichtichste Britske tsjinstanner op see fan Napoleon Bonaparte.

Jonge jierren[bewurkje seksje | edit source]

Horatio Nelson waard berne yn Burnham Thorpe, Norfolk, Ingelân as sechde fan de alve bern fan Edmund Nelson en syn frou Catherine. Syn mem stoar op 26 desimber 1767, doe't er njoggen jier wie. Nelson krige oant syn tolvde ûnderrjocht oan de Paston Grammar School yn North Walsham en dêrnei oan King Edward VI’s Grammar School yn Norwich.

Nelson syn karriêre begûn 1 jannewaris 1771 doe't er him as Ordinary Seaman oanmelde op de HMS Raisonnable. De kaptein fan dat skip wie syn omke, Maurice Suckling. Rillegau waard er adelborst en sette er mei syn ofsiersoplieding út ein.