Springe nei ynhâld

Adriatyske See

Ut Wikipedy
Adriatyske See
geografy
type wetter rânesee
lokaasje tusken de Balkan en it
   Apenynsk Skiereilân
lân Albaanje
Bosnje-Hertsegovina
Itaalje
Kroaasje
Montenegro
Sloveenje
koördinaten 43° N, 15° E
ûnderdiel fan Middellânske See
sifers
maks. lingte 800 km
maks. breedte 200 km
oerflak 138.600 km²
djiptegemiddelde 252,5 m
djipste punt 1.233 m
wetterfolume 35.000 km³
Satelytfoto fan de Adriatyske see
Satelytfoto fan de Adriatyske see
Djipte fan de Adriatyske See

De Adriatyske See (Italjaansk: Mare Adriatico, Sloveensk: Jadransko morje/Jadran, Kroatysk en Bosnysk: Jadransko more, Servysk: Јадранско море, Albaneesk: Deti Adriatik, Latyn: Hadriaticum) is it part fan de Middellânske See tusken it Apenynske Skiereilân en it Balkanskiereilân. De see wurdt fan de Ionyske See skieden troch de Strjitte fan Otranto.

De see wurdt yn it westen begrinzge troch Itaalje en yn it easten troch Sloveenje, Kroaasje, Bosnje, Montenegro en Albaanje.

Der lizze wol mear as 1300 eilannen yn de see, dêr't de measten fan by de eastkust fan de Adriatyske See del lizze, sa as de Dalmatyske Eilannen en de Kvarner-eilannen, dy't allegear ta Kroaasje hearre. Krk en Cres binne dêrfan de grutste eilannen.

De Adriatyske See hat in trochsneed djipte fan 260 meter en it djipste plak is 1.233 meter djip. It noardlike part, benoarden de line Ancona en Zadar, is de see it minst djip en komt de djipte nearne ûnder de 100 meter út. Besuden de line Bari en Dubrovnik leit de boaiem wol mear as 1.200 meter ûnder seenivo.

Yn it noarden is der in fochtich seeklimaat, neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen Cfa, mei wiete simmers en kêldere en drûgere winters. Yn it súdlike part is der yn de haadsaak in Middellânske Seeklimaat. De temperatuer fan it wetter op seenivo is yn de simmer tusken de 22° en 30° Selsius en yn de winter tusken 12° en 14° Selsius. Yn it noardwesten fan de see wurdt it wetter yn de winter noch kâlder en yn strange winters kin der sels iis foarmje op de ûndjippe parten.

De wichtichste stêden oan de Adriatyske See binne:

Fan al dy stêden hat Triëst de grutste haven.

Adriatyske See (Kroaasje)