Deensk
| Deensk | ||
| It Deenske taalgebiet yn Europa. | ||
| algemien | ||
| eigen namme | dansk | |
| lânseigen yn | Denemark | |
| tal sprekkers | 5,3 miljoen memmetalers, 0,3 miljoen twaddetaalsprekkers | |
| skrift | Latynsk alfabet | |
| taalsibskip | ||
| taalfamylje | Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Noardgermaansk - Eastskandinavysk - Deensk | |
| dialekten | Jutsk, Eilân-Deensk, Bornholmsk en Skânsk (oergongsdialekt) | |
| taalstatus | ||
| offisjele status | Ynternasjonale organisaasjes: | |
| erkenning as minderheidstaal | ||
| taalkoades | ||
| ISO 639-1 | da | |
| ISO 639-2 | dan | |
| ISO 639-3 | dan | |
It Deensk (dansk) is in Noardgermaanske taal mei likernôch 5,6 miljoen sprekkers. It is de taal fan hast alle Denen en de ienige offisjele taal fan Denemark. Op de Faeröer, Grienlân en yn it noarden fan Sleeswyk-Holstein wenje Deensktalige minderheden.
Mei de oare Noardgermaanske talen is it Deensk in ôfstammeling fan Aldnoarsk, de mienskiplike oertaal fan de Germaanske folken dy’t yn Skandinaavje wenje. It Deensk is hjoed-de-dei it naust besibbe mei it Noarsk en Sweedsk. Hoewol't dy talen ta in bepaalde hichte ridlik fersteanber binne, wykt it Deensk op it mêd fan útspraak dúdlik ôf.
Yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skifting tusken de Noardgermaanske talen, de Westgermaanske talen is bard om de tiid fan it Grutte Folkeferfarren hinne. Dêr't de Westgermaanske dialekten al gau útwaaiden yn hieltiten slimmer ûnderling te begripen talen, bleauwen Noardgermaanske talen lang yn ien taal by elkoar; dy taal wurdt it Aldnoarsk neamd. Binnen dat Aldnoarsk wie in dúdlike skieding te meitsjen tusken it Aldwestnoardsk en it Aldeastnoardsk. Ta de westlike groep hearden de foarrinners fan it Noarsk en Yslânsk; it lettere Deensk en it Sweedsk foarmen de eastlike groep. Yn de rin fan de iuwen groeiden de dialekten út ta de hjoeddeistige Skandinavyske skriuwtalen. De talen hawwe wol deselde ûntwikkeling trochmakke. As der in fernijing trochfierd waard yn it iene lân dan barde dat ek al gau yn it oare lân. Dêrom binne it Deensk, Noarsk en Sweedsk ûnderling noch goed te ferstean en is der sprake fan in dialektkontinuum. De skriuwwize fan it Bokmål, ien fan de beide Noarske skriuwtalen, stiet it tichstby de Deenske skriuwtaal.
Wylst it Nederdútsk in protte ynfloed hân hat op it Deensk, bestiet der hjoed-de-dei in hurde taalgrins mei it Dútsk/Nederdútsk.
Underskiedende skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol’t Deensk, Noarsk en Sweedsk ticht byinoar steane, hat it Deensk in pear dúdlik ûnderskiedende skaaimerken:
- De Deenske stød is in bysûndere útspraakeigenskip fan it Deensk. It giet om in koarte ûnderbrekking of brek yn de stim, feroarsake troch in beweging fan de stimbannen. Troch dat ferskynsel kinne wurden dy’t oars itselde klinke, dochs in ferskillende betsjutting krije. De stød komt yn it Noarsk en Sweedsk (standerttaal) net foar.
- De fokaalfoarried fan it Deensk is mei 27 ferskillende fokalen dúdlik grutter as dy fan it Noarsk en Sweedsk.
