Franz von Papen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Franz von Papen by de Prosessen fan Neurenberch (1946)

Franz von Papen (Werl, 29 oktober 1879 - Obersasbach, 2 maaie 1969) wie in Dútsk politikus. Hy wie fan juny oant desimber 1932 rykskânselier en fan jannewaris 1933 oant july 1934 fise-kânselier yn it Kabinet-Hitler. Dêrnei wie er oant de fal fan it Tredde Ryk diplomaat.

Nei de Twadde Wrâldkriich wie Von Papen ien fan de fertochten by de prosessen fan Neurenberch, dêr't er fan alle oanklachten frijsprutsen waard. Op 24 febrewaris 1947 waard er lykwols troch in ûntnazifisearringsrjochter as "haadskuldige" oanwiisd en feroardiele ta acht jier twangarbeid.