Triëst
| Triëst Trieste | ||
| oersjochfoto fan Triëst | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Regio | ||
| UTI | Giuliana | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 198.515 (31.05.2026)[1] | |
| Oerflak | 85,11 km² | |
| Befolkingsticht. | 2.332,45 ynw/km² | |
| Hichte | 2 m | |
| Offisjele webside | ||
| Triëst – offisjeel webstee | ||
| Kaart | ||
Dizze side giet oer de Italjaanske stêd Triëst. Foar oare betsjuttings, sjoch: Triëst (betsjuttingsside).
Triëst (Trieste yn it Italjaansk) is in stêd eastlik fan Feneesje, oan 'e grins mei Sloveenje. Triëst telt 198.515 ynwenners (2026) en hat in oerflakte fan 85 km². Triëst wie de haadstêd fan 'e eardere provinsje Triëst. Sûnt 2017 is it de haadstêd fan 'e UTI Giuliana yn 'e regio Friûly-Julysk Feneesje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al sûnt de 10e iuw f.Kr. binne yn it gebiet fan it hjoeddeiske Triëst Histri bekend, in Yndo-Europeesk folk dat letter yn kontakt kaam mei de Feneesjers. Op 'e heuvel dêr't no de katedraal fan San Giusto stiet, lei al foar de Romeinske tiid in fêsting.

Yn 'e Romeinske tiid ûntjoech Triëst him ta de Romeinske koloanje Tergeste. De stêd groeide út ta in wichtige haven. Fan 'e Romeinske tiid binne ûnder oare de Riccardopoarte, it Romeinsk teäter en in basilika bewarre bleaun. Yn 'e 6e iuw feroveren de Langobarden de stêd en yn 'e 8e iuw kaam Triëst ûnder it Frankysk bewâld fan Karel de Grutte.
Yn 1382 stelde Triëst him frijwillich ûnder de beskerming fan 'e Habsburchske hartoch Leopold III fan Eastenryk, benammen om de eigen autonomy foar Feneesje oer te behâlden. Dêrnei bleau de stêd mear as fiif iuwen mei de Habsburgers ferbûn. Yn 1719 ferliende keizer Karel VI Triëst de status fan frije haven. Dat soarge foar in sterke ekonomyske groei en makke de stêd ta in wichtich hannels- en havengebiet. Letter waard Triëst haadstêd fan it Eastenryksk kustlân. It Italjaansk waard de wichtichste taal fan it stedslibben, wylst Dútsk en Sloveensk ek in wichtige rol spilen. Troch syn sterke ferbiningen mei Eastenryk en Midden-Jeropa krige Triëst de bynamme "Wenen oan See".
Earste en Twadde Wrâldoarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan 'e ein fan 'e 19e iuw namen de nasjonale spanningen ta. Benammen it Italjaanske yrredintisme waard sterker, wylst de Sloveenske en Kroätyske befolkingsgroepen harren eigen nasjonale identiteit ferdigenen. Yn 1918 waard Triëst troch Italjaanske troepen ynnommen en yn 1920 waard de anneksaasje troch it Ferdrach fan Rapallo formeel fêstlein.
Under it fascisme waard de Sloveenske en Kroätyske befolking systematysk ûnderdrukt. Sloveenske en Kroätyske skoallen, kulturele ynstellings en media waarden ferbean. De brânstifting fan 'e Narodni Dom op 13 july 1920 waard in wichtich symboal fan dy ûnderdrukking. In part fan 'e befolking ferliet it gebiet ûnder twang of om oan 'e ûnderdrukking te ûntkommen.
Nei de kapitulaasje fan Itaalje yn 1943 namen Dútske troepen de macht oer. By Triëst waard de Risiera di San Sabba ynrjochte, in kamp foar finzenen en tsjinstanners fan it nazyrezjym. Yn maaie 1945 namen Joegoslavyske partizanen de stêd yn, mar ûnder druk fan 'e Alliearden lutsen hja har koart dêrnei werom. De takomst fan Triëst waard dêrnei in ynternasjonale striidpunt.
Nei de Twadde Wrâldoarloch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By it Ferdrach fan Parys waard yn 1947 de Frije sône Triëst foarme, mei Triëst as haadstêd. It gebiet waard ferdield yn sône A, mei Triëst en de omkriten, en sône B, yn noardlik Istrië. Sône A stie ûnder Allieard bestjoer, wylst Joegoslaavje it bestjoer oer sône B fierde.