- In protte konsonanten wurde sêft of stom útsprutsen (bygelyks de [d] oan ’e ein fan wurden). Dêrtroch klinkt it Deensk foar bûtensteanders gauris as soenen se de lûden ynslikke.
Taalgebiet & status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]██ Gebiet dêr't Deensk de mearderheidstaal is.
██ Gebieten dêr't Deensk de minderheidstaal is.
Yn Denemark binne der goed 5 miljoen minsken dy't it Deensk as memmetaal hawwe. Net formeel fêstlein is it Deensk de facto de amtstaal fan Denemark.
Yn Deenske minderheid yn Sleeswyk-Holstein beslacht sa'n 50.000 minsken. Dy groep is erkend as nasjonale minderheid en as taalminderheid. De measten wenje yn de bestjoerlike distrikten fan Flensboarch, Noardfryslân, Sleeswyk-Flensboarch en Rendsburg-Eckernförde. Neist de Deenske minderheid wenje der noch sa'n 6.000 Denen yn Sleeswyk-Holstein mei de Deenske nasjonaliteit. Der binne sa'n 50 Deensktalige skoallen (basisûnderwiis en fuortset ûnderwiis) yn it noarden fan Sleeswyk-Holstein [1].
Op de Faeröer hat it Deensk, neist it Faeröersk, de status fan twadde amststaal[2]. Op skoallen is it Deensk in ferplicht skoalfak. Der wenje sa'n 1.500 Deensktaligen op de Faeröer eilannen [3]
Op Grienlân spilet it Deensk noch in rol yn it ûnderwiis en by de Deenske ymmigranten dy't der wenje. Yn 2009 ferlear it Deensk syn status as amtstaal, it Grienlânsk is sûnt dy tiid de iennichste amtstaal. Sa'n 12% fan de ynwenners fan Grienlân is fan Deenske komôf [4], mar it is net krekt bekend hoe grut oft de folsleine Deensktalige populaasje is. Nei alle gedachten wenje de measte Deensktaligen yn it Grienlânske haadplak Nuuk/Godthåb. In grut diel fan de Grienlanner befolking brûkt it Deensk as lingua franca.
Sûnt 1990 leare bern op Yslân it Ingelsk as earste frjemde taal. It Deensk komt op it twadde plak mar is wol in ferplicht fak. Yn 1944 hat it Deensk op Yslân syn status as amtstaal ferlern. It Deensk is ien fan de wurktalen fan de Europeeske Uny en de Noardske Ried.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ûntwikkeling fan it Deensk giet werom op it Aldnoarsk, dat sprutsen waard yn hiel Skandinaavje. Yn runeinskripsjes út Denemark, lykas de runestiennen fan Jelling, binne de âlde foarmen mei namfallen en trije geslachten werom te finen, bygelyks dagr (“dei”), konungr (“kening”) en hús (“hûs”).[5] Dy foarmen binne yn it moderne Deensk feroare yn de foarmen dag, konge en hus. In typysk Skandinavysk erfstik is de oanheaksel mei de bepaalde lidwurdútgong, lykas yn hus → huset en dag → dagen.[6]

Fan omtrint it jier 1100 ôf waard it Latynske alfabet ûnder ynfloed fan de kristlike tsjerke it dominante skriuwsysteem. Yn dy perioade ûntjoech de Deenske fariant fan it Aldnoarsk him ta in eigen taal. Tagelyk hie it Deensk in protte ynfloeden fan it Nedderdútsk, troch de hannelsaktiviteiten fan de Hanze. Tal fan lienwurden waarden oernommen, ûnder oare købe (“keapje”), betale (“betelje”), herre (“hear”), snedker (“timmerman”, fan snitker) en borgmester (“boargemaster”).[7] Ek maritime terminology, lykas skipper, kaj (“kade”) en matros, waard oernommen. Njonken dy ynlieningen bleaune erfwurden út it Aldnoarsk yn gebrûk, bygelyks by (“stêd”, út býr), havn (út höfn) en vindue (út vindauga, “wyn-each”).[8]
