Lúksemboarchsk
Lúksemboarchsk | ||
algemien | ||
eigen namme | Lëtzebuergesch | |
lânseigen yn | Lúksemboarch, Dútslân, Frankryk, Belgje | |
tal sprekkers | 390.000 | |
skrift | it Latynske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk
| |
dialekten | Mûzelfrankysk | |
taalstatus | ||
offisjele status | Lúksemboarch | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | lb | |
ISO 639-2 | ltz | |
ISO 639-3 | ltz |
It Lúksemboarchsk is in taal dy't benammen sprutsen wurdt yn it Gruthartochdom Lúksemboarch. Fierders wurde ek dialekten fan it Lúksemboarchsk sprutsen yn parten fan Belgje, Frankryk en Dútslân.
Klassifikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Lúksemboarchsk is ûnderdiel fan de Mûzelfrankyske dialektkloft dy't ek yn it Saarlân en de regio Trier praat wurdt. Op it mêd fan grammatika, wurdskat en lûdlear komt it Lúksemboarchsk sterk oerien mei de oare Mûzelfrankyske farianten yn Dútslân, sadat der sprake is fan in dialektkontinuum. Mei it Ripûardysk en Rynfrankysk foarmet it Mûzelfrankysk de westlike groep fan de Middeldútske dialekten. It Mûzelfrankysk wykt net bot ôf fan de oare Middeldútske dialekten. Sadwaande is der gjin sprake fan in aparte taal op basis fan taalôfstân. Lykwols hat it Lúksemboarchsk wol in dúdlik Frânsk substraat; sa likernôch 5.000 wurden út it Frânsk binne opnommen yn it Lúksemboarchsk.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Lúksemboarchsk wurdt benammen yn Lúksemboarch sprutsen troch sa'n 70% fan de befolking. Yn Lúksemboarch-Stêd is lykwols 70% fan bûtenlânske komôf sadat it Lúksemboarchsk dêr yn 'e praktyk in minderheidstaal is.[1]
Yn de Belgyske regio Walloanje binne twa gebieten dêr't Lúksemboarchsk praat wurdt. Westlik fan it lân Lúksemboarch wurdt yn de regio Aarlen noch Lúksemboarch praat troch de âldere generaasje. Noardlik fan it lân Lúksemboarch wurdt yn de regio Sankt Vith, ûnderdiel fan de Dútsktalige Mienskip yn Belgje, Lúksemboarchsk praat.
Yn Dútslân wurdt de taal benammen yn de westlike Eiffel praat, om it plak Bitburg hinne. Yn Frankryk wurdt it Lúksemboarchsk yn de regio Thionville (Diedenhoven) allinnich troch de âldere generaasje brûkt.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1984 waard it Lúksemboarchsk as 'nasjonale taal' erkend. It is neist Dútsk en Frânsk de tredde offisjele taal fan it lân Lúksemboarch. In earste offisjele stavering fan it Lúksemboarchsk, de saneamde OLO-stavering (ofizjel lezebuurjer ortografi), waard yn 1946 sûnder in protte súkses ynfierd.[2] Mei mear súkses waard yn 1975 in earste stavering formeel fêstlein[3] en yn 1999 folge dêr in staveringswiziging op.[4] Yn 1999 waard ek de Conseil permanent de la langue luxembourgeoise oprjochte (Permaninte Ried foar de Lúksemboarchske Taal).[5]
Domeinen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 'e radio en telefyzje is it Lúksemboarchsk de meast brûkte taal. Hoewol't der yn de lêste desennia mear boektitels yn it Lúksemboarchsk ferskynden, binne de measte boeken yn de Lúksemboarger boekhannels yn it Dútsk. Yn kranten binne sa'n 65% fan de artikelen yn it Dútsk, 25% yn it Frânsk en 10% yn it Lúksemboarschk. As bestjoerstaal en rjochtstaal wurde it Lúksemboarchsk, Dútsk en Frânsk neist elkoar brûkt. Wetten wurde yn Lúksemboarch allinnich yn it Dútsk fêstlein.[6] Op skoallen wurde de bern opfongen yn it Lúksemboarchsk en meitsje yn de basisskoaltiid it Dútsk eigen. Hoe fierder de bern yn it fuortset ûnderwiis komme, hoe mear de fakken yn it Frânsk jûn wurde. It Lúksemboarchsk is gjin offisjele amtstaal fan de Europeeske Uny.
Yntegraasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omdat 47,7% (2017) fan de Lúksemboargers fan bûtenlânske komôf en oarstalich is,[7] stiet it Lúksemboarchsk ûnder druk.[8] Benammen yn Lúksemboarch-Stêd binne in protte minsken út Belgje en Frankryk dy't gjin Lúksemboarchsk prate kinne. Dêrneist binne der in protte Portugezen yn Lúksemboarch dy't wol it Frânsk machtich binne, mar net it Lúksemboarchsk. Yn 2016 waard op ynternet in petysje opsetten om it Lúksemboarchsk as earste taal yn Lúksemboarchsk te brûken.[9] Yn maart 2017 kaam it Lúksemboarchske regear mei in plan om de posysje fan it Lúksemboarchsk te ferbetterjen.[10]
Taalpriuwke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske, kêst 1:
- All Mënsch kënnt fräi a mat deer selwechter Dignitéit an dene selwechte Rechter op d’Welt. Jiddereen huet säi Verstand a säi Gewësse krut an soll an engem Geescht vu Bridderlechkeet denen anere géintiwwer handelen.
