Prusen

Ut Wikipedy
Preußen (1525-1947)
Flagge fan Prusen Wapen fan Prusen
Lokaasje fan Prusen
Taal Dútsk (offisjeel)
Haadstêd Keningsbergen (1525-1701)
Berlyn (1701–1947)
Steatsfoarm [[Hartochdom (1525-1701)
Keninkryk (1701-1918)
Frijsteat (1918-1947)]]
Tal ynwenners 41.915.040 (1939)
Oerflak 348.702 km² (1907)
297.007 km² (1939)
Tiidrek 1525 - 1947
Munt Reichsthaler (1873-1914)
Papiermark (1914-1923)
Reichsmark (fanôf 1923)

Prusen (Dútsk: Preußen, Aldprusysk: Prūsa, Poalsk: Prusy, Litousk: Prūsija, Latynsk: Prussia, Borussia of Prutenia) wie in lân dat in grutte rol yn de Jeropeeske skiednis spile hat. Prusen wie fan âlds it gebiet fan de West-Baltyske stam de Prusen, lizzend tusken Efterpommeren en Koerlân en sawat oerienkommend mei de lettere provinsjes East-Prusen en West-Prusen. It begjin fan de Prusyske steat wie winliken yn 1226 mei de Gouden Bul fan Rimini, doe't de basis lein waard fan de Dútske Oardersteat. Nei in stikmannich strideraasjes mei it Keninkryk Poalen waard West-Prusen yn 1466 as Keninklik Prusen in part fan Poalen. East-Prusen, dat winliken as in foarrinner fan it lettere Prusyske keninkryk sjoen wurde kin, wie oant 1660 in fazalsteat fan Poalen. Sûnt 1525 wie it in hartochdom ûnder lieding fan it Hûs Hohenzollern en sûnt 1618 waard it regearre yn Personele Uny mei Brandenburch. De markgreve fan Brandenburch wie ek in karfoarst en wie dus in wichtige foarst yn it Hillige Roomske Ryk. Om't de keizer stipe nedich hie fan Brandenburch mocht markgreve Frederik III himsels Kening yn Prusen neame.
Fan 1701 oant 1871 wie Prusen in keninkryk mei in kening as haad en fan 1871 oant 1918 wie it in keninkryk yn it Dútske Keizerryk, dêr't de Prusyske kening ek keizer fan Dútslân wie. Fan 1918 oant 1932 wie it in Frijsteat yn de Weimarrepublyk mei in presidint. Yn de Nazy-tiid wie Prusen winliken opheft en waarden de Prusyske provinsjes goaen fan it Tredde Ryk.
Prusen waard yn de 18e en 19e iuw in wichtich en machtich lân en wie nei de weriening fan it Dútske Ryk yn 1871 de grutste Dútske steat en besloech grutte parten fan it noarden en westen fan Dútsklân. Nei de Twadde Wrâldkriich waard Prusen yn 1947 offisjeel opheft troch de Alliëarde Kontrôleried.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Alde Prusen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âlde Prusen wiene in West-Baltysk folk, besibbe oan de Litouwers. Hja libben benammen fan de lânbou en feehâlderij en libben as stammen yn it beboske gebiet oan de Eastsee tusken de rivieren de Weichsel en de Memel yn it gebiet dat de lettere Prusyske provinsjes West- en East-Prusen beslacht. It Prusenlân bestie út de folgjende goaen: Kulmerlân en Pomesaanje oan de Weichsel, Pogesaanje, Ermlân en Natangen oan it Weichselhaf, it skiereilân Samlân, Nadrauen en Schalauen oan it Koerske Haf en Barten, Sudauen en Galyndje yn it binnenlân. Hja waarden elts bewenne troch in stamme, útsein it tinbefolke Kulmerlân.

De Prusen kamen ûnder de ynfloed fan Poalske en Dútske steaten yn it ramt fan harren kerstenjen. Hartoch Miezko I fan de Polanen krige it hearskippij oer it gebiet en krige it yn lien fan keizer Otto I fan it Hillige Roomske Ryk. De Prusen slaggen der lykwols yn om harren te ferdriuwen.

De Dútske Oarder[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tastân yn de 13e iuw. It pearse gebiet is de Dútske Oardersteat
Nei de Twadde Frede fan Thorn (1466). De Dútske Oardersteat is oranje

Ferskate kearen waard besocht de Prusen te kerstenjen en te ûnderwerpen. Yn 1226 rôp hartoch Koenraad fan Mazoovje de help yn fan de Dútske Oarder mei yn ruil it bestjoer oer Kulmerlân. Keizer Freark II fan it Hillige Roomske Ryk joech tastimming en allyk ek tastimming foar it ferôverjen fan it gebiet benoarden dy't offisjeel ûnder lienhearskippij fan de paus kaam.

