Turkije
| |||||
Offisjele taal | Turksk | ||||
Haadstêd | Ankara | ||||
Steatsfoarm | Presidinsjele republyk | ||||
Presidint | Recep Tayyip Erdoğan | ||||
Gebiet % wetter |
783.562,38 km² 1,3% | ||||
Ynwenners (2010) | 73.722.988 | ||||
Munt | Nije Turkske Lira (TRY) | ||||
Tiidsône | UTC +2 | ||||
Nasjonale feestdei | 29 oktober | ||||
Lânkoade | TUR | ||||
Ynternet | .tr | ||||
Tillefoan | 90 |
Turkije is in lân yn Súdeast-Jeropa. De haadstêd is Ankara en de presidint fan de republyk is sûnt 2014 Recep Tayyip Erdoğan. Turkije ûntstie nei de fal fan it Osmaanske Ryk. Steatsman Mustafa Kemal Atatürk hat Turkije op ferskillende mêden herfoarme en it lân neffens oare Europeeske steaten modernisearre. Sûnt 3 oktober 2005 is Turkije kandidaatlidsteat fan de Jeropeeske Uny. Turkije is ûnder oare lid fan de Rie fan Jeropa, NAFO en de Feriene Naasjes.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Turkije leit sawol op it Jeropeeske as Aziatyske kontinint. It Aziatyske part fan it grûngebiet is it grutst en beslacht likernôch 97 % fan it oerflak, it Jeropeeske mar likernôch 3 %. De Bosporus, dy't de Swarte See mei de Middellânske See ferbynt, is de grins tusken Jeropa en Aazje. Yn Turkije komme ferskillende tektoanyske platen byïnoar, dêrtroch binne der in protte ierdskoddingen. It grutste part fan Turkije leit op de Anatolyske Plaat. Yn it noarden, by de igge fan de Swarte See, beweecht de Euraziatyske plaat nei it suden tsjin de Anatolyske Plaat. De Arabyske Plaat dy't yn it easten oan de Anatolyske Plaat grinzet, beweecht nei it westen. It Europeeske part fan Turkije, yn it noardwesten, leit East Traasje. Anatoalje (ek wol Lyts Aazje neamd) beslacht it Aziatyske part fan it lân, in hege flakte mei yn it noarden en suden in berchrige. It Easten fan Turkije hat mear bergen, mei grutte rivieren lykas de Eufraat en de Tigris. De heechste berch fan Turkije, de Ararat, is it heechste punt mei 5.165 meter.
De grinzen fan Turkije binne likernôch 9.850 km lang, wêrfan 7.200 km oan see grinzje. Turkije wurdt yn it noarden begrinzge troch de Swarte See, yn it noardeasten oan Geörgje (252 km), yn it easten oan Armeenje (268 km) en Iran (499 km), yn it súdeasten oan Irak (352 km), yn it suden oan Syrje (822 km) en de Middellânske See, yn it noardwesten oan de Egeïske See en Grikelân (206 km), Bulgarije (240 km). It bestjoerlik ferdielde eilân Syprus en de ynternasjonaal net erkende Turkske Republyk Noardsyprus lizze foar de súdkust fan de Turkske fêstewâl.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It moderne Turkije ûntstie yn 1923 nei it ferlies fan it Osmaanske Ryk yn de Earste Wrâldkriich. De grûnlizzer fan de moderne Turkske steat wie de nasjonale held Mustafa Kemal Atatürk, letter ek wol "Heit fan alle Turken" neamd. Under syn bewâld wurde der aardich wat fiergeande herfoarmingen trochfierd op sosjaal, polityk, juridysk en taalmêd. Yn 1950 waarden foar it earste frije ferkiezings holden, de Demokratyske Partij wûn en de machtsoerdracht like stabyl. Nei 1950 binne der nije partijen by kaam, mar de demokrasy wie troch politike ûnrêst en militêre steatsgrepen (1960, 1971, 1980) net altyd like wis.
