Springe nei ynhâld

Relikwy

Ut Wikipedy
In relikwy fan de hillige biskop Bonifatius

In Relikwy of relyk is meastentiids in minsklik oerbliuwsel fan guons (of harren persoanlike besittings) dy't in tige wichtige rol spile hawwe yn in religy en sels foarwerp fan religieusk ferearjen wurden binne. Se wurde tige foarsichtich en earbiedich bewarre en fereare as in taastber oantinken. Fral yn it hindoeïsme, it boedisme en it roomsk-katolike en ortodokse kristendom spylje relikwyen in wichtige rol. Ek by guon islamityske streamings binne relikwyen tige wichtich, mar der binne ek guont by, dy't reliken as ôfgoaderij sjogge.

It wurd relikwy komt fan it Latyn reliquiae, dat "bliuwt" betsjut.