De ridders fan de Dútske Oarder ûnderwurpen en kerstenen de Prusen mei hurde hân. Twangboargen waarden yn it gebiet boud en rillegau ûntstiene stêden by dizze boargen, lykas Thorn (1231), Kulm (1232), Marienwerder (1233), Elbing (1237) en Keningsbergen (1255). De Dútske Oarder befolke it gebiet sûnt de trettjinde iuw en dêrnjonken kamen ek Dútske kolonisten, lykas ek Fryske en Nederlânske kolonisten, om't dizze gebieten ek by it Hillige Roomske Ryk hearden. Ek Kasjûbyske, Mazovyske en Poalske kolonisten waarden troch de Oarder yn it gebiet festige. Yn 1245, doe't it Kristendom sa njonkelytsen al goed ferspraat wie, waard it gebiet yn 4 bisdommen ferparte. Dizze bisdommen waarden: Ermlân, Kulmerlân, Pomesaanje en Samlân. De Prusen besochten mei de Grutte Prusyske Rebûlje yn 1260 noch yn ferwar te kommen en win de frijheid werom. Earst like de rebûlje wol súkses te hawwen, mar ta eintsjebeslút waard it dochs mei hurde hân delslein. Oan de ein fan de trettjinde iuw hie de Dútske Oarder it gânse gebiet ûnder kontrôle. De ynfloed en de taal fan de Prusen waarden hieltyd mear beheind en yn de fjirtjinde iuw waard it Dútsk, benammen it Nederdútsk de wichtichste taal. It Ald-Prusysk waard weromkrongen en stoar yn de santjinde iuw alhiel út. Nei de Reformaasje waard it Heechdútsk lykwols de wichtichste taal.
It sit fan it bestjoer fan de Oarder kaam yn 1309 fan Feneesje nei it Prusyske Marienburg. Fanôf 1308-1310 waard Prusen útwreide mei de Pommerellen, mei de hannelstêd Danzig, en yn de fjirtjinde iuw seach it lân ekonomyske foarútgong en bloei. De hannel die it goed en stêden lykas Danzig en Keningsbergen woeksen hurd. It bestjoer fan it lân wie goed en de befolking wie frijwat ryk.
Yn de fyftjinde iuw wie der in grutte delgong. De ferhâlding fan de stêden en de pleatslike adel mei it bestjoer fermindere, nei't de Oarder mei sin bestjoersposten opfollen mei funksjonarissen út it westen wei en gjin pleatslike persoanen. Boppedat rekke it lân yn 1410 yn oarloch mei Poalen en Litouwen, dêr't Grutmaster Ulrich fan Jungingen de Slach by Tannenberg yn 1410 ferlear. Yn de Earste Frede fan Thorn yn 1411 ferlear de Oarder it gebiet Samogytje en moast it in grutte slompe jild opbringe. Dat en de bliuwende strideraasjes mei Poalen makke it dat in belestingferheging nedich wie. Dat wie net nei it sin fan de stêden en de adel. Yn 1440 ferienigen de adel en de Hânzestêden Danzig, Thorn en Elbing harren ta it Prusyske Bûn. Dat bûn kaam yn ferwar tsjin de Oarder en ropte yn 1454 de help yn fan Kasimir IV fan Poalen. Dêrnei bruts de Poalsk-Prusyske Trettjinjierrige Kriich (1454-1466) út, dy't einige yn in Poalske oerwinning. Yn de Twadde Frede fan Thorn (1466) ferlear de Dútske Oarder mei Pommerellen, Kulmerlân, Ermlân en de stêden Danzig (Gdańsk), Thorn (Toruń), Elbing (Elbląg) en Marienburg (Malbork) it gânse westen fan Prusen oan Poalen. De Dútske Oarder hâlde it easten, mar moast dêr sûnt dy tiid Poalen as lienhear erkenne. It ferlerne gebiet, dat sûnt dy tiid Keninklik Prusen neamd waard, kwam sa'n bytsje oerien mei de lettere provinsje West-Prusen. It sit fan de Oarder waard nei de anneksaasjes ferpleatst fan Marienburg nei Keningsbergen, dy't oant 1945 de haadstêd fan East-Prusen bliuwe soe.

Hartochdom Prusen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albrecht fan Brandenburch erkent it lienhearskip fan Poalen oan kening Sigismund I de Alde

De wegering fan grutmaster Albrecht fan Brandenburch-Ansbach (1490-1568), in lid fan it machtige Hûs Hohenzollern, en erken it Poalske gesach, late yn 1519 ta in nije oarloch. Om it einleaze konklikt te einigjen sleat er him by de Reformaasje oan. Op advys fan Maarten Luter joech er it amt fan grutmaster oer en sekulearre er Prusen. Yn ruil foar it erkennen fan Poalen as lienhear krige er yn 1525 fan kening Sigismund I Prusen, mei de grinzen fan 1466 as erflik hartochdom; Hartochdom Prusen. Prusen bleau lykwols in fazalsteat fan Poalen. De Dútske Oarder, de katolike tsjerke en keizer Karel V wiene it dêr net mei iens, mar harren protesten smieten neat op. Under spanningen fan religieuze stideraasjes moast er al de oerhân jaan oan de Steaten. Dat sadwaande krigen de Hohenzollerns, dy't de macht yn Brandenburch hiene, ek de macht yn Prusen. Under syn bewâld waard yn 1544 de Albertina Universiteit yn Keningsbergen stifte, dy't it geastlik libben goed oansjen joech.

Brandenburch-Prusen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albrecht waard yn 1568 opfolge troch syn soan Albrecht Freark (1568-1618), wylst Joachim II Hektor, karfoarst fan Brandenburch, dy't it gebiet ek mei yn lien krige. Om't Albrecht Freark net hielendal by de tiid wie en syn tastân stadichoan minder waard krige syn neef Joaris Freark I fan Brandenburg-Ansbach yn 1577 it sizzenskip yn Prusen, dy't yn 1605 opfolge waard troch Joachim Hektor syn pakesizzer Joachim Freark. Dy wie boaske mei Albrecht Freark syn famke. Joachim Freark syn soan Johan Sigismund (1618-1619) waard nei it ferstjerren fan Albrecht Freark yn 1618 hartoch fan Prusen. Brandenburch en Prusen wiene dêrmei foargoed ferienige. Brandenburch hearde lykwols by it Hillige Roomske Ryk, wylst Prusen noch hieltyd it lienhearskippij fan Poalen erkenne moast. Johan Sigismund wie yn 1613 op it kalvinisme oerstapt, maar troch de ferhâlding mei it katolike Poalen en de macht fan de strange luterske Steaten moast hy op it mêd fan it leauwen al bedarje, in belied dat syn opfolgers fuortsette soene.

Karfoarst Freark Willem en syn frou Louise Henriette fan Oranje

Syn soan Joaris Willem (1619-1640) rekke belutsen yn de Tritichjierrige Kriich (1618-1648). Prusen bleau, ta tsjinstelling fan Brandenburch, frij fan grutte fernielings, mar de besetting fan de havenstêden troch Gustaaf II Adolf betsjutte in grutte delgong yn ynkommen. Joaris Willem syn soan Freark Willem (1640-1688), de Grutte Karfoarst, sintralisearre it bestjoer, fierde ekonomyske herfoarmings troch, beheinde de ûnder syn foargongers sterk woeksen macht fan adel en stêden en boude in effisjint en sterk leger op. By de Frede van Westfalen (1648) krige er Efter-Pommeren, de sekularisearre bisdommen Kammin, Minden en Halberstadt en de fâdij oer it aartsbisdom Magdeburg.
Nei de Noardske Kriich (1655-1660) waard de selsstannigens fan Prusen befêstige troch Poalen by it Ferdrach fan Wehlau (1657) en ynternasjonaal by it Ferdrach fan Oliva (1660).