Yn it Middeldeensk (±1350–1500) ferdwûnen de measte namfallen en waard de sinbou bepalend foar de grammatikale funksjes. It Deensk ûntjoech him ta in SVO-taal. De meartalsfoarmen waarden ienfâldiger (ulfr/ulfar waard ulv/ulve) en de genityf waard beheind ta in -s-útgong (kongens slot).[9] Yn dy perioade ûntstiene ek twa wichtige fonologyske skaaimerken: it saneamde 'bløde d', in sêfte frikatyf [ð] yn wurden as mad, gade en fløde, en de 'stød', in soarte fan glottale knik yn 'e stimbannen dy’t betsjuttingsferskil drage kin. It klassike foarbyld is anden, dat mei stød “de ein” en sûnder stød “de oare” betsjut.[10]
De Reformaasje joech yn de 16e iuw in krêftige ympuls oan de standerdisearring. De bibeloersetting fan kening Kristiaan III út 1550 levere in autoritative norm op, basearre op it taalgebrûk fan Sjællân (Seelân) en benammen fan Kopenhagen.[11] Dialekten lykas it Jutsk, Bornholmsk en de eilânfarianten bleaune yn de sprektaal lykwols noch lang bestean. Yn deselde tiid kamen nije lienwurden út it Frânsk en it Nederlânsk yn it Deensk, bygelyks ballet, chauffør en restaurant.[12]
Yn de 18e en 19e iuw waard de Deenske stavering noch konsistinter makke en it waard brûkt as wichtich symboal fan de nasjonale identiteit. Alde staveringen mei kj en gj ferdwûnen en ferskillen mei it Sweedsk en Noarsk waarden dúdliker. Sa bleau it Sweedsk faak by sk (skepp), wylst it Deensk skib brûkte en it Noarsk skip.[13] In foarbyld fan in Dútske ynfloed is jernbane (út Eisenbahn).[14]
De 20e iuw brocht radio en televyzje, dy’t soargen foar in sterke standerdisearring fan útspraak en wurdskat. It Kopenhaachsk waard de dominante noarm, ek al bleaune regionale farianten bestean. Yn 1948 waard de letter å ynfierd yn plak fan aa (gaard → gård), en waard it brûken fan haadletters by eigenskipswurden ôfskafd.[15] Nei de Twadde Wrâldoarloch waard it Ingelsk de wichtichste leveransier fan lienwurden (weekend, job, computer, software), dy’t typysk oanpast waarden oan de Deenske morfology (at streame – streamede, at chatte – chattede).[16]
Yn de 21e iuw leit de klam op taalbehear yn in globalisearre kontekst. De Dansk Sprognævn spilet in wichtige rol by it fêstlizzen fan de taalnoarm en it balansearjen fan ynternasjonale ynfloeden mei it behâld fan de eigen fonologyske en grammatikale skaaimerken.[17]
Skriuwwize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Deensk wurdt skreaun mei it Latynske alfabet. Der binne trije tekens nei de z tafoege: : Æ/æ, Ø/ø en Å/å. Dizze tekens wurde sjoen as aparte letters. De letters q, w, x en z wurde hast net brûkt.
De grûnslach foar de Deenske stavering is it midsiuwske dialekt fan it eastlike Seelân. Dat wie doe it sintrale dialekt fan Denemarken omdat Skåne doe noch ûnderdiel wie fan it Deenske ryk. Hjoed-de-dei is it dialekt fan Kopenhagen de standert. Lykwols is de Deenske stavering frijwat konservatyf. Dat betsjut dat in protte lûden, dy't yn 'e rin fan de iuwen stom wurden binne, noch hieltyd skreaun wurde. Somlike letters binne om it prinsipe fan de analogy ynfierd, sûnder histoaryske grûnslach. Foarbylden dêrfan binne:
- De <h> foar <v> en <j> is inkeld noch yn it Noardjutske dialekt te hearren en is in oerbliuwsel fan it Aldnoarsk. Bygelyks hvid [viðˀ] (‚wyt‘; Aldnoarsk hvít), hjul [juːˀl] (‚tsjil‘; Aldeastnoarsk hjúl).
