Diokletianus

Ut Wikipedy
búste fan Diokletianus

Diokletianus, (Latyn: Gaius Aurelius Valerius Diocletianus) (22 desimber 236- 3 desimber 312) wie keizer fan Rome fan 20 novimber 284 oant 1 maaie 305. Hy wie in wichtige keizer dy't foaral bekend wurden is om syn bysûndere organisatoryske talinten. Under syn keizerskip waarden in protte aspekten fan it Romeinske ryk fernijd of opnij organisearre, lykas yn it leger, de provinsjes, it monetêre systeem en de belestingen.

Opkomst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne as in Illyrjer út de lege stân, makke hy opgong ta konsul. Op 20 novimber 284 waard hy troch it leger as keizer keazen om keizer Numerianus te ferfangen. Nei de moard op Karinus yn july 285 waard hy allinich-hearsker oer it Romeinske Ryk.

De Tetrargy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Diokletianus fûn dat der yn it Romeinske ryk in soad feroare wurde moast. Yn syn eagen wie it ryk fierstente grut om effektyf bestjoere wurde te kinnen. Benammen troch ferskeidene ynterne konflikten en militêre drigingen oan de lange grinzen wie it ryk kwetsber. Hy joech in meiwurker fan him Maksimianus de titel fan Caesar, wat de tradisjonele wize wie foar in keizer (Augustus) om syn opfolger oan te wizen. Lykwols joech hy Maksimianus de titel fan Augustus der by en dielde mei him de macht (Diokletianus yn it easten en Maksimianus yn it westen).

Yn beide ryksdielen kamen aparte haadstêden, de âlde haadstêd Rome wie der net by. Dêrtroch soe de ynfloed fan de Romeinske senaat hurd ferminderje.

Yn 292 wiisden Diokletianus en Maksimianus beide in Caesar oan (efter mekoar Galerius en Konstantius Kloarus). Dizze wienen lykwols net allinnich opfolgers - beiden krigen it ek foar it sizzen oer sawat elk in fearn fan it ryk. Dizze foarm fan regearen wurdt de Tetrargy neamd.

Opfolging[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 1 maart 305 kundige Diokletianus oan dat hysels en Maksimianus ôfgean soenen en op 1 maaie opfolge wurde soenen troch harren Caesars. Dizze opfolgers soenen ek wer twa nije Caesars beneame. Nei de seremoanjes en doe't alles deromhinne regele wie, luts Diokletianus him werom nei syn paleis yn de omkriten fan Spalatum (it tsjintwurdige Split) oan de Adriatyske See en hâlde him sûnt dy tiid dwaande mei túnkjen. Hy wie de iennige Romeinske keizer dy't it keizerskip frijwillich opjoech.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]