Keninkryk Prusen oant 1871[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Untjouwing ta grutmacht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kening Freark I fan Prusen

Nei jierrenlang ûnderhanneljen mocht Freark Willem syn soan Freark III (1688-1713) fan Keizer Leopold I fan it Hillige Roomske Ryk lang om let de keningstitel krije. Dêrtsjinoer stie dat hy de keizer stypje moast yn syn striid yn de Njoggenjierrige Kriich en de Spaanske Súksesjekriich. Kening fan Brandenburch koe er net wurde, want Brandenburch lei yn it Hillige Roomske Ryk en Kening fan Prusen koe ek net, want in part fan Prusen lei yn it Keninkryk Poalen. Doe't hy himsels op 18 jannewaris 1701 ta kening kroane, neamde er himsels Kening yn Prusen.
De Hohenzollenske gebieten waarden fanôf no wol gauris as Prusen oantsjutten. Prusen sels wie net it mulpunt mear hjirfan, dêr't útsein de wichtige hannelstêd Keningsbergen, ekonomysk net folle betsjutte en ek frij tin befolke wie. Brandenburch wie it mulpunt en sintrum fan Prusen, mar it eknomyske swiertepun ferskode mear nei it westen nei de nei 1648 nije wûne gebieten, lykas it hartochdom Kleef en de greefskippen Mark en Ravensberg. Troch syn spul oer de erfenis mei de Fryske steedhâlder Johan Willem Friso krige er de greefskippen Meurs en Lingen (1702) en by eintsjebeslút ek it foarstendom Neuchâtel (1707). Middels keap krige er it greefskip Tecklenburg (1707).
Freark syn soan en opfolger Freark Willem I (1713-1740), de Soldatekening neamd, krige by syn dielnimming oan de Frede fan Utert (1713) Boppe-Gelre en nei de Grutte Noardske Kriich (1700-1721) krige er yn 1720 Foar-Pommeren mei de hannelstêd Stettin fan Sweden.

Freark Willem I, de soldatekening

De Soldatekening sette it belied fan militarisearring fan syn pake fuort en bestege wol 85% fan de steatsbegrutting oan it leger en sa boude er in grutte legermacht op. Under syn macht ûntstie it typyske oansjen fan it Prusyske militarisme en plichtstrouwe oarder. Hy sintralisearre it bestjoer, lykas de finânsjen en fierde in ekonomysk belied neffens it merkantilisme. Yn it troch in pestepidemy trofffen East-Prusen, waarden tsientûzenen emigranten, wêrûnder de Salzburger emigranten oanlutsen dêrhinne en bou it gebiet wer op.

Freark II de Grutte
Freark Willem II

Prusen waard noch machtiger ûnder it bewâld fan Freark Willem syn soan Freark II de Grutte (1740-1786). Hy gie yn itselde jier al op oarlochspaad mei Eastenryk en hie syn eagen setten op Sileezje, dat ryk oan dylchstoffen wie. Nei't de Habsburchske keizer Karel VI ferstoar makke hy oanspraken op Sileezje. Nei trije oarloggen dy't Prusen allegear wûn anneksearre er it gebiet. Yn 1743 foel hy ek de troch Eastenryk anneksearre Keninkryk Bohemen yn, mar dat koe er net klear krije. Doe't Eastenryk mei Frankryk en Ruslân in ko??älysje foarme tsjin Prusen, like it net goed te kommen foar Freark de Grutte, mar troch it ferstjerren fan tsarina Elisabeth fan Ruslân yn desimder 1761 en doe tsaar Peter III, dy't Prusysk-gesind wie, op 'e troan kaam yn 1762, slute er daliks frede mei Prusen. Hjirtroch bleau Prusen oerein en koe it Sileezje hâlde. Prusen krige yn 1744 ek de hearskippij oer de greefskip East-Fryslân nei't it Hûs Sirksena útstoar. Prusen rekke ek belutsen yn de Sânjierrige Kriich (1756-1763). Freark anneksearre parten fan Poalen yn de Earste Poalske Dieling yn 1772, kreksa as dat Eastenryk en Ruslân diene. Hjirby krige er West-Prusen, it goa fan de Netze en Ermlân en dat makke Brandenburch en Prusen in oaniensletten gebiet. No't it gânske gebiet fan it âlde Prusen ûnder Hohenzollernsk gesach wie, koe Freark de titel Kening fan Prusen brûke.

Syn lettere regearsperioade bestege er mear tiid oan it ûntwikkeljen fan de steat. It troch de Sânjierrige Kriich diels ferwoaste lân waard weropboud troch koloanisearring, drûglizzen fan sompige geaen en it graven fan kanalen. Ek it ferlichtsjen fan marteling (1747) en liifeigenskip, it ynfieren fan learplicht (1763) en de koadifikaasje fan it rjocht (Allgemeines Landrecht). Hy like tolerant te wêzen tsjinoer de katoliken, dy't troch de anneksaasjes fan Sileezje en parten fan Poalen ûnder syn bewâld kamen.
De opfolger fan Freark de Grutte wie syn omkesizze Freark Willem II (1786-1797). Hy wie yn in soad opsichten it tsjindiel fan syn foargonger. Mar ûnder syn bewâld wreide Prusen goed út. Yn 1791 krige er de markgreefskippen Brandenburch-Ansbach en Brandenburch-Bayreuth. Yn 1793 die hy mei Ruslân de Twadde Poalske Dieling en krige er it gebiet Súd-Prusen en de stêden Danzig en Thorn. By de Tredde Dieling (1795), dat in ein oan Poalen as in ûnôfhinllike steat makke, krige er Nij-Sileezje en Nij-East-Prusen mei de stêd Warsjau.

Napoleontyske oarloggen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Utwreiding fan Brandenburch-Prusen 1600-1795

Freark Willem II slute nei de Frânske Revolúsje yn 1791 in ferbûn mei Eastenryk tsjin it revolúsjonêre Frankryk. Yn de Earste Koälysjekriich (1792-1797) focht it tsjin Frankryk mar yn 1795 waard de Frede fan Basel tusken Prusen en Frankryk sletten. Prusen erkende de Frânske anneksaasjes fan Prusyske gebieten bewesten de Ryn, mar Prusen krige folle mear ynfloed yn Noard-Dútslân en hie de hannen frij yn it easten, dêr't Prusen it grutste part fan Poalen krige by de Tredde Dieling.

