Springe nei ynhâld

Kulturkampf

Ut Wikipedy
Spotprint fan Leo XIII en Bismarck wêrby hja inoar oproppe om as teken fan respekt inoars foet te tútsjen: (Paus Leo XIII: „Nun bitte, genieren Sie sich nicht!“, Kânsler Bismarck: „Bitte gleichfalls!“), 31 maart 1878

De term Kulturkampf wurdt yn Dútslân brûkt foar in 19e-iuwsk skeel tusken Prusen en letter it Dútske Ryk ûnder bûnskânsler Otto von Bismarck en de Roomsk-Katolike Tsjerke ûnder paus Pius IX. Dat skeel eskalearre yn 1871, einige yn 1878 foltôge en waard yn 1887 diplomatyk bylein.

It gyng yn Dútslân fral om de Steat yn syn juridyske en politike diminsjes te skieden fan de Roomsk-Katolike Tsjerke en dy fan de ynfloed fan de organisearre katolike minderheid. Ek protestanten krigen te meitsjen mei de Kulturkampf; mar hja binne net dúdlik oan ien kamp ta te wizen om't de maatregels tsjin de katoliken oer it generaal ek yn harren belang wiene. Otto von Bismarck brûkte lykwols wol hiele hurde middels tsjin de katolike geastliken en waard dêrfoar lang om let sels troch protestanten en liberalen bekritisearre.

Otto von Bismarck

Yn in bredere kontekst kin mei "Kulturkampf' ek in Europeesk fenomeen oantsjut wurde: yn ferskillende lannen fan it kontinint kaam it ta ferlykbere ûtwikkelingen. Ek yn oare dielen fan Europa en yn Súd-Amearika wie der yn de 19e iuw sprake fan botsingen tusken de Steat en de Roomsk-Katolike Tsjerke. Dy striid ûnstie troch it politike krewearjen om de ferhâldings tusken Steat en Tsjerke op 'e nij te oardenjen. Dêrby kamen twa mei-inoar konkurrearjende wrâldbylden foar inoar oer te stean: konservatyf en liberaal. Fan 'e kant fan de Steat waard besocht in liberaal belied út te fieren mei as doel in folsleine skieding tusken Tsjerke en Steat te beävensearjen. Yn bygelyks Prusen waard pleite foar de ynfiering fan it boargerlike houlik. Dat rôp fral ferset op fan religieuze krêften fan benammen it katolike folksdiel; hja setten har yn foar de ynfloed fan godstsjinst yn it publike domein en de polityk en foar it primaat fan de Tsjerke en godstsjinst boppe de Steat en wittenskip.

Earder spile yn Switserlân al in soartgelikens konflikt en ek Baden en Beieren hiene al foar de Prusyske Kulturkampf harren eigen Kulturkampf. Dy konflikten wurde as foarrinners fan it konflikt tusken Prusen (en it Dútske Ryk) en de Katolike Tsjerke beskôge .

Paus Pius IX

Yn in tiid dat de feriening fan Dútslân ûnder lieding fan Prusen him ôftekene en de Tsjerklike Steat opheft waard, organisearren de katoliken harren tsjin it ein fan de jierren 1870 yn de Sintrum Partij om û.o. de rjochten fan de religieuze mienskippen foar de Steat oer te behâlden. Dy partij krige net allinne te meitsjen mei liberalen, dy't yn de neffens har reaksjonêre Roomsk-Katolike Tsjerke in hindernis foar de foarútgong seagen. Ek rykskânsler Otto von Bismarck beskôge de Sintrum Partij as in gefaar foar de autoriteit fan de oerheid en de noch net hielendal foltôge ienheid fan it Ryk. Foar him wiene de organisearre katoliken tegearre mei oare minderheden lykas Poalen, Elzas-Loataringers en Denen fijannen fan it Ryk. De polityk organisearre katoliken waarden fan ultramontanisme beskuldige, om 't hja trou wiene oan it 'efter de bergen' (ultra montes) lizzende Rome.

Rykskânsler Otto von Bismarck stelde in rige fan dekreten en wetten op, dy't direkt of yndirekt as anty-Roomsk útlein wurde koene. Guon wetten wiene op it hiele Dútske Keizerryk fan tapassing, oaren allinne foar it keninkryk Prusen.

Maatregels op Ryksnivo

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Dútske Ryk yn de tiid fan de Kulturkampf (de blauwe kleur tsjut Prusen oan
  • De saneamde Kanzelparagraph (Kânselparagraaf) fan desimber 1871 beheinde it rjocht fan geastliken om harren op de kânsel of foar in mannichte te uterjen oer politike oangelegenheden, werfan't de oerheid fûn dat dy de iepenbiere rêst yn gefaar bringe koe. Op basis fan de Kânselparagraaf ferfolge it Nazy-rezjym yn de tiid fan it Tredde Ryk sawol katolike as protestantske geastliken. De wet bleau oant 1953 fan krêft yn West-Dútslân en oant 1968 yn East-Dútslân.
  • It Jesuïtengesetz (Jezuïtenwet) fan july 1872 ferbea alle ynstellings fan dy oarder yn it Dútske Ryk. Fanwegen de swiere yngreep yn grûnrjochten en de ûnbidige diskriminaasje fan in inkelde groep wiene der sels liberalen dy't fûnen dat de wet te fier gyng. In soad jezuïten sochten harren taflecht yn oanbuorjende lannen lykas Nederlân en Belgje. De wet waard yn 1917 wer ôfskaft.
  • Yn febrewaris 1875 waard yn it Dútske Ryk it boargerlike houlik ynfierd. Dêrby tsjinne de regeling yn Prusen as foarbyld.

