Springe nei ynhâld

Basilyk fan San Marco

Ut Wikipedy
Basilyk fan San Marco

Basilica di San Marco

Lokaasje
lân Itaalje
regio Feneto
plak Feneesje
adres Piazza San Marco
koördinaten 45° 26' N 12° 20' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
patroanhillige Markus
Arsjitektuer
boujier 1063-1617
Webside
Side basilyk
Kaart
Basilyk fan San Marco (Feneesje)
Basilyk fan San Marco

De Patriargale Katedrale Basilyk van Sint-Markus (Italjaansk: Basilica Cattedrale Patriarcale di San Marco) is sûnt 1807 de katedraal fan it patriargaat Feneesje. Tegearre mei de klokketoer, it Palazzo Ducale en it San Marco-plein is de katedraal de belangrykste arsjitekturale lokaasje fan Feneesje.

It bouwurk datearret út likernôch 1060 oant 1100. It wurk nei dy tiid wie benammen it fersieren fan 'e tsjerke. De ferneamde westlike gevel hat in fersierde daklist, dy't fral goatysk is. Oan 'e gouden mozaïken, dy't grutte dielen fan it ynterieur oerdekke, waard iuwen wurke om se te foltôgjen. Yn 'e 13e iuw waarden de koepels ferhege mei holle trommels op in houten ramtwurk; de orizjinele koepels binne folle minder djip lykas oan 'e binnenkant goed te sjen is. Sûnder ferheging fan 'e koepels soene se fanôf it plein net te sjen wêze.

Fanwegen de mozaïken en it wielderich ûntwerp krige de tsjerke fanôf de 11e iuw de bynamme Chiesa d'Oro (Gouden Tsjerke).

De earste tsjerke waard yn 828 yn opdracht de doge njonken it Dogepaleis boud, nei't de Feneesjaanske keaplju Buono da Malamocco en Rustico da Torcello yn Aleksandrje de reliken fan 'e evangelist Markus stellen hiene. Dy earste Markustsjerke waard al hiel gau yn 832 troch nijbou ferfongen op it hjoeddeiske plak. De nijbou gyng troch brân ferlern, doe't by in opstân yn 976 doge Pietro IV Candiano yn syn eigen paleis finzen set waard en de opstannelingen syn paleis yn 'e brân stutsen. It fjoer sloech oer nei de oanbuorjende tsjerke en njonken de tsjerke gyngen ek nochris hûnderten hûzen en it hiele argyf fan Feneesje ferlern. Neitiid folge twa jier letter yn opdracht fan doge Pietro I Orseolo de werbou fan 'e tsjerke. Ut deselde iuw datearret de earste klokketoer fan 'e Sint-Markustsjerke.

Rekonstruksje oarspronklik oansjen fan 'e San Marco.

Mei de bou fan 'e hjoeddeiske tsjerke waard nei alle gedachten yn 1063 útein set. Foar de konsekraase fan 'e tsjerke wurde meardere jiertallen neamd: 1084-1085, 1093, 1102 en 1117. Mooglik gyng it om konsekraasjes fan ferskillende dielen fan 'e tjerke. De tsjerke folge ynearsten it ûntwerp en de ôfmjittings fan de foargonger. De arsjitekturale foarm fan dy tsjerke stie hiel ticht by dy fan 'e âlde Basilyk fan 'e Hillige Apostels yn Konstantinopel, de op ien nei belangrykste tsjerke fan 'e stêd en it keizerlike mausoleum, dy't in pear jier nei de Ottomaanske oermastering fan Konstantinopel ferneatige waard.

Plattegrûn fan de San Marco.

Yn 1094 ûntdiek doge Vitale Faliero yn in pylder op 'e nij it omskot, dat neffens de tradysje as it omskot fan Sint-Markus beskôge wurdt. It bouwurk hat in lege toer (dêr't no de tsjerkeskat yn ûnderbrocht is), dat troch guon beskôge wurdt as in ûnderdiel fan it oarspronklike dogepaleis. De yn Konstantinopel makke Pala d'Oro waard yn 1105 op it heechalter set. In jier letter waard de tsjerke en dan benammen de mozaïken skeind troch in earnstige brân. It is net bekend oft der hjoed-de-dei yn 'e tsjerke noch mozaïken binne út de tiid foar de brân, alhoewol't dy fan it haadportaal noch 11e-iuwsk binne.