Freark Willem III

Willem Freark II syn soan Freark Willem III (1797-1840) folge him op. Yn de Reichsdeputationshauptschluss fan 25 febrewaris 1803, dat wie it lêste beslút fan it Hillige Roomske Ryk dat himsels ophefte yn 1806, waarden ûnder oare de belangen fan Brandenburch-Prusen regele. Foar it ferlies fan de gebieten bewesten de Ryn krige de kening stikmannich gebieten yn it noarden en midden fan Dútslân, wêrûnder parten fan it bisdom Münster mei de stêd Münster. Nei de Slach by Austerlitz (1805), dêr't Napoleon Eastenryk en Ruslân fersloech, twong hy Prusen in bûnsgenoatskip, mar Freark Willem slute justjes letter efter Napoleon om in ferbûn mei Ruslân. Napoleon andere hjirop mei in Frânske ynfal yn Prusen en fersloech it Prusyske leger yn de Slach by Jena en Auerstedt (1806). Napoleon luts op 27 oktober 1806 de Prusyske haadstêd Berlyn yn. De kening en it hôf flechten nei East-Prusen. Nei noch twa ferlearen fjildslaggen (1807) by Eylau en Friedland yn East-Prusen, moast Freark Willem op 9 july 1807 de Frede fan Tilsit slute. Op oantrunen fan de Russyske tsaar Aleksander I bleau Prusen bestean, mar ferlear de helte fan syn grûngebiet. De gebieten dy't it krigen hie by de Twadde en Tredde Poalske Dieling moast it ôfstean oan it Hartochdom Warsjau en East-Fryslân gie nei it Keninkryk Hollân. Boppedat moast boppedat himsels oan it kontinintaal stelsel hâlde en it leger moast ynkrimpe. Freark Willem moast ûnder twang fan Frankryk herfoarmings trochfiere, de saneamde Prusyske Herfoarmings. De oanstelde minister Heinrich Friedrich Karl vom und zum Stein skafte it liifeigenskip ôf (1807) en joech stêden en gemeenten selsbestjoer (1807) en stalde in kabinet fan 5 ministers gear (1808). Syn wurk waard fuortset troch Karl August von Hardenberg dy yn 1812 in begjin makke mei de lykstelling fan de Joaden. Yn 1810 waard de Universiteit fan Berlyn, hjoed-de-dei de Humboldt Universiteit, waard stifte op inysjatyf fan steatsman Wilhelm von Humboldt. Nei't Napoleon syn mislearre fjildtocht tsjin Ruslân en it opkommende nasjonalisme troch de Frânske oanwêzigens en herfoarmings, wist Prusen tegearre mei de Alliëarden tsjin Frankryk te fjochtsjen en it Prusysk leger mei 200.000 manlju ûnder Gebhard Leberecht von Blücher holpen mei en ferslaan Napoleon yn de Slach by Waterloo (1815).

Kongres fan Wenen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Utwreiding fan Prusen 1807-1871

It Kongres fan Wenen waard yn 1815 holden nei de nederlaach fan Napoleon.De Dútske Bûn waard oprjochte. Prusen krige der grutte gebieten by. Lykwols net alle Poalske gebieten fan de Twadde en Tredde Poalske Dieling kamen werom, allinnich it Hartochdom Posen. De rest kaam by it nije Keninkryk Poalen, dat deselde grutte as it hartochdom Warsjau hie. East-Fryslân kaam by it nije Keninkryk Hannover. Prusen krige sa'n 40 prosint fan it Keninkryk Saksen, dat oan de kant fan Napoleon focht, en it krige it Rynlân en Westfalen, dy't lykwols net oan de rest fan it lân grinzgen. It Rynlân wie in goede oanwinst, mei syn goed ûntwikkele yndustry mei benammen izer en koal, wie in wichtige boarne foar de yndustriële ûntjouwing fan it lân. Prusen wie yn de njoggentjinde iuw in foarstanner foar mear Dútske ienwurding. Yn 1834 waard de Zollverein stifte, dat in dûane-uny tusken alle Dútske steaten, útsein Eastenryk, wie. Dit luts de yndustrialisearring en ekonomyske ienwurding fan Dútslân oan.
Eastenryk en Prusen waarden de machtichste en dominante leden fan it Dútske Bûn. Hja wurken meiïnoar en hâld de politike tastân sa as it foar de Frânske Revolúsje wie. Liberale en nasjonalistyske tinzen waarden ûnderdrukt, benammen nei de besluten fan Karlsbad yn 1819. Liberale steatsmannen lykas Stein en Humboldt waarden fuortsetten. De taseine folksfertsjinwurdiging kamen net, útsein inkelde Provinsjale Lândagen,dy't út eallju, boargers en boeren bestiene, dochs inkeld fertsjintwurdige wie troch grûnbesitters.

Liberalisme en Maartrevolúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Freark Willem IV
Maartrevolúsje yn Berlyn

