Springe nei ynhâld

Kabinet-Hitler

Ut Wikipedy
Leden fan it kabinet-Hitler nei de earste gearkomst op 30 jannewaris 1933. Sittend: Göring, Hitler, Von Papen. Steand: Seldte, Gereke, Schwerin von Krosigk, Frick, von Blomberg, Hugenberg

It Kabinet-Hitler krige 30 jannewaris 1933 de macht yn it Dútske Ryk. Sûnt it oannimmen fan de Machtigingswet op 23 maart 1933 hie rykskânselier Adolf Hitler diktatoariale folmachten. Yn it earstoan hie it kabinet mar fjouwer NSDAP-leden; yn de rin fan de jierren waarden dat stadichoan mear.

Mei Hitler einige de Weimarrepublyk en begûn nazi-Dútslân.

Der kin fan in kabinet sprutsen wurde omdat dat orgaan yn 1933 en 1934 yndie 42 kear byelkoar kaam. Yn de jierren dêrnei hat der mar út en troch in geakomst fan de ministerrie west. De lêste gearkomst wie op 5 febrewaris 1938. Der waard wol fergadere of dinearre mei twa as trije ministers tagelyk om praktyske saken af te stemmen, mar fierders wie it regearingspraktyl dat Hitler audiïnsjes hold dêr’t ynstruksjes jûn waarden.

De "Führer" lieaude stiiffêst yn it prinsipe fan liederskip. Syn ministers moasten selsstannich lieding jaan kinne en dwaan wat Hitler harren hjitte. Troch mear as ien minister op itselde mêd te setten soarge Hitler fan fijannigens en konkurrinsje. De oare kant fan dy ‘ferdiel en hearskje’-polityk wie gaos, fergriemen fan tiid en middels en ferswakking fan de posysje fan it ryksregear yn it foardiel fan de SS en de Gealieders fan de NSDAP d’'t as keninkjes regearren en befellen út Berlyn somtiids negearren.

Yn de fan Albert Speer fergrutte rykskanselarij yn Berlyn wie in seal foar de ministerrie ynrjochte. Speer seit yn syn memoires dat ministers him soms fregen as se ‘harren’ sit ris sjen mochten. Sy beseagen dan swijend in tal minuten de blauwe map mei har’ namme dêrop. De seal is nea brûkt [1].

De gearspanners fan de 20e july 1944 seagen yn it brek oan in polityk en administratyf koördinearjend orgaan ien fan de oarsaken foar de ferwezen tastân fan Dútslân yn it fyfde oarlochsjier. Yn harren blaudruk foar in nij ryksregear soe de "Grutte Generale Staf" alle macht krije.[2]

FunksjeMinisterPartijOantekening
RykspresidintPaul von Hindenburg (1925-1934)partijleas
Karl Dönitz (1945)NSDAPneffens Hitler syn testamint
RykskânselierAdolf Hitler (1933-1934)NSDAP
Joseph Goebbels (1945)NSDAPHitlers testamint
Führer en RykskânselierAdolf Hitler (1934-1945)NSDAPAmten Rykspresidint en Rykskânselier ferienige
Liedend minister fan de demissjonêre RyksregearingLutz Schwerin von Krosigk (1945)partijleas
FicekânselierFranz von Papen (1933-1934)partijleas
Ryksminister fan Bûtenlânske SakenKonstantin von Neurath (1933-1938)partijleas, letter NSDAPal sûnt 1932 yn funksje
Joachim von Ribbentrop (1938-1945)NSDAP
Arthur Seyss-Inquart (1945)NSDAPHitler's testamint
Lutz Schwerin von Krosigk (1945)partijleasDönitzregearing
Ryksminister fan Binnenlânske SakenWilhelm Frick (1933-1943)NSDAP
Heinrich Himmler (1943-1945)NSDAP
Paul Giesler (1945)NSDAPHitler's testamint
Wilhelm Stuckart (1945)NSDAPDönitzregearing
Ryksminister fan FinânsjenLutz Schwerin von Krosigk (1933-1945)partijleassûnt 1932 yn funksje
Ryksministers fan Ekonomyske SakenAlfred Hugenberg (1933)DNVP
Kurt Schmitt (1933-1935)NSDAP
Hjalmar Schacht (1935-1937)NSDAP
Hermann Göring (1937-1938)NSDAP
Walther Funk (1938-1945)NSDAP
Albert Speer (1945)NSDAPDönitzregearing
Ryksministers fan ArbeidFranz Seldte (1933-1945)DVP, letter NSDAP
Theodor Hupfauer (1945)NSDAPHitlers testamint
Franz Seldte (1945)NSDAPDönitzregearing
Ryksministers fan JustysjeFranz Gürtner (1933-1941)partijleassûnt 1932 al yn funksje
Franz Schlegelberger (1941-1942)NSDAPad interim, sekretaris-generaal
Otto Georg Thierack (1942-1945)NSDAP
Ryksminister fan DefinsjeWerner von Blomberg (1933-1935)partijleas
Ryksminister fan Oarloch (tusken 1938 en 1945 waarnaam troch Hitler en de Wehrmacht)Werner von Blomberg (1935-1938)partijleas
Karl Dönitz (1945)partijleas
Ryksministers fan FerkearPaul Freiherr von Eltz-Rübenach (1933-1937)partijleassûnt 1932 al yn funksje
Julius Heinrich Dorpmüller (1937-1945)NSDAP
Ryksministers fan PostPaul Freiherr von Eltz-Rübenach (1933-1937)partijleasal sûnt 1932 yn funksje
Wilhelm Ohnesorge (1937-1945)NSDAP
Julius Heinrich Dorpmüller (1945)NSDAPDönitzregearing
Ryksministers fan Fieding en LânbouAlfred Hugenberg (1933)DNVP
Richard Walther Darré (1933-1944)NSDAPsûnt 1942 mei ferlof
Herbert Backe (1944-1945)NSDAPsûnt 1942 demissjonêr
Ryksminister foar Folksfoarljochting en PropagandaJoseph Goebbels (1933-1945)NSDAP
Werner Naumann (1945)NSDAPHitler syn testamint
Ryksminister fan LoftfeartHermann Göring (1933-1945)NSDAP
Ryksminister fan Wittenskip, Opfieding en FoarmingBernhard Rust (1934-1945)NSDAP
Ryksministers fan Bewapening en MunysjeFritz Todt (1940-1942)NSDAP
Albert Speer (1942-1943)NSDAP
Ryksministers fan Bewapening en OarlochsproduksjeAlbert Speer (1943-1945)NSDAP
Karl Saur (1945)NSDAP
Ryksminister fan de Besette Eastelike GebietenAlfred Rosenberg (1941-1945)NSDAP
Ryksminister fan Tsjerklike OangelegenhedenHanns Kerrl (1935-1941)NSDAP
Hermann Muhs (1941-1945)NSDAP
Steatsminister mei de rang fan Ryksminister en Haad fan de Kânselarij fan de Führer en RykskânselierOtto Meissner (1937-1945)partijleas
Ryksminister en Haad fan de RykskânselarijHans Lammers (1937-1945)NSDAP
Ryksministers sûnder portefúljeHermann Göring (1933)NSDAP
Rudolf Hess (1933-1941)NSDAPplakfervanger fan de Führer
Ernst Röhm (1933-1934)NSDAPhaad fan de staf fan de SA
Hanns Kerrl (1934-1935)NSDAP
Hans Frank (1934-1942)NSDAPsûnt 1939 gûverneur-generaal fan de besette Poalske kriten
Hjalmar Schacht (1937-1943)NSDAPoant 1939 ek presidint fan de Ryksbank
Konstantin von Neurath (1938-1945)NSDAP1939-1943 Reichsprotektor fan Bohemen en Moraavje
Arthur Seyss-Inquart (1938-1945)NSDAPearder bûnskânselier fan Eastenryk, nei 1940 ek rykskommissaris fan Nederlân
Martin Bormann (1941-1945)NSDAPhaad fan de partijkânselarij fan de NSDAP en sekretaris fan de Führer
Wilhelm Frick (1943-1945)NSDAPReichsprotektor fan Bohemen en Moraavje
Herbert Backe (1943-1944)NSDAPtsjinstdwaand Ryksminister fan Fieding en Lânbou
Robert Ley (1945)NSDAPHitlers testamint, lieder fan it Arbeidsfront
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Albert Speer, "Erinnerungen", 1969, kapitel 8. S. 128.
  2. Albert Speer, "Erinnerungen",1969, kapitel 26. S. 400.