- Alle minsken wurde frij en gelyk yn weardigens en rjochten berne. Hja hawwe ferstân en gewisse meikrigen en hearre har foar inoar oer yn in geast fan bruorskip te hâlden en te dragen.
Lúksemboarchsk | Dútsk | Frânsk | Frysk |
---|---|---|---|
moien | guten Morgen, guten Tag | bonjour | goeiedei |
äddi | ade | adieu | hoi |
wann ech gelift | bitte | s'il vous plaît | as jo wolle |
merci | danke | merci | tanke wol |
Lëtzebuerg | Luxemburg, Lützelburg | Luxembourg | Lúksemboarch |
jo | ja | oui | ja |
nee(n) | nein | non | nee |
dacks | oft | souvent | faak |
propper | sauber | propre | skjin |
Prabbli, Präbbeli | Regenschirm | parapluie | paraplu |
Forschett | Gabel | fourchette | foarke |
Kanner | Kinder | enfants | bern |
Strooss | Straße | rue | strjitte |
Informatioun | Information | information | ynformaasje |
Pabeier | Papier | papier | papier |
Nanzeg | Nancy, Nanzig | Nancy | Nancy |
Paräis | Paris | Paris | Parys |
Bréissel | Brüssel | Bruxelles | Brussel |
Grammatika
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Geslachten en namfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Lúksemboarchsk hat trije geslachten: Manlik, froulik en saaklik. By meartallen kin it lidwurd ek feroarje.
Mann (manlik) |
Fra (froulik) |
Kand (saaklik) |
Faarwe (meartal) | |
---|---|---|---|---|
Nominatyf | de Mann | d’Fra | d’Kand | d’Faarwe |
Datyf | dem Mann | der Fra | dem Kand | de Faarwe |
Akkusatyf | de Mann | d’Fra | d’Kand | d’Faarwe |
It Dútsk hat fjouwer namfallen: nominatyf, genetyf, datyf en akkusatyf. It Lúksemboarchsk hat gjin genetyf. In Dútske sin as Der Hut meines Vaters (de hoed fan ús heit) wurdt yn it Lúksemboarchsk oerset as den Hutt vu mengem Papp of mengem Papp säin Hutt. Yn it Lúksemboarchsk wurdt tusken nominatyf en akkusatyf gjin ferskil makke.
Persoanlike foarnamwurden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ferskillen tusken de persoanlike foarnamwurden yn it Lúksemboarchsk Dútsk (tusken heakjes) binne as folget:
Nominatyf | Datyf | Akkusatyf | |
---|---|---|---|
ik | ech (ich) |
mir (mir) |
mech (mich) |
do | du (du) |
dir (dir) |
dech (dich) |
hy | hie/hien (er) |
him (ihm) |
hie/hien (ihn) |
wy | mir (wir) |
eis/ons (uns) |
eis/ons (uns) |
jim | dir (ihr) |
iech/äerch (euch) |
iech/äerch (euch) |
sy | si (sie) |
hinnen (ihnen) |
si (sie) |
jo | Dir (Sie) |
Iech (Ihnen) |
Iech (Sie) |
Wurdskat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De measte wurden binne tige nau besibbe oan wurden út it Standertdútsk. Sokke wurden ferskille yn útspraak en skriuwwize net in protte fan elkoar of hielendal net. Der binne ek wurden dy’t sterk fan de Standertdútske fariant ôfwike, mar wol sterk oerienkomme mei wurden út oare Dútske dialekten. In foarbyld is 'Gromperen' (ierdappels), dy’t yn it Standertdútsk 'Kartoffeln' hite, mar bygelyks yn it Palterske dialekt 'Grumbeere' neamd wurde. Der binne ek Germaanske wurden dy’t allinnich mar yn it Lúksemboarchsk foarkomme. It wurdsje 'barlucken' (skeelsjen) hat yn oare Germaanske talen of dialekten gjin wjergader. In pear wurden komme oerien mei it Nederlânsk, bgl. it wurdsje 'Geck' (gek).
It Lúksemboarch hat folle mear Frânske wurden oernommen as de oare Mûzelfrankfyske dialekten yn Dútslân. Dat binne wurden as 'merci' (tanke wol), 'pardon' (pardon/ekskús) en 'Gare' (stasjon). By de Frânske wurden yn it Lúksemboarchsk kin in ûnderskie makke wurde tusken wurden dy’t al aardich ynboargere binne lykas 'fëmmen' (Frânsk: fumer, Dútsk: rauchen, Frysk: smoke/rikje) en wurden wêrfan’tst de Frânske oarsprong hiel dúdlik sjochst en hearst lykas 'Accident' (Dútsk: Unfall, Frysk: ûngemak). De Frânske ynfloed is ek werom te finen yn gearstallingen lykas 'Haaptplat' (Frânsk: plat principal, Dútsk: Hauptgericht, Frysk: haadgerjocht).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|