Freark Willem III syn soan Freark Willem IV (1840-1861) folge him op. Hy keas in wat liberaal paad, dochs gie rillegau wer oer op it konservatisme. Hy liet mear frijheid fan de parse ta, liet ferskate liberale tinkers frij en stalde in lânlike folksfertsjinwurding gear. Dizze Feriene Lândei hie lykwols mar in beheind foech en de kening hie yn syn iepeningstaspraak al dúdlik sein dat er gjin konstúsjoneel systeem lije mocht. Dat, en in minne rispinge yn benammen Boppe-Sileezje, late nei de Febrewarisrevolúsje yn Parys ta yn maart 1848 yn gâns Dútslân ta de liberale Maartrevolúsje. De kening like earst wol ta te jaan en sei ferskate liberale maatregels ta. Hy stalde in parlemint gear, dy't it foech hie in grûnwet gear te stallen en te wizigjen en op 29 maart beneamde er in liberaal regear. Nettsjinsteande dit barren luts hy de herfoarmings in pear moanne letter wer yn. Op 2 novimber stelde hy minister-presidint Friedrich Wilhelm von Brandenburg oan, dy't tsjin de revolúsje wie. Op 5 desimber waard in wet oannaam, dat de macht fan de kening fergrutte, it parlemint ltser makke en it trijeklasserjocht dat yn it plak kaam fan de algemiene kieswet.
Yn de Dútske polityk (de Dútske Bûn wie yn 1848 bûten wurking steld) stipe Freark Willem IV earst de besluten fan it liberale Frankfurter Parlemint, bygelyks yn de Sleeswyk-Holsteinske fraach en stjoer troepen nei Sleeswyk en Holstein. Hy sluet lykwols op 26 augustus 1848 sûnder it parlemint witte te litten in wapenskoft. Doe't it Frankfurter Parlemint him yn 1849 de Dútske keizerskroan oanbea, sei er dat hy de kroan net fan in folksfertsjintwurdiging, mar allinnich út hannen fan oare Dútske foarsten. Dat betsjutte in grutte klap foar de liberalen. Freark Willem besocht dêrnei mei it útstel fan syn minister Joseph von Radowitz en meitsje de Lytsdútske oplossing wier: in feriene Dútslân ûnder Prusyske lieding, sûnder Eastenryk. Hy sluet op 26 maaie 1849 it trijekeningsferbûn mei Saksen en Hannover, dêr't de measte lytse Dútske steaten oanslueten. Doe't Eastenryk, dat earst syn hannen fol hie oan de revolúsje yn Hongarije, koe him yn 1849 wer mei Dútske saken dwaande hâlde, wie it lykwols gau dien mei de Prusyske plannen. Yn maart 1850 kaam it Erfurter Parlemint byïnoar en meitsje in grûnwet foar de nije uny. It waard boykotten troch de keninkriken Saksen en Hannover, dy no foar Eastenryk wiene, en de liberalen fanwegen it ûntbrekken fan it demokratyske gehalte. Op 16 maaie 1850 kaam it Dútske Bûn wer byïnoar en yn it Ferdrach fan Olmütz moast Prusen belies jaan oan syn ferieningsplannen en lit de Dútske Bûn wer yn wurking stelle. Dêrnei rekke Prusen yn in konservative tiid. Under it regear fan minister-presidint Otto Theodor von Manteuffel krige de lânadel en de konservative Junkers in soad ynfloed.

De Noarddútske Bûn en oanrin nei de Dútske weriening[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Otto von Bismarck

Nettsjinsteande it weromkringen fan it liberalisme kaam de yndustrialisaasje gooed op gong. Spoarwegen, post en tillegrafy woeksen tige hurd en wegen en kanalen waarden oanlein, bygelyks it Elbing-Osterodekanaal. Yn stienkoalgebieten, lykas Sileezje, it Roergebiet en it Saargebiet kamen nije inen. Mei de waaksende oanfier fan stienkoal wie de allyk waaksende izer- en stielyndustry mooglik. Sadwaande ûntjoegen dizze gebieten ta wichtige yndustriële sintra. Bygelyks yn it Roergebiet ûntstiene de grutte bediuwen fan Krupp en Thyssen.
Yn 1853 tekene Prusen it Jadeferdrach mei it Gruthartochdom Aldenburch en keapje 1000 pûnsmiet lân yn it Aldenburchske part fan East-Fryslân oan de Jade foar it bouwen fan in marinehaven. Dizze haven waard yn 1867 troch kening Willem Wilhelmshaven neamd.
Under kening Willem I (1861-1888), dy't syn broer Freark Willem IV opfolge, begûn der wer in mear liberale perioade. Hy joech yn 1858 it konservative regear-Manteuffel dien en mei it nije liberale regear fan Karel Anton von Hohenzollern-Sigmaringen kaam in "nij tiidperk". Yn dizze perioade waard de frijheid fan de parse en feriening fergrutte en krigen de liberalen in mearderheid yn de lândei. Dochs feroare it wer nei in skeel oer in legerwet tusken liberalen en konservativen dêr't hja it net iens wurde koene, en Willem joech it regear-Hohenzollern dien en beneamde op 23 septimber 1862 de konservatyf Otto von Bismarck. Hy slagge deryn 4 jier lang sûnder parlemint te regearen en it konflikt einige yn it foardiel fan de kroan.
Bismarck hie al gau grutte ynfloed op kening Willem. Hy wie in grut foarstanner fan de Lyts-Dútske rjochting en koe Willem oerhelje en gean net nei de Frankfurter Foarstendei (1863), dat troch de Eastenrykske keizer Frans Joazef organisearre wie en fernij de grûnwet fan de Dútske Bûn, sa't dat mislearje koe. Doe't de Sleeswyk-Holstienske Fraach wer opkaam yn datselde jier drukte Bismarck Eastenryk mei te dwaan mei de Twadde Sleeswykske Kriich (1864) tsjin Denemark. Mei de Prusysk-Eastenrykske oerwinning, dy't folge, waarden de hartochdommen Sleeswyk, Holstein en Lauenburg oernaam en troch beide Prusen en Eastenryk bestjoerd.

Keizer Willem I

Dizze oplossing bliek net te wurkjen en by de Frede fan Gastein (1865) krige Prusen Sleeswyk en Lauenburg en Eastenryk krige Holstein. Noard-Fryslân dat by it hartochdom Sleeswyk hearde kaam no by Prusen. Bismarck hope op in kriich mei Eastenryk oer de hegemony yn Dútslân en beskuldige Eastenryk de Frede fan Gastein te skeinen. Eastenryk mobilisearre syn troepen en Prusen andere mei in kriichsferklearring. De Prusysk-Eastenrykske Kriich bruts út en yn de Slach by Köninggrätz (1866) waarden de Eastenrikers ferslein troch it Prusyske leger ûnder lieding fan Helmuth von Moltke en dêrmei foel de Dútske Bûn fannijs útinoar. Op oantrunen fan Frankryk, dy't net wiis wie mei de Prusyske oerwinning, liet Prusen Eastenryk en de Eastenryk-gesinde Súd-Dútske steaten gewurde. Ek Bismarck joech de foarkar foar in takomstige alliânsje mei Eastenryk. Dochs anneksearre Prusen Holstein en de Eastenrykske bûnsmaten Hessen-Kassel, Nassau, Hannover en de Frije Stêd Frankfurt. It Noarddútske Bûn waard oprjochte mei Prusen as haad, dat in konfederaasje wie fan Dútske steaten, wol of net twongen, benoarden de rivier de Main. In grûnwet waard opmakke, en kening Willem waard bûnspresidint en Bismarck waard bûnskânselier.
Yn in skeel mei Frankryk oer de Spaanske troan, dêr't Prusen Leopold von Hohenzollern-Sigmaringen (de katolike takke fan de keninklike famylje Hohenzollern) stipe, wist Bismarck, troch it públisearjen fan de Emser Depêche, in kriich mei Frankryk út te lokken. De Frânsk-Dútske Kriich (1870-1871), dêr't de Súd-Dútske steaten harren by Prusen oanslueten einige yn in Prusyske oerwinning en de Frânske keizer Napoleon III waard finzennaam. Op 18 jannewaris waard yn Versailles de Dútske Keizerryk útroppen mei Willem as keizer en Bismarck as rykskânselier. Frankryk moast it Dútsktalige Elzas-Loataringen ôfstean oan Dútslân.

Prusen yn it Dútske Ryk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keninkryk Prusen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prusen yn it Dútske Keizerryk 1871-1918

Nei de Dútske weriening waard Prusen wynliken in Dútske dielsteat. Mar Prusen wie dochs de grutste en it dominante lân yn it keizerryk. De relaasje tusken Prusen en de rest fan it keizerryk wie suver yngewikkeld. Prusen besloech trijefyfde fan it oerflak en twatredde fan it ynwennertal. De Prusyske polityk wie ferbûn mei dy fan it keizerryk en de Dútske grûnwet wie frij lyk oan dy fan de Noarddútske Bûn. De Prusyske kening wie tagelyk keizer en de minister-presidint wie ek rykskânselier, útsein yn de perioades tusken jannewaris-novimber 1873 en 1892-1894. It Ryksleger wie wynliken in fergrutte Prusyske leger, dochs hiene keninkriken lykas Beieren, Saksen en Wuertemberch harren eigen legers lykwols ek. It keizerryk wie in federaasje en hie net it rjocht om belestings te heffen oan syn befolking. It koe allinnich ynkomsten krije út aksyns en ynfiertariven en út it ynkommen fan post- en tillegraaftsjinsten. Wilens alle manlju fanôf 25 jier stimme koene yn keizerlike ferkiezings, hâlde Prusen fêst oan syn trijeklassesysteem. Dit makke it sa dat it plattelân faaks mear fertsjinwurdige wie.

Keizer Freark III

Bismarck wist no wol dat it keizerryk in grutmacht wie en brûkte no syn talinten as fredesûnderhanneler, bygelyks yn de Kongres fan Berlyn (1878). Dochs mei de binnelânske polityk hie er minder súkses. Hy fierde yn 1871-1877 syn Kulturkampf tsjin de Roomsk-Katolike tsjerke, dat yn syn eagen in preventive striid tsjin in binnelânske fijân wie. Hy hie noed dat de katolike Zentrumspartei, dat in soad oanhing yn it katolike suden fan Dútslân hie, in bedriging foarmje soe foar de dominante protestânsk-Prusyske elite yn it bestjoer fan it keizerryk, mar dit smiet him neat op. Lykwols hie er mear súkses mei de germanisearring fan de eastlike provinsjes troch it ferdriuwen fan Poalske, Russyske en oare minderheden.

Keizer Willem II

Yn de tachtiger jierren fan de njoggentjinde iuw waard it Prusyske spoarwegenet nasjonalisearre. Dit wie ornearre om likese tariven foar frachtferfier te krijen. De tariven wiene sa setten dat it spoarwegenet in winstjouwende saak foar de oerheid waard en dat levere de oerheid wol goede winst op en wie in gaadlik alternatyf foar belestingheffings. Yn 1888 waard kening Willem I opfolge troch syn soan Freark III, dy't lykwols slim siik wie en ferstoar datselde jier noch oan kielkanker. Hy hat 99 dagen regeare. Freark syn soan Willem II (1888-1918) folge him yn 'e âldens fan 29 jier op nei in slimme bernetiid en in strieminne relaasje mei syn Britske mem, Fiktoaria fan Saksen-Koburch-Gota. Dat late ta in man fan beheinde erfaring en kunde en makke gauris ferkearde besluten en wie boppedat ek koartkoppich. Dêrtroch ferlear er in protte freonen. Hy wie lykas Bismarck konservatyf, dochs joech him yn 1890 dien, want Willem woe sels kânselier wêze. Hy ferkeas in tal ja-knikkers en sêfte persoanen om him hinne. Syn bûtelânsk belied waard fierd op nasjonalistysk mêd. Dêrtroch ferienigen de Dútske tsjinstanners meiïnoar en like it rûn 1900 yn Jeropa op oarloch te kommen. Yn 1914 bruts de Earste Wrâldkriich út, dat einige yn 1918 yn in Dútske nederlaach. Dat en de novimberrevolúsje brocht it ôftrêdzjen fan Willem en dus ek de ein fan it keizerryk en it Prusyske keninkryk.

Frijsteat Prusen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Novimberrevolúsje waard Prusen as dielsteat de Frijsteat Prusen yn de Weimarrepublyk. De ferbining dy't Prusen mei it keizerryk hie ferdwûn en der wie sels in plan en ferdiel Prusen yn lytsere dielsteaten. Dit plan gie net troch en de Prusyske elite bleau noch wol in wichtige rôl spyljen yn de Dútske polityk. Prusen besloech noch 60 prosint fan it oerflak fan Dútslân. It lân dat Dútslân ferlear neffens it Ferdrach fan Versailles wiene meast Prusysk gebiet. Noard-Sleeswyk kaam by Denemark. Dêrby bleau it grutste part fan Noard-Fryslân by Dútslân en it noardlikste stikje gie nei Denemark. Eupen en Malmedy giene nei Belgje. Posen, West-Prusen en eastlik Boppe-Sileezje kamen by Poalen, it Memellân by Litouwen en it Hultsjiner Lantsje gie nei Tsjechoslowakije. East-Prusen waard wer ôfskaat fan de rest fan it lân lykas as foar de Poalske Dielingen. Dertusken lei de Poalske Korridor en de Frije Stêd Danzig, dy't ûnder tasjen fan it Folkebûn selsstannich wurden is.

Prusen (blau) yn de Weimarrepublyk

Yn 1919 waard it trijeklassesysteem ôfskaft en waard it algemien kiesrjocht ynsteld en it lân krige in demokratyske grûnwet.It politike klimaat yn Prusen ferskoden nei lofts, benammen yn Berlyn en it yndustriële Roergebiet mei in grutte wurkersklasse. Fan 1919 oant 1932 hat regearden der in koälysje fan SPD, Zentrumspartei en DDP en fan 1921-1925 DVP derby. Lykwols de Nazypartij fan Adolf Hitler en de kommunisten waarden ek populêr. Utsein yn it katolike Boppe-Sileezje wûnen de nazys yn 1932 yn de measte parten fan de Frijsteat, dochs nettsinsteande holden de demokratyske partijen de mearderheid yn de koälysje.
De Eastprús Otto Braun wie foar de grutste part fan de perioade 1919-1932 Prusysk minister-presidint. Tegearre mei syn minister fan ynlânske saken, Carl Severing fierde er herfoarmings troch dy de grûnslach foarmen foar de lettere Bûnsrepublyk Dútslân. Yn andert op de waaksende kommunisme en nasjonaalsosjalisme fierde hy de konstruktive moasje fan mistrouwen, dêr't as der mistrouwen yn in minister-presidint is dat by in mearderheid hy ôfsetten wurde kin. Dat wie letter ek oernaam troch de Grûnwet fan de Bûnsrepublyk. Ta tsjinstelling fan foar de kriich wie Prusen in pylder fan demokrasy yn de Weimarrepublyk. Measte histoarisy binne fan betinken dat yn dizze perioade de Prusyske oerheid gaadliker wie as de Dútske yn it algemien.

Dielsteat Prusen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dit feroare op 20 july 1932 mei de Preußenschlag, in steatsgreep troch rykskânselier Franz von Papen, dêr't Prusen ûnder direkt gesach ûnder it Ryk kaam. Hy liet alle ministearjes besette, stjoerde alle ministers fuort en naam as Rykskommissaris foar Prusen de macht oer. De reden dy't er joech wie dat de Prusyske oerheid gjin kontrôle oer de públike oarder mear hie nei in rebûlje yn Altona, Hamburch, dat doe noch by Prusen hearde. Der waard ek optochte bewiis nei bûten brocht at it regear fan Braun de kommunisten foarluts tsjin de nazys en dat de sojaaldemokraten en kommunisten yn 't geheim in steatsgreep oan it tarieden wiene.

Donkergriis: gebiet ferlern nei Earste Wrâldkriich
Swart: gebiet ferlern nei Twadde Wrâldkriich
Read: Hjoeddeisk Dútslân

Yn 1933 doe't Hitler de macht oernaam, waard Hermann Göring minister-presidint. Binnen in pear jier nei de lykskeakelingswet (1933) en ryksteedhâlderwet (1935) waard Prusen hielendal ferienige mei it Ryk en Hitler sels waard rykssteedhâlder fan Prusen en alle Prusyske ministearjes waarden gearfoege mei de Ryksministearjes. Dútslân ûnder de nazys waard sintralisearre en de dielsteaten waarden Ryksgoaen (Gaue). Prusen krige yn 1937 yn de Grut-Hamburchwet de Frije Hânzestêd Lübeck derby. De sûnt 1939 yn de Twadde Wrâldkriich anneksearre gebieten fan Poalen waarden net wer by Prusen yndield, mar waarden eigen Ryksgoaen. Prusen sels waard ek ferdield yn Ryksgoaen.

De ein fan Prusen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alliëarde besettinssônes yn Dútslân

Mei it ferpartsjen fan Dútslân nei de Twadde Wrâldkriich ta de Alliëarde Besettingssônes hold Prusen wynliken al op te bestean. Benammen de westlike Alliëarden woene de opheffing fan Prusen wiermeitsje. Wet nr. 46 fan de Alliëarde Kontrôleried hefte de steat, sûnt iere dagen de drager fan militarisme en reaksje yn Dútslân, op 25 febrewaris 1947 offisjeel op.
Sûnt 1945 wiene alle gebieten beëasten de Oder-Neissegrins oan Poalen en de Sowjetuny ferlern, wêrûnder Sileezje en West- en East-Prusen mei stêden lykas Keningsbergen (sûnt 1946 Kaliningrad), Breslau en Stettin. De Dútske befolking flechten en waarden ferdreaun, dat late ta in rûsing fan 2 oant 4 miljoen slachtoffers.
De rest fan Prusen waard ferdield yn nije dielsteaten. Yn de Sowjetsône, dat letter de DDR waard, waarden Brandenburch en Saksen-Anhalt foarme en de rest fan de provinsje Pommeren waard gearfoege ta de steat Meklenburch-Foarpommeren. Yn 1952 waarden dizze dielsteaten opheft en waarden Bezirke foarme, dochs nei de Dútske weriening yn 1990 kamen de dielsteaten wer werom.
De stêd Berlyn waard sels yn 4 besettinssônes ferdield en yn 1949 ferdield yn West-Berlyn, dat in Westdútske eksklave yn de DDR wie, en East-Berlyn. Yn de westlike besettingssônes, dat yn 1949 de Bûnsrepublyk Dútslân waard, waard Prusysk gebiet omfoarme ta de dielsteaten Sleeswyk-Holstein, Nedersaksen, Noardryn-Westfalen, Rynlân-Palts en Hessen. It Prusyske gebiet Wuertemberch-Hohenzollern waard letter ferienige mei de steaten Wuertemberch-Baden en Baden ta de dielsteat Baden-Wuertemberch. It Saargebiet waard in Frânsk protektoraat los fan de Bûnsrepublyk, mar nei in folksstimming yn 1956 kaam it by West-Dútslân as in eigen dielsteat.

Prusen yn públike neitins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoeddeiske dielsteaten dy't hiel of diels by Prusen hearden