It ûntwerp fan 'e tsjerke is in mingeling fan Italjaanske en Byzantynske arsjitektuer. Yn 'e earste helte fan 'e 13e iuw waard de narteks en de gevel opkreazge. Yn 'e selde tiid wiene de mozaïken foltôge en oer de besteande koepels hegere koepels set om se yn oerienstimming te bringen mei de goatyske arsjitektuer fan it nij ûntwurpen dogepaleis.

De katedraal op in 19e-iuwske gravuere.

It dekorearjen fan it ynterieur mei gouden mozaïken wie tsjin 'e ein fan 'e 12e iuw foar it measte foltôge. Yn 'e earste helte fan 'e 13e iuw waard in narteks oan 'e hiele westlike kant oanboud. Sûnt dy tiid koe de noch bakstiennen gevel opkreazge wurde. Benammen de plondering fan Konstantinopel yn de Fjirde Krústocht (1204) brocht in soad weardefol materiaal, lykas spolia, pylders, kapitelen, friezen en mozaïken út Byzantynske gebouwen om dêrmei de basilyk noch moaier te meitsjen. Stadichoan waarden de bakstiennen muorren mei moarmer en keunstwurken fersierd, guon dêrfan folle âlder as it gebou sels, lykas de Fjouwer Tetrarchen (4e iuw).

Earne yn 'e 13e iuw moat de funksje fan 'e tsjerke feroare wêze. Oarspronklik wie it de privékapel fan 'e doge, mar de tsjerke waard mear en mear in steatstsjerke, dêr't grutte publike searemoanjes holden waarden, lykas de offisjele ynstallaasjes en begrafenissen fan 'e doges. Om't de grêfmonuminten jimmeroan grutter waarden en de romte yn 'e tsjerke oprekke, waard sûnt de 15e iuw de Santi Giovanni e Paolo ornearre om te tsjinjen as it mausoleum foar de doges. Pas doe't it tiidrek fan 'e Republyk Feneesje ôfsletten waard, feroare Napoleon de status fan 'e San Marco yn in katedraal, alhoewol't dêr al sûnt de 12e iuw foar dy fan 'e doge oer in troan foar de biskop stie. Foar dy tiid wie de lytsere San Pietro di Castello de tsjerke fan 'e patriarch.

Portaalmozayk.

It behear fan 'e tsjerke wie tabetroud oan in wichtich orgaan fan 'e Republyk Feneesje, de prokurators fan San Marco. Hja hiene harren organisaasje ûnderbrocht yn 'e Procuratie Nuove, dat ek oan it Piazza San Marco stiet. Al it wurk oan 'e bou en it ûnderhâld waard troch dy organisaasje laat. Grutte arsjitekten lykas Jacopo Sansovino en Baldassare Longhena wiene prokurators. De organisaasje bestiet noch altiten en fiert no itselde wurk út foar it patriarchaat.

Sint Markus op de geveltop.

De westlike gevel fan 'e basilyk is te ferdielen yn trije registers: it ûnderste diel, it boppediel fanôf it terras en de koepels. De breedte oerhearsket fanwegen de slappe grûn dêr't de stêd op rêst. De basilyk is 76.5 meter lang, 62,6 meter breed (by it transept), wylst de sintrale koepel 43 meter heech is.

It legere diel fan 'e gevel bestiet út fiif rûnbôgige portalen mei dêrom hinne in wâld oan moarmeren pylders. It haadportaal is fersierd mei it Jongste Gerjocht, dat yn 'e 19e iuw in skeinde foarstelling mei itselde ûnderwerp ferfong. Troch de iuwen hinne moasten faker mozaïken ferfongen wurde, mar de ûnderwerpen waarden yn 'e regel net feroare. De brûnzen doarren iepenje nei de narteks. De mozaïken fan 'e sydportalen litte de skiednis sjen fan 'e reliken fan Sint-Markus. It earste mozayk fan lofts is it iennige mozayk fan 'e gevel dat noch 13e iuwsk is.

De lunettes yn it boppediel binne fersierd mei sênes út it libben fan Kristus (allegear ferfangings út de tiid fan 'e renêssânse). Op 'e dakrâne steane bylden mei boppe de sintrale bôge it byld fan de evangelist Markus mei oan wjerssiden ingels. De fergulde liuw mei wjukken yn it fjild dêrûnder is it evangelistesymboal en tagelyk it symboal fan Feneesje.

Fjouwer hynders

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De orizjinele hynders.

Boppe it portaal steane de ferneamde fjouwer hynders, dy't de basilyk sûnt 1254 siere. Alhoewol't der diskusje is oer de âldens, wurdt oannommen dat se út de klassike âldheid stamme en oarspronklik foar in wein mei in keizer spand wiene. Lang stiene de hynders yn Konstantinopel op de triomfbôge fan it hippodroom. Yn 1204 waarden se nei de plondering fan 'e stêd nei Feneesje brocht en Napoleon liet de hynders yn 1797 nei Parys bringe, mar se kamen yn 1815 werom. Sûnt de jierren 1970 steane der brûnzen replika's en ferhûzen de orizjinele bylden nei it Sint-Markusmuseum.

De Fjouwer Tetrachen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Narteks mei koepelfresko fan de Skepping.

Nei de krisis fan it Romeinske Ryk yn 'e tredde iuw liet keizer Diokletianus in nij keizerlik orgaan ynstelle, dat it ryk mei bestjoere moast. De fjouwer tetrarchen dy't foar dat doel oansteld waarden, foarmen tegearre de tetrarchy. It ferneamde 130 sintimeter hege byld fan 'e Fjouwer Tetrarchen fertsjintwurdiget de ûnderlinge ôfhinklikens fan 'e fjouwer hearskers. It waard nei de plondering fan Konstantinopel yn 1204 mei nei Feneesje nommen en krige in plak yn 'e súdwestlike hoeke fan 'e basilyk. Yn 'e jierren 1960 waard in diel fan 'e ûntbrekkende foet fan ien fan 'e tetrarchenby de eartiidske Myrelaion-tsjerke (tsjintwurdich de Bodrum-moskee) fûn, sadat opheldere waard wat de oarspronklike lokaasje fan it byld west hat.

It westlike diel fan 'e basilyk waard yn 'e 13e iuw fan trije kanten omsletten troch de narteks. De bou fan it baptistearium yn 'e 14e iuw en de Zen-kapel yn 'e 16e iuw makke it needsaaklik dat it súdlike diel fan 'e narteks ôfsletten waard. De mozaïken yn 'e koepels fan 'e narteks binne âld-testamintysk en stelle foarstellings út it bibelboek Genesis en it libben fan Noach, Abraham, Joazef en Moazes foar.

Op 'e muorren oan 'e wjerskanten fan it portaal nei de tsjerke binne de mozaïken fan 'e Teotokos, apostels en evangelisten. Tegearre mei de fresko's yn 'e apsis fan Petrus, Nikolaas, Markus en Hermagoras foarmje se de âldste fresko's fan 'e tsjerke.

Ynterieur tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Detail flier.

It ynterieur hat de foarm fan in Gryksk krús. Eltse earm is trijeskippich en hat in eigen koepel. Boppe de krusing stiet de sintrale koepel, dy't tegearre mei de koepel fan 'e westlike earm grutter is as de oare trije koepels. Dat is basearre op 'e Tsjerke fan de Hillige Apostels yn Konstantinopel.

De moarmeren flier (12e-iuwsk, mar swier restaurearre) is folslein betegele yn geometryske patronen en ûntwerpen fan bisten.

Chiese d'Oro.

Oars as de measte Italjaanske tsjerken hat de San Marco yn 'e 13e iuw nea de oergong makke nei fresko's. Oant yn d'e 19e iuw waard der trochgien mei it oanbringen fan mozaïken. Mooglik hie dat ek wat te meitsjen mei it stypjen fan de lokale Murano glêsfabriken en mei it Feneesjaanske konservatisme.

