Springe nei ynhâld

Lúksemboarch (lân)

Ut Wikipedy
Grand-Duché de Luxembourg
Großherzogtum Luxemburg
Groussherzogtum Lëtzebuerg
Flagge fan Lúksemboarch (lân)
Flagge
Lokaasje fan Lúksemboarch (lân)
Offisjele taal Lúksemboarchsk
Frânsk
Dútsk
Haadstêd Lúksemboarch
Steatsfoarm Grúthertogdom
Gebiet
% wetter
2.586 km²
0,6­%
Ynwenners (2024) 672.000
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 23 juny
Lânkoade LUX
Ynternet .lu
Tillefoan 352

Lúksemboarch (offisjeel: Grounhertogdom Lúksemboarch; Frânsk: Grand-Duché de Luxembourg, Dútsk: Großherzogtum Luxemburg, Lúksemboarchsk: Groussherzogtum Lëtzebuerg) is in lyts, mar ynfloedryk lân yn West-Jeropa. It is in parlemintêre monargy en hat trije offisjele talen: Lúksemboarchsk, Dútsk en Frânsk. Lúksemboarch is ien fan de seis oprjochters fan de Jeropeeske Mienskippen, dy't de basis foar de Europeeske Uny foarmen.

Kaart mei geografyske details

Lúksemboarch wurdt begrinzge troch:

It noarden fan Lúksemboarch, Eusling, is part fan de Ardennen. De rest fan it lân, Goedlân leit yn it omlizzende heuvelte fan de Ardennen. It heechste punt fan it lân is de Burgplatz, op 559 meter.

De eastgrins fan Lúksemboarch, mei Dútslân, wurdt foarme troch trije rivieren. Yn it noarden is de Oer de grins, oant dy útkomt yn de haadrivier fan Lúksemboarch, de Sauwer. Dy rint fan west nei east troch it lân, en bûcht as de eastgrins stadichoan nei it suden oant dy de Mûzel berikt. De Mûzel komt út Frankryk, en foarmet it súdlikste part fan de grins. Utsein de omkriten fan Petingen yn it súdwesten, by it trijelannenpunt fan Belgje, Frankryk en Lúksemboarch, leit gâns it lân yn it streamgebiet fan de Ryn.

De haadstêd, Lúksemboarch, is it grutste plak fan it lân. Fierder is de minekrite yn it súdwesten in wichtich fêstigingsgebiet, benammen de plakken Dudelingen, Esch, Differdingen en Pétange.

It klimaat fan Lúksemboarch is matige mei in mingsel fan maritime en kontinentale ynfloeden. De winters binne koel mei froast en snie yn it noarden, wylst de simmers waarm binne mei trochsneed temperatueren tusken de 20 en 25 °C. De jierlikse reinfal is goed ferspraat oer it jier, mei in lytse pyk yn de hjerst en winter.

Side út de Codex Aureus Epternacensis. Dizze wichtige kodeks is yn de 11e iuw skreaun yn Echternach

De skiednis fan Lúksemboarch begjint yn it jier 963, doe't greve Siegfried fan Ardennen it kastiel Lucilinburhuc boude op in strategyske lokaasje boppe de rivier de Alzette. Yn de iuwen dêrnei groeide de dynasty út ta in wichtich grevehûs en letter in hartochdom. Yn de 14e iuw levere it Hûs fan Lúksemboarch trije keizers foar it Hillige Roomske Ryk: Hindrik VII fan Lúksemboarch, Jan fan Bohemen en Keizer Karel IV.

Nei ferskate perioaden fan bûtenlânske hearskippij kaam it gebiet ûnder Habsburchske kontrôle en letter ûnder Frankryk, oant it nei it Kongres fan Wenen yn 1815 in selsstannich gruthartochdom waard yn in persoanlike uny mei Nederlân. Yn 1839 waard it Frânsktalige part fan it Gruthartochdom ôfstien oan Belgje, wylst it lytsere eastlike part oant de ûnôfhinklikens yn 1890 by Nederlân bleau.

Lúksemboarch waard beset troch Dútslân yn beide Wrâldoarloggen. Nei 1945 joech it lân syn neutraliteit op en waard it lid fan sawol de Benelúks as de NAFO en de Jeropeeske Mienskippen.