Prusen wie yn de Bûnsrepublyk Dútslân yn de earste tsientallen jierren nei de Twadde Wrâldkriich amper in ûnderwerp fan diskusje. Soad Dútsers brochten it lân yn ferbân mei de opkomst fan it nazisme, lykas de alliëarden ek dien hiene. Prusen wie yn de eagen fan Winston Churchill de boarne fan alle kwea dat útroege wurde moast. Ek it kommunistyske regear fan de Dútske Demokratyske Republyk besochten, troch it slopen fan symboalyske gebouwen, de neitins oan Prusen fuort te wurkjen. Fierder hopen de Eastdútske kommunisten mei it fuortwurkjen fan de Junkerklasse, dy't ek yn de Weimarrepublyk en yn de nazytiid noch sterk yn it offisierskorps fan it leger fertsjinwurdige wiene, it reaksionistyske Prusen foargoed te ferneatigjen. Preußentum stie neffens harren nammers foar in yntolerante, ûnminsklike en militaristyske politike kultuer dy mei kadaverdissipline, bline plichtstrouwens en stampende learzen it paad frijmakke hawwe foar it nazisme.
Yn de ein fan de jierren santich en begjin fan de jierren tachtich fan de 20ste iuw hie de Bûnsrepublyk lykwols de saneamde Preußenwelle, dêr't Prusen gauris yn it omtinken stie en it ûnderwerp wie fan in drege diskusje. In dy jierren waarden typysk Prusyske gewoanten, lykas beskaat, disipline, plichtstrouwens en selsopoffering as in goed foarbyld sjoen waard foar in maatskippij mei in tolerante hâlding tsjinoer religieuze minderheden, goed ûnderwiis, foarútstribjende en net-korrupte polityk. Ek yn de DDR kaam it wer ta in wurdearring fan Prusen. In novimber 1980 joech partijfoarsitter Erich Honecker de oanwizing en restaurearje it ruterstânbyld fan Freark de Grutte en pleats it wer oan de Unter den Linden yn East-Berlyn.
Serieus besykjen om Prusen wer bestean te litten nettsjinsteande dizze opwurdearring hawwe der nea west. Der hat in útstel west yn foegje de dielsteaten Berlyn en Brandenburch tegearre ûnder de namme Prusen.
Dat Prusen sa'n flugge dea hie, wie oan it feit te tankjen dat Prusen net as ienheid fan in wengebiet fan ien folk wie, sa dat bygelyks by Beieren en Saksen it gefal wie, dochs allinnich it gefolch wie fan de ambysjes fan it Hûs fan Hohenzollern. De Prusen as folk bestie út in ferskaat fan folken as Saksen, Franken, Hessen, Friezen, Sorben, Poalen en in hiele rige folken. Yn de Midsiuwen en Moderne Tiid binne der nammers ek in soad kolonisten út oare parten fan Dútslân en ek út Fryslân en de Lege Lannen nei it easten lutsen.
Prusen libbet yn de Dútske taal noch hieltyd yn útdrukkings lykas preußischer Drill (hurde dril) en preußisch sparsam (tige sunich). Yn Beieren wurde ynwenners fan Noard-Dútslân, dat earder hast hielendal ûnder Prusysk bestjoer stie, noch hieltyd Preißn neamd en is it skeldwurd Saupreiß (smoarge Prús) noch algemien yn gebrûk as oantsjutting foar dizze 'befolkingsgroep'. Yn Nederlânske dialekten (Limburchsk, Nedersaksysk) besteane noch wurden lykas Pruis en Pruus, dy Dútser betsjutte. Fierder werinnerje yn de taal de nammen fan de kleur Prusysk blau, it plak Preußisch Oldendorf en de fuotbalklups Borussia Dortmund, Borussia Mönchengladbach en Preußen Münster noch oan it lân. It swartwite tenue fan Dútske sporttiims, ek it nasjonale fuotbaltiim, komt boppedat fan it swart/wyt fan de Prusyske flagge.

Yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yndieling fan Prusen rûn 1900
Yndieling fan Prusen yn 1925

Foar it ôfskaffen fan it keninkryk wie Prusen ferdield yn de folgjende provinsjes:

Provinsje Haadstêd
Brandenburch Potsdam
East-Prusen Keningsbergen
Hannover Hannover
Hessen-Nassau Kassel
Pommeren Stettin
Posen Posen
Rynprovinsje Koblenz
Saksen Magdeburg
Sileezje Breslau
Sleeswyk-Holstein Sleeswyk/Kiel
Westfalen Münster
West-Prusen Danzig

Oant 1868 wiene de provinsjes East- en West-Prusen ferienige yn de Provinsje Prusen. Yn it suden fan Dútsklân wie ek noch de provinsje Hohenzollern, dat it stamgebiet wie fan de regearjende famylje Hohenzollern.

Befolking, taal en leauwe[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prusen wie foar it grutste part protestânsk, wêrûnder it grutste part lutersk, mar der wie ek noch in frij grutte kalvinistyske minderheid, benammen yn Brandenburch en ek yn it Rynlân en Westfalen. Ek wie der nei de anneksaasje fan it Rynlân, Sileezje en de gebieten krigen nei de Poalske Dielingen in grutte katolike minderheid. De Poalen wiene de grutste etnyske minderheid en dêrnei in grut tal Litouwers, Tsjechen, Sorben, Friezen en Nederlanners.

Leauwen nei memmetaal (folkstelling 1890)
Taal Sprekkers Protestanten Katoliken Oare kristenen Joaden Overig of onbekend
Dútsk 26.438.070 18.468.665 7.509.953 89.907 365.357 4288
Litousk 121.345 117.503 3.434 304 95 9
Poalski 2.977.951 358.994 2.613.629 2.120 3.170 38
Sorbyskii 67.967 65.092 2.789 74 9 3
Tsjechysk 76.078 8.794 67.082 19 176 7
Waalsk 11.058 213 10.828 5 7 5
Nederlânsk 40.959 9.348 30.638 214 741 18
Frysk 48.827 48.259 199 277 83 9
Deensk 139.399 138.835 137 344 66 17
Russysk 2.523 551 1.090 21 856 5
Ingelsk 10.299 6.607 954 2.035 659 44
Frânsk 6.643 2.378 4.059 50 142 14
Sweedsk 5.984 5.891 50 17 24 2
Italjaansk 5.315 149 5.132 15 19 --
Spaansk 702 227 447 7 14 7
Portugeesk 255 91 145 2 15 2
Oare 3992 852 2.252 38 626 224
Totaal 29.957.367 19.232.449 10.252.818 95.349 372.059 4.692
Opmerkings

i) Ynklusyf Kasjûben
ii) De boarne jout "Wendysk" oan, dat hjoed-de-dei in ferâldere namme is.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lês ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Haffner, S. (1979) Preußen ohne Legende. Gruner + Jahr, Hamburg, ISBN 3-442-75544-1
  • Köbler, G. (1990) Historisches Lexikon der deutschen Länder. Die deutschen Territorien vom Mittelalter bis zur Gegenwart. 3., verbesserte, um ein Register erweiterte Auflage. C.H. Beck, München, ISBN 3-406-34838-6
  • Koch, H.W. (1978) A History of Prussia. Longman, Londen, ISBN 0-582-48190-2
  • Meyers Konversations-Lexikon. Eine Encyklopädie des allgemeinen Wissens. 4., gänzlich umgearbeitete Auflage (1885-1890) Bibliographisches Institut, Leipzig, band 13.