Op 20 july 1974 foel in Turkske militêre macht Syprus oan omdat se benaud wienen foar in Grykske machtsoername. Turkije holdt de eastkant fan it eilân beset. Yn 1984 kaam de Koerdyske Arbeiders Partij (PKK) yn opstân. Troch de striid tusken de Koerden en Turken binne der 30.000 stoarn. Doe't in PKK lieder yn 1999 fêstnommen waard, lutsen striders fan de PKK har werom nei Noard-Irak. Yn 2004 ferklearre de PKK dat it fredesferdrach ferstrike soe en der binne no yndie mear oanfallen fan de KGB. Turkije kaam yn 1945 en 1952 by de Feriene Naasjes, waard lid fan de NAFO, en hat yn it jier 2009/10 in net permaninte stoel yn de Feriene Naasjes feilichheidsrie. Der binne nochwol wat tûkelteammen om Turkije by de JU te krijen. Op 20 maart 2003 begjint de Irakkriich, Turkije falt ien dei letter it Noard-Irak oan, sadat de Koerden dêr gjin mooglikheid hienen om in eigen steat út te roppen.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]BYP per persoan is $12.000 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 8,9% lânbou, 28,3% yndustry en 62,8% tsjinsten. Tusken 1998 en 2006 groeide de ekonomy en it BYP, nettsjinsteand de ekonomyske krisis fan 2001.
De ekonomyske sitewaasje yn Turkije hat noch hieltyd kontrasten. Der is in grut ferskil tusken it yndustrialisearre westen mei de grutte yndustry by de stêden en it agryske en minder ûntwikkele easten. By de Middellânske See is it toerisme, lykas foar it histoaryske Istanbûl, in wichtichte sektor.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan it begjin fan de 20e iuw wennen der 12 miljoen minsken yn it gebiet lyk oan it hjoeddeiske Turkije; dat binne no fiif kear safolle. Yn Turkije wenje 73.722.988 (2010) minsken. Dêrfan binne 73% Turken, 21% Koerden, 2% Tsjerkessen, 2% Arabieren, 0,5% Lazen, 0,1% Syrjers, 0,06% Armeenjers en 0,01% Abkazen. De trochsneed fan de Turkske is frij jong mei 25.5% yn de leeftyd fan 0 oant 15 jier.
Talen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Turkije wurdt it Turksk, de offisjele taal, praat troch 90,5% fan de befolking. De minderheidstalen binne Koerdysk (18,6%), Arabysk (3%), Armeensk, Lazysk, Geörgysk, Adyghe, Sefardysk en noch lytsere talen wêrûnder de sigeunertalen. It Turksk kaam mei de Nomaden út it easten wei nei Turkije ta yn de 10e iuw. Sûnt de herfoarmings fan Mustafa Kemal Atatürk yn 1928 wurdt it Turksk mei it Latynske alfabet skreaun. It Turksk fan hjoed de dei hat in protte lienwurden út it Frânsk en Arabysk. Yn it westen fan Sina, op de Kaukasus en yn Sintraal-Aazje wurde Turkske talen praat. Yn it easten fan Turkije wurdt it Koerdysk praat. It Koerdysk wie oant 1991 troch it Turkske regear ferbean, mar mocht dêrnei wer yn it iepenbier brûkt wurde. Dochs binne der sûnt dy tiid wol gefallen fan ûnderdrukking fan de Koerdyske taal.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens ferskillende rûzings is 99,8% fan de befolking moslim. Sa'n 20% fan de ynwenners (likernôch 15 miljoen minsken) is alevyt, in liberale streaming yn de islam. Turkije hat in ynstitút foar Religy, de Diyanet, dy't tafersjoch hâldt op moskeeën en imams opliedt. De Diyanet is in soennitysk ynstitút, in streaming dêr't de measte ynwenners fan Turkije ta rekkene wurde. Tusken de 7% en 30% fan de befolking sjiyt. Njonken de islam libje yn Turkije Gryksk-Ortodoksen, Armeensk-Ortodoksen en Joaden, meiïnoar foarmje se 0,2% fan de befolking. Oan it begjin fan de 20e iuw wie 20% fan de befolking kristen. Omdat it Osmaanske Ryk yn it westen gebiet ferlear troch de Balkanoarloggen, is dat oantal tebekrûn. Oare redenen binne ferbanning, emigraasje, folkenmoard en ferfolging. Yn de earste iuwen fan de jiertelling wie Konstantinopel in kristlik sintrum. Sûnt 1960 binne hat Turkije wer diplomatike betrekkingen mei it Fatikaan.
