Arthur Seyss-Inquart

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Arthur Seyss-Inquart

Arthur Seyss-Inquart (Dútsk: Seyß-Inquart), berne as Artur Zajtich[1] (Stannern, 22 july 1892Neurenberch, 16 oktober 1946), wie in Eastenryksk jurist en nazypolitikus. Ynearsten behearde er ta de 'reedlike' fleugel fan de Eastenrykske nazy's, mar letter oppenearre er him, as Rykskommissaris fan Nederlân, yn beset Nederlân, as in fûl hardliner.

Yn Fryslân wie syn bynamme Seis-en-in-kwart[2][3] en Seys Hinkelepink, Seyss Hinkwat en Judas Mankabenus (in wurdboarterij op Judas Makkabéus).[4]

Seyss-Inquart wie by de 22 oarlochsmisdiedigers dy't by it Proses fan Neurenberch berjochte waarden. Hy waard op 1 oktober 1946 op trije fan de fjouwer oanklachten skuldich achte en goed twa wiken letter eksekutearre.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Persico, J.E. (1994). Nuremberg: Infamy on Trial. S. 214
  2. https://www.verzetsmuseum.org/jongeren/klein_verzet/klein_verzet,spotliedjes
  3. https://www.verzetsmuseum.org/museum/nl/kinderen/over-de-oorlog/digitale_expo/uitvindingen/uitvindingen,seyss-inquart
  4. http://historiek.net/arthur-seyss-inquart-1892-1946/66184/
  5. Vonnis 18 Arthur Seyss-Inquart op 1 januari 1946 (incl. de vier aanklachten), Go2War2, 31 okt 2008