Regionale befolkingstichtens

Yn 2025 hat Lúksemboarch likernôch 660.000 ynwenners. Goed 47% fan de befolking hat in bûtenlânske nasjonaliteit, mei grutte groepen Portugezen, Frânsen, Dútsers en Italjanen.

Lúksemboarch is in meartalich lân mei trije offisjele talen:

  • Lúksemboarchsk (Lëtzebuergesch): nasjonale taal, sprutsen yn it deistich libben en yn 'e polityk. It is de memmetaal fan in protte bern yn Lúksemboarch en wurdt yn 'e iere jierren fan 'e basisskoalle brûkt as mûnlinge kommunikaasjetaal en om sosjale yntegraasje te befoarderjen. De wichtichste tv-stjoerder RTL Lëtzebuerg stjoert primêr yn it Lúksemboarchsk.
  • Dútsk: is de wichtichste skriuwtaal yn it primêr ûnderwiis en yn de printmedia. Yn in protte boekewinkels bûten de stêd Lúksemboarch wurde meastentiids Dútsktalige tydskriften en boeken ferkocht. Dútsk wurdt al hiel betiid yn it ûnderwiis yntrodusearre (al yn 'e earste klassen) en is de wichtichste skriuwtaal yn 'e earste jierren fan de basisskoalle. It wurdt brûkt foar lêzen, skriuwen en oare fakken.
  • Frânsk: haadtaal yn rjochtspraak, skriuwtaal by oerheidsynstânsjes. Frânsk komt letter yn 'e basisskoalle derby (neist it Dútsk en Lúksemboarchsk), meastal fan de 2e of 3e klasse ôf (bern binne dan 7-9 jier). It wurdt hieltyd wichtiger yn de boppeklassen fan 'e basisskoalle en yn it fuortset ûnderwiis. Ferkearsbuorden binne meastentiids ientalich Frânsk.
It nasjonale parlemint fan Lúksemboarch

Lúksemboarch is in konstitusjonele monargy mei in demokratysk parlemintêr systeem. De Gruthartoch fan Lúksemboarch is it haad fan de steat en hat foaral seremoanjele taken. De wetjouwende macht leit by it palemint (Chambre des Députés), in ienkeamerstelsel mei 60 leden dy't foar fiif jier keazen wurde. It Regear fan Lúksemboarch wurdt laat troch de minister-presidint, dy't lieding jout oan it kollektyf fan ministers. De Gruthartoch beneamt de ministers op foarstel fan de parlemintê regearingskoalysje.

Ynternasjonale gearwurking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lúksemboarch is in stiftsjend lid fan de Benelúks (1944), de Feriene Naasjes (1945), de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949), de Rie fan Jeropa (1949) en de Jeropeeske Uny (1957).

De baly's fan LUX-air op Lofthaven Lúksemboarch

Lúksemboarch hat ien fan de heechste BYP (per holle) fan 'e wrâld. De ekonomy is benammen rjochte op:

  • Finansjele tsjinsten: bankieren, ynvestearringsfûnsen, asset management.
  • Yndustry: tradisjoneel stiel, mar ek hege technyk en duorsume enerzjy.
  • ICT en romtetechnology: Lúksemboarch is haadkertier fan bedriuwen lykas SES (satellytkommunikaasje).
  • Logistyk en distribúsje: troch syn sintrale lizzing yn Jeropa.

It lân hat in hege wurkgelegenheid en in ynternasjonaal oriëntearre arbeidsmerk.

Wichtichste haven is dy fan Metert. Lúksemboarch-stêd hat it grutste fleanfjild fan Lúksemboarch. De maksimum snelheid op de autodyk is 130 km/o. Sûnt 2020 is it iepenbier ferfier fergees foar elkenien yn Lúksemboarch, as earste lân yn de wrâld. Boppedat hat Lúksemboarch-stêd in modern tram- en bussysteem.

De Lúksemboarchske kultuer is in mingeling fan Dûtske, Frânske en Belgyske ynfloeden mei in sterke nasjonale identiteit. De regearing stipet kultuer yn de foarm fan toaniel, keunst, muzyk en literatuer.

Tradysjes en feestdagen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Nasjonale Feestdei (23 juny)
  • Buergbrennen: fjoerfeest yn febrewaris
  • Schueberfouer: jierlikse merke yn augustus yn Lúksemboarch-stêd

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jeropeeske Uny
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykReünionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadeara
Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
· · Berjocht bewurkje