- De <d> yn kombinaasjes as <ld>, <nd> en <rd> lit sawol in histoaryske útspraak sjen as ek de tapassing fan it prinsipe fan de analogy. Bygelyks (etymolyske grûnslach) yn land [lænˀ] (‚lân‘; Aldnoarsk land), (analogysk ynfierd) yn fuld [fʊlˀ] (‚fol‘; Aldnoarsk fullr).
Dêrneist wurde net alle lûden yn it skriftbyld sichter:
- De delgeande koarte /e/ yn wurdsjes as fisk [fesg] (‚fisk‘) en til [te(l)] (‚ta‘)
- De delgeande koarte /o/ yn hugge [hogə] (‚haue, hakje‘), tung [toŋ] (‚lestich, swier‘)
Dialekten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Deensk hat in ryk ferskaat oan dialekten, ek al hat de sterke posysje fan it Kopenhaachsk en de standerdisearring derfoar soarge dat in protte regionale farianten yn de 20e en 21e iuw oan terrein ferlern hawwe. Yn de taalkunde wurdt meastal ûnderskieden tusken trije grutte dialektgroepen: it Jutsk (jysk), it eilân-Deensk (ømål) en it Bornholmsk.[18]
Jutsk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Jutsk wurdt sprutsen op it skiereilân Jutlân en hat sels wer ferskate ûnderfarianten: Súdjutsk (sønderjysk), Eastjutsk (østjysk) en Westjutsk (vestjysk).[19]
- Yn it Súdjutsk is de stød faak ôfwêzich, mar wurdt ferfongen troch toanaksinten dy’t op it Sweedsk of Noarsk lykje.
- Yn guon Jutske farianten wurdt de -r-útgong yn tiidwurden net útsprutsen, sadat kører (“hy rydt”) as køe klinkt.
- Westjutsk stiet bekend om it brûken fan æ as lid, ynstee fan it lidwurd achter it haadwurd te plakken (sjoch tabel hjirûnder).
| Region | West- en Súd-Jutlân | Noardeast-Jutlân (en standerttaal) |
|---|---|---|
| manlik 'de man' | æ mand | manden |
| ûnsidich 'it hûs' | æ hus | huset |
| froulik 'de frou' | æ kone | konen |
| meartal'manlju' | æ mænd | mændene |
Súdjutsk (sønderjysk) hat ek histoarysk in wichtige kulturele posysje, omdat it sprutsen wurdt yn de grinsregio mei Dútslân. Yn guon doarpen yn Súd-Jutlân waard oant yn de 20e iuw noch in fariant sprutsen dy’t dúdlik beynfloede wie troch Platdútsk.[20]
Eilân-Deensk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eilân-Deensk wurdt sprutsen op Sjællân, Fyn en de omlizzende eilannen. Dat dialektgebiet is it naust besibbe oan de standerttaal, omdat it Kopenhaachsk, de basis foar it moderne Standert-Deensk, hjir ûntstien is.[21]
- Yn it Fynsk (fynsk) wurdt de stød minder konsekwint brûkt as yn Sjællân.
- Op Lolland en Falster komt in foarm foar mei langere klinkers en binne der wurden bewarre bleaun dy’t yn it standert-Deensk ferdwûn binne.
- Yn Sjællân is de útspraak it meast yn oerienstimming mei de standert; hjir ûntjoech him de noarm fan it hôf en de media.
Bornholmsk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Bornholmsk wurdt sprutsen op it eilân Bornholm yn de Eastsee en wurdt troch guon taalkundigen as in aparte Skandinavyske fariant beskôge, mei sterke oerienkomsten mei it Sweedsk.[22]
- Bornholmsk hat gjin stød, mar brûkt yn plak dêrfan twa toanaksinten, lykas it Sweedsk en Noarsk.