Maatregels yn Prusen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Op 8 July 1871 skafte Bismarck de katolike ôfdieling fan it Prusyske Kultusministerium (Ministearje fan Religieuze Saken) ôf.
  • Yn maart 1872 folge yn Prusen mei it Schulaufsichtsgesetz it ôfskaffen fan de geastlike skoalle-ynspeksje troch in ynspeksje fan de Steat.
  • Mei de maaiewetten fan 1873 krige de Steat kontrôle op de foarming en beneaming fan geastliken. Sûnder tastimming fan de oerheid mocht gjin inkelde geastlike of preester ynset wurde. Ek kriget de Steat it rjocht om ûnder bepaalde omstannichheden tsjerklike amtsbeklaaiers dien te jaan. Dêrnjonken waard it katolike ferieningslibben en de katolike parse ûnder tafersjoch fan de oerheid steld. It tsjerklike fermogen moast tenei troch keazen fertsjintwurdigers út de Tsjerke beheart wurde. It Austrittgesetz ferienfâldige it trochskrassen fan it lidmaatskip fan in tsjerkegenoatskip.
  • Mei in wet út 1874 waard bepaald dat foar de Wet allinne in houlik dat sletten is troch in amtner jildich is. It tsjerklike houlik hie gjin rjochtskrêft mear en wa't dat al woe mocht dat pas nei 't it boargerlike houlik ynskreaun is dwaan.
  • Om de erkenning fan alle yn it ramt fan de Kulturkampf útfeardige wetten troch de Roomsk-Katolike Tsjerke ôf te twingen, blokkearre de oerheid mei it saneamde Brotkorbgesetz yn april 1875 alle steatsbydragen oan tsjerklike ynstellings fan de Katolike Tsjerke. Op biskoppen en geastliken dy't ree wiene dy wetten te ûnderskriuwen wie dat Brotkorbgesetz net mear fan tapassing.
  • Mei it Klostergesetz hefte de oerheid yn juny 1875 yn Prusen alle kleastermienskippen op. Alle roomsk-katolike muontsen en nonnen waarden it lân útset en allinne kleasteroarders dy't harren suver mei de sikesoarch dwaande holden, mochten bliuwe.

Tsjin it ein fan it konflikt sieten 1800 katolike preesters yn 'e finzenis. Under de feroardielen hearden ek aartsbiskop Mieczysław Halka-Ledóchowski fan it doetiidske Posen en biskop Eberhard fan it bisdom Trier. De bisskoppen fan Münster, Johannes Bernhard Brinkmann, en Limburg, Peter Joseph Blum, flechten nei it bûtenlân. Hûnderten preesters stiene foar de rjochtbanken en politisi dy't de biskoppen holpen waarden ôfset. Op 13 july 1874 besocht de katolike arbeider Eduard Kullmann in oanslach út te fieren op Bismarck, lykwols sûnder grutte gefolgen.

Dêrnjonken waarden yn 1872 ek de diplomatike relaasjes mei it Fatikaan ferbrutsen. Yn in taspraak foar de Ryksdei orearre Bismarck gjin sintimeter ta te jaan yn it konflikt mei de Katolike Tsjerke.

Paus Leo XIII (1878)

Otto von Bismarck helle mei de Kulturkampf net alle politike doelen. Yn 1878 hie de katolike Sintrum Partij likefolle stimmen as de Nasjonale Liberale Partij (23.1 %); mar yn 1881 (23.2 %) en 1884 (22.6 %) wie Sintrum de grutste fraksje yn de Ryksdei. Ek slagge it Bismarck net in spjalting yn de katolike mienskip te beävensearjen, alhoewol't dat ynearsten wol sa like doe't de Ald Katolike Tsjerke oprjochte waard. Dêrnjonken wiene in soad fan Bismarck's oanhingers ek lilk: de protestantske konservativen wiene likegoed as de katoliken tsjin it boargerlik houlik en de tafersjoch fan de Steat op de skoallen. Boppedat seagen ek liberalen grûnrjochten yn gefaar kommen. Nei't er in pear politike doelen helle wie Bismarck wol ree om ta in oerienstimming mei de tsjerklike machten te kommen. In oare reden foar it einigjen fan de Kulturkampf wie dat Bismarck yn 1878 in mearderheid nedich hie foar it saneamde Sozialistengesetz, in wet dy't de sosjalistyske en kommunistyske ferienings, gearkomsten en publikaasje oan bannen lei. En by dy wet hie Bismarck ek de goedkarring fan de liberalen nedich.

Pius IX ferstoar yn febrewaris 1878 en waard opfolge troch Leo XIII. Underhannelings mei de kury brochten fuortendaliks as resultaat dat de skerpe kanten fan de maatregels ferdwûnen. Yn 'e simmer fan 1882 waarden de diplomatike betrekkingen tusken Prusen en it Fatikaan op 'e nij oanhelle. It konflikt waard bylein mei de yn 1886 (21 maaie) en 1887 (29 april) ôfsletten fredesferdragen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Kulturkampf