Noäch (bibelsk persoan)
| Noäch | ||
| Noach (Lorenzo Monaco). | ||
| Persoanlike gegevens | ||
| alternative nammen | Noah; Nuh (islamitysk) | |
| berne | net neamd yn 'e Bibel | |
| berteplak | net neamd yn 'e Bibel | |
| ferstoarn | net neamd yn 'e Bibel | |
| stjerplak | net neamd yn 'e Bibel | |
| leeftyd | 950 jier (Genesis 9:29) | |
| Famylje | ||
| heit | Lamech (Genesis 5:28–29) | |
| mem | net neamd yn 'e Bibel | |
| partner(s) | namme net oerlevere (Genesis 7:7) | |
| bern | Sem; Cham; Jafet (Genesis 5:32) | |
| Bibelske rol | ||
| bekend fan | bouwer fan 'e arke; rjochtfeardigens, de sûntfloed; it ferbûn mei God | |
| neamd yn | Genesis 5:28–10:32 | |
| religieuze tradysje | joadedom; kristendom; islam | |
Noäch (ek: Noach; Hebriuwsk: נוֹחַ, Arabysk: نوح; bestutting: treast, rêst) is in bibelsk persoan. It ferhaal fan Noäch wurdt yn it boek Genesis ferteld. Neffens de Bibelske berekkening soe Noach yn it jier 2990 foar Kristus berne wêze. Noäch wie al 500 jier doe't er trije soannen krige: Sem, Cham en Jafet. Yn 'e eagen fan God wie Noach in tige rjochtfeardich man, dy't troch de profeet Ezechiël (14:14) mei Daniël en Job ta de meast rjochtskepen minsken fan it minskdom rekkene wurdt. Troch de sûntfloed is Noäch nei Adam de twadde stamheit fan it minskdom.
Noäch libbe yn in tiid dat minsken neffens de Bibel noch tige âld waarden. Sa wie syn heit Lamech al 182 jier doe't Noach berne waard en 777 jier doe't er ferstoar. It wie yn in tiid dat der jimmeroan mear minsken op ierde kamen. Mar God seach ek dat de minsken hieltiten ferkearder waarden. Hy krige Syn nocht fan it ûnrjocht en makke it beslút it minskdom fan 'e kaart te feegjen. Ien man wie lykwols yn Gods eagen lykwols rjochtfeardich en dat wy Noäch.
De bou fan de arke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Om't God fan plan wie om mei in wetterfloed in ein te meitsjen oan al it libben op 'e wrâld, krige Noäch de opdracht in arke te bouwen. God joech hiel krekt oan fan wat hout en op hokker wize it skip boud wurde moast. Nei't de arke klear wie moast Noach mei syn frou, syn soannen en de froulju fan 'e soannen de arke yngean. Fan 'e ûnreine bisten moasten hja ien pear meinimme en foar alle oare bisten en fûgels sân pear. Noäch folge sekuer alle foarskriften fan God op en doe't it safier die God de doar fan 'e arke ticht.
De Sûntfloed
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
(Francesco Castiglione).
Doe liet God de sluzen fan 'e himel iepenje, de boarnen fan 'e grutte ôfgrûn barsten los en it bleau fjirtich dagen en nachten oanien hoazen. Stadichoan kaam it wetter heger en heger en mei waard ek de arke optild. Alles op 'e wrâld wat op it drûge libbe ferdronk en sels de heechste bergen ferdwûnen ûnder wetter, wol hûndertfytich dagen. Dêrnei liet God in wyn oer de wetters waaie, sa't it wetter wer begûn te sakjen en nei hûndertfyftich dagen rekke de arke op 'e berch Ararat wer de grûn. Nei moannen wiene ek de toppen fan oare bergen te sjen. Noäch liet earst in raven frij om te sjen hoe fier it wetter sakke wie, mar die kaam net wer. Dêrnei waard in do loslitten, dy't lykwols werom kaam om't it nearne drûch wie. Nei sân dagen waard de do nochris loslitten en doe kaam de fûgel mei in olivebledsje werom. Noäch wachte doe noch ris sân dagen en liet de do op 'e nij fleane, dy't doe net wer kaam. No wist Noach dat it drûch wie en God sei tsjin Noach dat minske en bist de arke ferlitte moasten.

Ivan Aivazovski (1817–1900).
It earste wat Noäch doe die wie in alter bouwe om te offerjen foar de Heare.
Nei it offer fan Noäch joech God de opdracht oan 'e minske om harren te fermannichfâldigjen. Ek joech God de bisten ûnder de macht fan 'e minsken, krekt lyk as it griene krûd ('Alles dat beweecht en libbet sil jim ta iten wêze ... Allinne it fleis mei it bloed der noch yn meie jimme net ite.'). God ûnthiet ek nea wer in floed oer de wrâld út te stoarten dat alle libben ferdylget en as teken fan dat nije ferbûn liet God de reinbôge ferskine.
Sem, Cham en Jafet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
(Simone Brentana).
De soannen fan Noäch diene wat God har sein hie: hja krigen neiteam dy't de wrâld befolke. Doe't Noäch de wynbou útfûn en in druvehôf oanlein hie, barde it ris dat er dronken wie. Noäch klaaide him út en lei neaken yn 'e tinte. Cham seach syn heit lizzen en fûn dat sa komysk, dat er syn bruorren der by helle om ek efkes te sjen. Sem en Jafet namen lykwols in tekken en leine dat mei harren gesicht de oare kant op oer harren heit hinne. Doe't Noäch wer by wie en wist dat Cham him de gek oanstutsen hie, ferflokte hy Kanaän, de soan fan Cham, en priizge er Sem en Jafet.
Neffens in tradysje stamme fan Sem de semitsyke folken ôf, fan Cham de Kanaäniten en de minsken yn Afrika en fan Jafet de minsken fan it noardlik healrûn.
Grêf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noäch ferstoar yn 'e âldens fan 950 jier en alhoewol't de Bibel gjin plaknamme neamt dêr't er begroeven waard, binne der ferskate tradysjes:
Yn Azerbeidzjan yn 'e stêd Nachitsjevan is der in mausoleum dat neffens de lokale tradysje it grêf fan Noäch is. Ek yn Turkije (Cizre), Jordaanje (al-Karak), Irak (Najaf), Libanon (Karak Nuh) en Yndia (Ayodhya) wurde plakken oanwiisd as it rêstplak fan Noäch, mar dêr is gjin histoarysk of archeologysk bewiis foar.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Noäch op 'e side Christipedia.nl
- (ned) Side Ark fan Noach
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