De boppedielen fan it ynterieur binne hielenal bedutsen mei heldere mozaïken, dy't meiïnoar in oerflak fan 8000 m² beslagge. De measte mozaïken hawwe in gouden eftergrûn. Oant de 18e iuw hie de doge in fêst team keunstners yn tsjinst foar it meitsjen fan mozaïken, mar yn 'e 19e iuw waard it útbestege oan in bedriuw en dy ferfong en restaurearre de mozaïken spitigernôch mei ferlies fan kwaliteit, sadat likernôch ientredde fan it oerflak noch as orizjineel beskôge wurde kin.

De âldste fresko's binne te finen by it haadportaal en stamme mooglik út de jierren 1070. Se waarden makke troch in atelier dat yn 'e midden fan 'e 11e iuw út Konstantinopel kaam en yn 'e katedraal fan Torcello wurke. Dy mozaïken binne suver Byzantynsk, mar yn folgjende fazes rekke de styl jimmeroan mear ferwidere fan 'e styl sa't dy yn Konstantinopel de moade wie. Yn 1130 hie de Byzantynske styl hielendal gjin ynfloed mear en krigen de mozaïken in Italjaanske styl. It meast yndrukwekkend binne de fresko's fan 'e sintrale koepel.

De belangrykste tiid foar de mozaïken wie de 12e iuw, in tiidrek wêryn't de relaasje tusken Feneesje en Byzantium hieltiten minder waard. Unbekend is hokker ynfloed de polityk hie op it wurk yn 'e tsjerke.

Pale d'Oro'.

Ien fan 'e meast ferneamde keunstwurken yn 'e tsjerke is it heechalter, it saneamde Pala d’Oro, in alterstik dat oarspronklik as antependium ornearre wie. It waard foar in diel makke fan spolia út Konstantinopel. It heechste register fan it alterstik komt heechstwierskynlik út it Pantokratorkleaster fan Konstantinopel. It tsjintwurdige alterstik datearret fan 1342, doe't de Feneesjaanske goudsmid Giovanni Paolo Boninsegna der in goatysk masterwurk fan makke yn opdracht fan 'e lettere doge Andrea Dandolo en it ferfraaide mei 1.300 pearels, 300 saffieren, 300 smaragden, 400 granaten, 15 robinen en 90 ametisten en oare ealstiennen.

Madonna di Nicopeia.

Oer it heechalter stiet in 13e-iuwsk siboarium op albasten pylders, dy't mei fyn reliëfwurk mei nijtestamintyske foarstellings fersierd binne. Foar it koer stiet in ikonostaze mei apostelbylden en in krusigingsgroep fan Dalle Masegne út 1394. Lofts fan 'e ikonostaze stiet de dûbele preekstoel út de 14e iuw, gearstald fan ferskillend materjaal. Under is de achthoekige romaanske preekstoel foar de ferkundiging fan it Evangeelje, boppe is de Byzantynske kânsel dy't nei alle gedachten foar de preek ornearre wie. Rjochts fan 'e ikonostaze is in legere preekstoel. dêr't de nije, troch it folk keazen doge presintearre waard.

De Byzantyske Madonna di Nicopeia waard ek meirôve út Konstantinopel en wurdt oant hjoed-de-dei noch jimmeroan heech fereare yn Feneesje. De ikoan wie ferbûn mei de kroan en de stêd Konstantinopel sels en waard eartiids yn tiden fan kriich en ûnheil yn prosesjes en troch Byzantynske keizers by fjildslagen meidroegen. It waard bewarre yn it Kleaster fan Sint-Jehannes de Teoloog yn Konstantinopel en stiet bekend as de Hodegetira, of "Hja dy't de wei sjen lit". De orizjinele Byzantynske list fan ferguld sulver mei ealstiennen is noch altiten oanwêzich. Mei't Feneesjaanske boargers de ikoan yn 'e rin fan de tiid behongen mei juwelen, rekke de figuer fan Kristus slim skeind. De ealstiennen binne in skoft lyn ferwidere en de ikoan waard restaurearre.[1]

De tsjerkeskat bestiet út in unike kolleksje fan Byzantynske objekten, dy't fral út Konstantinopel ôfkomstich binne. Fierder binne der keunstwurken, dy't lokaal makke binne en ek in tal islamityske keunstwurken (fan berchkristal) en objekten út Noard-Europa.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:St Mark's Basilica