Springe nei ynhâld

Rûnbôge

Ut Wikipedy
Rûnbôge

In rûnbôge is in bôge yn 'e foarm fan in heale sirkel fan presiis 180 graden. Dat betsjut dat de ûnderste twa foegen horizontaal binne. De hichte fan de bôge is altiten de helte fan de oerspanning allyk.

De rûnbôge wie lang de oerhearskjende technyk by it bouwen fan bôgen. De Romeinen perfeksjonearren de technyk en pasten de rûnbôge yn in soad gebouwen ta. Dat wurke yn de romaanske arsjitektuer troch.

Mei de oergong fan de romaanske nei de goatyske boustyl waard de rûnbôge yn de arsjitektuer ferfongen troch de spitsbôge.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tekenings fan Bôgen fan Wikimedia Commons.