Yn 1954 waard ôfpraat dat sône A oan Itaalje en sône B oan Joegoslaavje tawiisd wurde soene. De definitive ynternasjonale regeling fan 'e grins waard yn 1975 fêstlein yn it Ferdrach fan Osimo. Dêrmei waard Triëst definityf ûnderdiel fan Itaalje, al bleau de stêd noch lang in grinsstêd oan 'e râne fan Joegoslaavje.
De feroaringen fan grinzen en bestjoeren soargen yn 'e 20e iuw foar grutte migraasjestreamen. Slovenen en Kroäten ferlieten yn it ynterbellum it Italjaanske gebiet, wylst nei de Twadde Wrâldoarloch in grut tal Italjanen út gebieten dy't by Joegoslaavje kamen nei Triëst en oare dielen fan Itaalje ferhuzen.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De befolking fan Triëst wie iuwenlang tige meartalich. Yn 'e 19e iuw foarmen Italjaansk- en Sloveensktaligen de grutste groepen, mei dêrnjonken ûnder oare Dútsktaligen en Joaden. In statistyk basearre op gegevens út 1846 komt foar it gebiet fan Triëst út op goed 55% Italjaansktaligen en likernôch 32% Sloveensktaligen; de rest bestie benammen út Dútsktaligen, Joaden en oare groepen.
De folkstelling fan 1880 lit in dúdlik ferskil sjen tusken de stêd en de omlizzende gebieten. Yn 'e stêd wie it Italjaansk oerhearskjend, wylst it Sloveensk benammen yn 'e foarstêden en it omlizzende plattelân sterk fertsjintwurdige wie. Yn 1911 prate yn 'e gemeente Triëst goed de helte Italjaansk en likernôch in fearn Sloveensk; yn 'e omlizzende gebieten wie it Sloveensk noch folle sterker fertsjintwurdige.
Yn 'e rin fan 'e 19e en 20e iuw waard in part fan 'e Sloveensktalige befolking dy't nei de stêd ferhuze, stadichoan Italjaansktalich. Nei de Earste Wrâldoarloch feroare de demografyske gearstalling fierder troch de anneksaasje fan Triëst troch Itaalje, de ûnderdrukking fan 'e Sloveenske minderheid en lettere migraasjestreamen. Nei de Twadde Wrâldoarloch groeide it oanpart Italjaansktaligen fierder; yn 1971 waard it op sa'n 92% rûsd, wylst it oanpart Sloveensktaligen werombrocht wie ta sa'n 6%.
De Dútsktalige befolking waard yn 'e 20e iuw folle lytser. De Joadske mienskip waard swier troffen troch it faksisme en de Holocaust. De Triëster synagoge waard yn july 1942 troch faksisten plondere en swier skansearre; ûnder de Dútske besetting waarden mear as 700 Joaden út Triëst deportearre, benammen nei Auschwitz.
Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd hat in histoarysk sintrum mei ûnder oare it grutte Piazza dell'Unità d'Italia, Romeinske oerbliuwsels en in grut tal tsjerken, wylst oan 'e kust it Kastiel Miramare leit. De skiednis fan Triëst as grinsstêd en havenstêd, mei syn Italjaanske, Sloveenske en Eastenrykske erfgoed, jout de stêd in hiel eigen karakter.
Wichtige monuminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Katedraal fan San Giusto en it Castello di San Giusto – de histoaryske kearn fan 'e stêd.
- Arco di Riccardo – de Romeinske stedspoarte.
- Romeinsk teäter fan Triëst – ien fan 'e wichtichste Romeinske oerbliuwsels.
- Piazza dell'Unità d'Italia – it grutte sintrale plein, omklamme troch monumintale gebouwen.
- Canal Grande yn Borgo Teresiano.
- Kastiel Miramare – it 19e-iuwske kastiel oan 'e kust.
- Faro della Vittoria – de bekende fjoertoer en oantinken oan 'e Earste Wrâldoarloch.
- Risiera di San Sabba – it eardere nazykamp, no in betinkingssintrum.

- De Timpel fan 'e Hillige Trije-ienheid en Sint-Spyridon – in belangryk Servysk-otterdoks monumint.
- De synagoge fan Triëst – in wichtich monumint fan 'e histoaryske Joadske mienskip.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Civico Museo Teatrale Carlo Schmidl – museum oer teäter en muzyk.
- Risiera di San Sabba Museum – museum en oantinkensintrum op it plak fan it eardere kamp.
- Trieste Joyce Museum] – wijd oan James Joyce en syn perioade yn Triëst.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Grutte Kanaal fan Triëst.
- Kastiel fan Miramare
- Fjoertoer Faro della Vittoria
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
