Montenegro
| |||||
![]() | |||||
Offisjele taal | Servysk, Albaneesk | ||||
Haadstêd | Podgorytsa | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet | 13.812 km² | ||||
Ynwenners (2004) | 621.000 | ||||
Munt | Euro (EUR) | ||||
Tiidsône | UTC +1 | ||||
Nasjonale feestdei | 13 july | ||||
Lânkoade | ME | ||||
Ynternet | .me | ||||
Tillefoan | +382 |
Montenegro (Swartberch) is in lân op de Balkan. De haadstêd is Podgorytsa.
It lân hat justjes minder ynwenners as de provinsje Fryslân, (2006) it oerflak beslacht 13.812 km2 en is dêrmei dûbel sa grut as Fryslân.
Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Montenegro wurdt begrinzge troch:
- de Adriatyske See yn it westen,
- Bosnje yn it noarden,
- Servje yn it easten,
- Albaanje yn it suden.
Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Montenegro bestiet foar it grutste part út heech berchlânskip mei steile skeanten dy't oant 2500 meter hichte rinne. De bergen fan Montenegro wurde rekkene ta de meast rûge gebieten yn Jeropa en is nochal min tagonklik. It lânskip stiet op de wrâlderfgoedlist.
Ien fan de meast opmerklike piken fan it lân is Bobotov Kuk yn de Durmitorbergen. Yn de berchgebieten fan Montenegro leit in bysûnder grut tal marren. Oan de grins mei Albaanje leit de Skadarsko Jezero Mar, de grutste mar op de Balkan.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Montenegro wie part fan de bûn fan de lêste twa parten fan it eardere Joegoslaavje, de steatebûn Servje en Montenegro. De bân mei it folle gruttere Servje waard lykwols stadichoan losser. Op 21 maaie 2006 waard yn Montenegro in folksstimming holden oer de fraach oft Montenegro part fan de steatebûn bliuwe moast as selsstannich wurde moast. By in opkomst fan 86,49% wie 55,5% foar, wylst foar in beslút mar 55% by 50% easke wie. Op 3 juny om 20.00 oere rôpe it parlemint fan Montenegro doe de ûnôfhinklikens út.
Sûnt desimber 2010 is it lân kandidaat-lid fan de Europeeske Uny en sûnt 5 juny 2017 lid fan de NAFO.
Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De etnyske ferdieling fan de befolking wie neffens de folkstelling fan 2003 as folgt: de Montenegrinen 43,16% en Servjers 31,99% wienen de grutste befolkingsgroepen, de Bosniakken 7,77%, Albanezen 5,03%, Kroaten 1,1% en sigeuners 0,42% de lytsere.
De Montenegrinen stiene wat skiednis, taal en religy oanbelanget ticht by de Servjers. It wichtichste skeel is dat Montenegro yn it tiidrek fan de Ottomanen ûnôfhinklik bleau wylst Servje dat net wie. Oft de Montegrinen wol of net part útmeitsje fan de bredere Servyske naasje, is ûnderdiel fan (in benammen nasjonalistysk) debat.
Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fan de befolking is 78,5 % kristelik (om-ende-by 75 % Servysk-ortodoks en 3,5 % katolyk). Moslims meitsje 15 % út fan de befolking. Ta dizze religy hearre de etnyske Albaneeske minderheid, dy't fral by de grins mei Albaanje wenje, en de Bosniakken.
Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn Montenegro wurdt Montenegrijnsk sprutsen, dizze taal is in foarm fan it Servo-Kroatysk, de offisjele taal is lykwols (noch) Servysk.
De offsjele taal is de Ijekavyske fariant fan dy taal, dy't ek yn Bosnje sprutsen wurdt. Dizze taal wurdt troch guons "Montenegrijnsk" neamd. Der wurdt sawol brûk makke fan it Latynske as it Syrillyske alfabet. Yn sommige gebieten mei in Albaneeske mearderheid is it brûken fan it Albaneesk troch oerheidsorganen tastean.
Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Montenegro is yndield yn 21 gemeenten (opština):
- Andrijevica
- Bar
- Berane
- Bijelo Polje
- Budva
- Cetinje
- Danilovgrad
- Herceg Novi
- Kolašin
- Kotor
- Mojkovac
- Nikšić
- Plav
- Plužine
- Pljevlja
- Podgorytsa
- Rožaje
- Šavnik
- Tivat
- Ulcinj
- Žabljak
Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
BYP per persoan is $3.800 (2007).
![]() | ||
Lidsteaten: | Belgje • Bulgarije • Denemark • Dútslân • Eastenryk • Estlân • Finlân • Frankryk • Grikelân • Hongarije • Ierlân • Itaalje • Kroaasje • Letlân • Litouwen • Lúksemboarch • Malta • Nederlân • Poalen • Portegal • Roemeenje • Syprus • Sloveenje • Slowakije • Spanje • Sweden • Tsjechje | |
Ultraperifeare regio's: | Frankryk: Frânsk-Guyana • Guadelûp • Martinyk • Majot • Réunion • Sint-Marten Portegal: Azoaren • Madeara — Spanje: Kanaryske Eilannen | |
Kandidaat-lidsteaten: | Albaanje • Noard-Masedoanje • Montenegro • Servje • Turkije |