Eastsee

Ut Wikipedy
Eastsee / Baltyske See
Lokaasje tusken Sweden, Poalen en de Baltyske steaten
See
Koördinaten
Oerflakte 377.000 km²
Djipte (maks.) 459 m
Trochsneeddjipte {{{trochsneeddjipte}}} m
Trochsneeddjipte {{{djiptegem}}} m
Breedte {{{breedtemin}}}
Maks. breedte {{{breedtemaks}}}
Maks. breedte 193 km
Lingte 1600 km
Oer

De Eastsee op in satellytfoto

De Eastsee of Baltyske See is de see, dy't likernôch tusken Sweden en de Baltyske steaten leit. De Eastsee is brakker as de Noardsee en de tijferskillen binne lytser. De see bestjit sûnt it 6e millennium f.Kr. Wat de foarm oangiet docht de Eastsee wol wat tinken oan in haadrivier mei sydrivieren (Finske Golf en Botnyske Golf). Ut geologysk ûndersyk docht bliken dat hjir yn it Pleistoseen in rivier rûn hawwe moat: de Eridanos.

Begrinzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de wizers fan de klok mei,
grinzen oan dizze 'binnensee':

Ta de Eastsee yn rommere sin hearre ek de Botnyske Golf, de Finske Golf, de Golf fan Riga en lytsere baaien ('bochten') en haffen de kust fan Dútslân, Poalen, Ruslân en Litouwen bylâns.

Ofwettering en rivieren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Estlân, Letlân, Litouwen en Poalen wetterje foar 100% ôf yn de Eastsee, de oare lannen mar foar in part. Ek Tsjechje, Slowakije, Oekraïne en Wyt-Ruslân wetterje foar in part harren boppewetter yn de Eastsee ôf.

De wichtichste rivieren dy't op de Eastsee ôfwetterje binne de Weichsel yn Poalen, de Oder ticht by de Poolsk-Dútske grins, de Daugava (of Westlike Dwina) yn Letlân en de Neva yn Ruslân.

Havens oan de Eastsee[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Havens oan de Eastsee

Gruttte havenplakken fuort- of tichtby de Eastsee binne:

Eilannen yn de Eastsee[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutste eilânnen yn de Eastsee binne: