Springe nei ynhâld

Feneesje (stêd)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Feneesje)
Feneesje
Venezia, Venezsia
De âlde stêd
De âlde stêd
Bestjoer
Lân Itaalje
Regio Feneto
Sifers
Ynwennertal 261.321 (2018)
Oerflak 414,6 km²
Befolkingsticht. 653 / km²
Hichte 0-1 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Offisjele webside
Offisjele webside

Feneesje of Fenesië (Italjaansk: Venezia, Fenesjaansk: Venezsia) is in stêd yn it noardeasten fan Itaalje. It leit oan de noardwestigge fan de Adriatyske See, eastlik fan Ferona, westlik fan Triëst en te noardeasten fan Bologna. It is haadstêd fan de regio Feneto en fan de provinsje mei deselde namme. Feneesje wie eartiids in wichtige stêd dat in grutte rol spile hat yn de wrâldskiednis. Tsjintwurdich wenje der om-ende-by 271.003 minsken (2003).

Reliëfsatellytfoto fan de lagune mei Feneesje (griis) links fan it midden, NASA
Kaart fan it histoarysk stedsintrum fan Feneesje

Feneesje leit eastlik fan Ferona, westlik fan Triëst en ten noardeasten fan Bologna, oan de noardwestouwer fan de Adriatyske See.

De Lagune fan Feneesje is in lagune mei de eilannen:

Fan it skiereilân ôf tsjinoer Feneesje, mei in protte akkommodaasjes yn Ca'Savio, Cavallino en Jesolo Lido, kin mei de boat oerfearn wurde fan Punta Sabbioni nei Feneesje.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd bestiet út seis wiken, dy't sestiere (fan sesto, ien-seisde) hieten, te witten:

It hjoeddeiske Feneesje leit op in kloft eilannen midden yn in lagune (de "Laguna Veneta") dat al yn de Romeinske tiid "Venetia" neamd waard. Sûnt 697, doe't de Republyk Feneesje stifte waard, wie der sprake fan in delsetting op ien fan dy eilannen, dêr't de bewenners in mienskip foarmen ûnder in doge (dux, 'hartoch'). Al gau ûntwikkele de stêd him ta in wichtige hannelsstêd oan de Adriatyske See. Rike keaplju hienen it der foar it sizzen, de doge kaam út harren midden wei, lykas de Grutte Rie.

Om-ende-by 1000 besette Feneesje grutte dielen fan Dalmaasje, letter ferwurf it Korfû foar de kust fan Grikelân. De doge Enrico Dandolo brûkte it leger fan de Fjirde Krústocht om Konstantinopel, de haadstêd fan it Byzantynske Ryk te oermasteren. Hy stelde in keizer nei eigen kar oan, en oant 1453 hie de stêd it bewâld oer in part fan dat ryk. Mei in oare hannelsstêd Genua hat Feneesje mei wikseljend súkses ferskate krigen útfochten (1299, 1353 en 1380). Yn de 14e iuw waard op it fêstelân in grut gebiet ferovere. Doe't er yn de 16e iuw in nije hannelsrûte nei Ynje ûntdutsen waard, rûn de wolfeart fan Feneesje stadichoan tebek. Yn 1797 oermastere Bonaparte it gebiet en waard de Republyk Feneesje opheft. Yn 1814 makke Feneesje diel út fan it Lombardysk-Fenesjiaansk keninkryk, ûnder Eastenryk. Yn 1848-1849 slagge it har dêr fan frij te meitsjen, mar waard troch Eastenryk werovere en earst yn 1866 by it nije keninkryk Itaalje foege.

Nijsgjirrichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Inkele bekende tsjerken binne:

Inkele bekende brêgen binne:

Inkele bekende paleizen binne:

De Biënnale fan Feneesje is in keunstfestival dat al sûnt 1895 om it jier yn 'e stêd organisearre wurdt. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje wurdt elts jier yn augustus/septimber organisearre en is ien fan 'e trije meast foaroansteande filmfestivals fan 'e wrâld. It Karnaval fan Feneesje, dat elts jier yn it foarjier plakfynt, is wiidferneamd.