Ferkear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Spoardiken: 8682 km, wêrfan 1524 km elektrisearre, stêden mei in goede spoarferbining binne: Istanbûl, Haydarpaşa, Ankara, İzmir, Adana, Konya, Eskişehir, Karaman, Gaziantep, Diyarbakır, Samsun, Malatya, Elazig, Sivas, Mersin en İzmit
- Diken: 386 000 km, wêrfan mear as 1/3 ferhurde dyk
- Havens: Gemlik, Hopa, Iskenderun, Istanbûl, Izmir, İzmit, Icel (by de stêd Mersin), Samsun, Trabzon, Antalya, Çeşme
- Ynternasjonale fleanfjilden: Ankara Esenboga, Lofthaven Antalya, Lofthaven Bodrum Milas, Lofthaven Dalaman, Lofthaven Ferit Melen, Lofthaven Izmir Adnan Menderes, Lofthaven Istanbul Atatürk, Lofthaven Istanbûl Sabiha Gökçen, Lofthaven Kayseri Erkilet, Lofthaven Sakirpasa, Lofthaven Trabzon
Media
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Media yn Turkije.
Yn Turkije binne der sa'n 300 tillefyzjestjoerders - wêrfan inkelde tsientallen nasjonaal útstjoere - en mear as 1.000 radiostjoerders dy't de steatsradio TRT bekonkurrearje. Foar sjoernalisten binne tema's as Koerden, definsje en de politike islam gefoelige ûnderwerpen dy't liede kinne ta arrestaasje en ferfolging. Minskerjochtengroepen sizze dat sjoernalisten wol slein en opsletten binne troch de plysje. It is normaal wannear't in radio of tillefyzjestasjon in skoftke net mear útstjoere mei at se net dogge wat it regear seit. Omdat Turkije by de Europeeske Uny wol, lit it regear de sjoernalisten mear gewurde as foarhinne. Mar neffens in rapport fan de belangenorganisaasje Reporters Without Borders út Parys waarden sjoernalisten yn 2006 juridysk beheind. It is ferbean om de Turkske nasjonale identiteit te misledigjen. Dêrfoar binne sjoernalisten en publisisten ferfolge. Koerdysktalige stjoerders meie sûnt juny 2004 wer útstjoere as ûnderdiel fan de herfoarmings om oan de EU kritearia foar nasjonale minderheden te foldwaan. Der binne ek Koerdyske TV-stjoerders dy't fan bûten Turkije oer de satellyt útstjoere.
Gallery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ministearje fan Toerisme Dútsk, Ingelsk, Turksk
- Turkije almanak Ingelsk
Jeropeeske Uny | ||
---|---|---|
Lidsteaten: Belgje • Bulgarije • Denemark • Dútslân • Eastenryk • Estlân • Finlân • Frankryk • Grikelân • Hongarije • Ierlân • Itaalje • Kroaasje • Letlân • Litouwen • Lúksemboarch • Malta • Nederlân • Poalen • Portegal • Roemeenje • Syprus • Sloveenje • Slowakije • Spanje • Sweden • Tsjechje | ||
Ultraperifeare regio's: Frankryk: Frânsk-Guyana • Gûadelûp • Majot • Martinyk • Reünion • Sint-Marten Portegal: Azoaren • Madeara Spanje: Kanaryske Eilannen | ||
Kandidaat-lidsteaten: Albaanje • Bosnje • Georgje • Moldaavje • Montenegro • Noard-Masedoanje • Oekraïne • Servje • Turkije | ||
· · |