- Ek de fokaalútspraak is tige apart: wurden as hus (“hûs”) klinke mei in lange, breed útsprekken [uː].
- In protte âlde Aldnoarske foarmen binne hjir bewarre bleaun, ûnder oare by wurden foar see- en lânbou.
Dialekten en standerttaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt de ynfiering fan radio en televyzje yn de 20e iuw hawwe de regionale dialekten terrein ferlern. Jongere sprekkers brûke gauris in mingfoarm fan dialekt en standerttaal, oantsjutten as regionaal Deensk (regionalsprog).[23] Hoewol’t de dialektferskillen yn it deistich libben minder sichtber wurde, hawwe se kultureel noch altyd grutte betsjutting, mei sterke regionale identiteiten en eigen literêre tradysjes. Der binne ek tal fan projekten yn Denemark dy’t rjochte binne op it dokumintearjen en behâlden fan dialektmateriaal.[24]
Oergonsdialekt: it Skânsk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Skânsk (Skånsk) wurdt sprutsen yn de provinsje Skåne (Skane) yn it súdlikste part fan Sweden. Histoarysk hearde Skåne oant 1658 by it Deenske keninkryk en de dialekten dêr waarden dêrom tradisjoneel ta it Deenske taalgebiet rekkene.[25] Nei de fredesferdraggen fan Roskilde kaam de regio ûnder Sweedsk bewâld, mar yn ’e sprektaal binne oant hjoed de dei in protte Deenske skaaimerken bewarre bleaun.
Skânsk wurdt troch taalkundigen faak as in 'oergongsdialekt' beskôge, mei sawol Sweedske as Deenske eigenskippen:
- Yn de fonology hat it noch eleminten fan it saneamde bløde d, dat fierhinne ûntbrekt yn it Sweedsk.[26]
- It brûkt Sweedske toanaksinten ynstee fan de Deenske stød.
- Yn de wurdskat binne sawol âlde Deenske erfwurden as Sweedske ûntlieningen werom te finen. Bygelyks wurdt grädde (rjemme) faak brûkt, dat itselde wurd is as yn it Sweedsk, mar de útspraak hat in Deensk-achtige lûdkwaliteit.
- Guon grammatikale foarmen litte in middenpaad sjen: it brûken fan bepaalde lidwurden as suffiks oan substantiven is behâlden, krekt as yn it Deensk, mar yn de stavering en útspraak slute se oan by it Sweedsk.
Yn de moderne tiid wurdt Skânsk troch de measte sprekkers as in Sweedsk dialekt beskôge, mar de histoaryske eftergrûn soarget derfoar dat guon ûndersikers it noch altiten as in oergongsfoarm tusken Deensk en Sweedsk klassifisearje.[27]
Ynfloeden fan bûten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Dútsk hat in grutte ynfloed hân op it Deensk. Fanôf de lette midsiuwen (Hânze) oant yn de 19e iuw spile it Nederdútsk, troch hannel en geografyske ôfstân, in grutte rol yn Jutlân en op de Deenske eilannen. Sa bestiet der in grut part fan de Deenske wurdskat (25%) út Nederdútske lienwurden en lienoersettingen.[28] Dat makket it Deensklearen foar Dútskpraters ienfâldiger. Mei kennis fan it Dútsk is it alsa mooglik in protte begripen te rieden, as de Deensklearder wit op hokker wize dy lienoersettingen makke wurde. Yn it ferline hawwe it Nederlânsk en it Noard-Frysk (regionaal) in beheinde ynfloed op it Deensk hân. Fierders hat it Deensk in protte ynternasjonalismen (yn de ôfrûne desennia tanimmend Anglisismen).
Danistyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stúdzje fan de Deenske taal en literatuer wurdt oantsjut mei de namme Danistyk. It is in dissipline dy’t ûnder de bredere paraplu fan de Skandinavistyk falt, mar mei in dúdlike fokus op de ûntwikkeling, struktuer, literatuer en kultuer fan Denemark en it Deensk. De earste wittenskiplike belangstelling foar it Deensk ûntstie yn de 18e en 19e iuw, yn it ramt fan nasjonale taal- en letterkundebewegingen. Yn dy perioade ferskynden de earste grutte wurdboeken en grammatika’s fan it Deensk, lykas it wurk fan Rasmus Rask (1787–1832), in pionier yn de ferlykjende taalwittenskip.[29] Yn de 20e iuw waard de Danistyk mear ynstitúsjonalisearre, mei aparte fakgroepen foar taalwittenskip en literatuerstúdzje.
Belangrike publikaasjes op it mêd fan de Danistyk binne ûnder mear it tydskrift Danske Studier (oprjochte yn 1904) en it mear moderne NyS (Nydanske Studier & Almen Kommunikationsteori). Dêrneist spylje wurdboeken lykas it Den Danske Ordbog en it Ordbog over det danske Sprog in grutte rol foar ûndersikers en brûkers.[30]
Ynstituten en organisaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In sintraal ynstitút foar de noarmjouwing fan de taal is it Dansk Sprognævn yn Kopenhagen, dat staveringregels, wurdlisten en taaladvizen jout.[31] Op universitêr nivo hawwe sawol de Universiteit fan Kopenhagen as Aarhus Universiteit folweardige fakgroepen danistyk, mei opliedingen foar sawol bachelor- as masterstudinten. Ek yn bûtenlânsk ramt (Dútslân, Nederlân, de Feriene Steaten) binne der stúdzjeprogramma’s yn Noardske of Skandinavyske stúdzjes mei in Deensk komponint.
Deensk ûnderwiis yn Sleeswyk-Holstein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein spilet de Deenske taal in bysûndere rol troch de oanwêzigens fan de Deenske minderheid. Nei de fredesferdraggen fan 1920 en de fêststelling fan de hjoeddeistige Dútsk-Deenske grins waard de regio Súd-Sleeswyk ûnderdiel fan Dútslân, mar der bleau in grutte groep Deensktaligen wenjen.[32]
De Deenske minderheid hat hjoed de dei eigen skoallen (Danske Skoler), biblioteken en kulturele ynstellingen yn stêden lykas Flensboarch, Sleeswyk en Hüsem. Yn dy ynstellingen wurde kursussen en ûnderwiis yn it Deensk oanbean, sawol foar bern fan de minderheid sels as foar oaren dy’t de taal leare wolle.[33]
Ek op universitêr nivo is der omtinken foar it Deensk. By de Europa-Universität Flensburg wurdt in folweardich stúdzjeprogramma oanbean mei de namme Dänisch of Skandinavistik, dêr’t sawol taal- as kultuerûnderdielen yn foarkomme.[34] Dêrmei kinne studinten har spesjalisearje yn de Danistyk mei in bysûndere fokus op de meartalige situaasje yn Sleeswyk-Holstein.
In bysûnder aspekt fan de situaasje is dat der yn de regio ek in trijetalich ferbân bestiet: neist Dútsk en Deensk wurdt yn guon doarpen en mienskippen ek noch Noardfrysk sprutsen. Dy taaldiversiteit makket dat de kursussen Deensk yn Sleeswyk-Holstein faak ek omtinken jouwe oan kontrastive didaktyk en meartalige kompetinsjes.[35]
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Teake Hoekema& V. Tams Jørgensen; Deensk-Frysk wurdboek mei in koarte Deenske foarmleare. Frisisk-Dansk ordbog med en kortfattet frisisk formlaere. Grins, Wolters-Noordhoff, 1968.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wurdlist Deensk-Frysk en Frysk-Deensk
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Deenske ferzje. |
