Fazalsteat

Ut Wikipedy

In fazalsteat is in steat dy't ôfhinklik is fan in oare steat, faak as gefolch fan in oarloch. Eartiids foarmen grutte riken oan harren grinzen meastal buffersteaten om harsels tsjin ûnferwachte ynvaazjes te beskermjen. Ek ekonomyske motiven spilen dêrby in rol.

It regear fan in fazalsteat kin in marjonetteregear wêze fan it regear fan it machtigere lân.

Bygelyks de Bataafske Republyk wie in fazalsteat fan Frankryk.

Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.