Slach by Waterloo

Ut Wikipedy
Slach by Waterloo
Part fan de napoleontyske krigen (7e Koalysje), Hûndert Dagen
Andrieux - La bataille de Waterloo.jpg
Slach by Waterloo, troch Andrieux (1852)
datum: 18 juny 1815
plak: Waterloo, Belgje
útkomst: Oerwinning foar de 7e Koalysje
konfliktpartijen
Flag of France.svg Frankryk Sânde Koalysje:
Flag of the United Kingdom (3-5).svg Grut-Brittanje
Flag of the Kingdom of Prussia (1803-1892).svg Prusen
Flag of the Netherlands.svg Nederlannen
Flag of Hanover (1692).svg Hannover
Flagge Herzogtum Braunschweig (1814-1830).svg Brunswyk
Flagge Herzogtum Nassau (1806-1866).svg Nassau
befelhawwers
Flag of France.svg Napoleon Bonaparte
Flag of France.svg Michel Ney
Flag of the United Kingdom (3-5).svg Arthur Wellesley
Flag of the Kingdom of Prussia (1803-1892).svg Gebhard von Blücher
Flag of the Netherlands.svg Prins Willem fan Oranje-Nassau
sterkte
73.000 67.000 Alliearden
60.000 Prusen (48.000 ynset om 18:00 hinne)
ferliezen
25.000 dea as ferwûne, 8000 finzenen 22.000 dea as ferwûne

De Slach by Waterloo wie de fjildslach op 18 juny 1815 dêr't Napoleon nei de weromkear fan syn ballingsoard Elba foarfêst ferslein waard troch de Alliearden, dy't ûnder lieding stienen fan de Britske generaal Wellington.

De slach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It plak dêr't de slach him ôfspylle, Waterloo yn Belgje, wie troch Wellington keazen as strategysk punt om werom te lûken fan Quatre Bras, dêr't de legers ûnder lieding fan Wellington en fan Von Blücher gear brocht waarden. Napoleon foel de twa legers, de earsten fan de alliearde legers dy't wer beskiber wienen oan, yn 'e hope dat er dat part fan de eardere grutte koalysje oerwinne koe ear't de oaren wer tsjin him oplutsen. De partijen ûntrûnen inoar net folle, mar úteinlik waard de slach in oerwinning foar de Alliearden. Hoewol't it hiele Frânske leger ferslein waard, koe Napoleon net finzen naam wurde, om't dy weromgongen wie nei Parys om foar te kommen dat dêr in opstân útbrekke soe. Earst doe't bliken die dat er yn Parys net mear as keizer erkend waard, frege er asyl oan by Grut Brittanje. Dat krige er op it eilân Sint Helena.