Finske Golf

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De lokaasje fan de Finske Golf (Gulf of Finland) yn de Eastsee (Baltic Sea).
De baaien oan de súdkust fan de Finske Golf.

De Finske Golf (Finsk: Suomenlahti; Russysk: Финский залив, Finskiy zaliv; Sweedsk: Finska viken; Estsk: Soome laht) is it eastlikste part fan de Eastsee en leit tusken Finlân (yn it noarden), Estlân (yn it suden) en Ruslân (yn it easten) yn. Yn Ruslân leit Sint Petersburch oan de golf, op it plak dêr’t de rivier Neva yn de golf útmûnet. Oare grutte stêden oan de Finske Golf binne Helsinky en Tallin. It eastlikste part fan de golf is fan Ruslân en guon fan syn wichtichste oaljehavens lizze oan it wetter.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Finske Golf is likernôch 29,500 km² grut, hy hat fan east nei west in lingte fan 428 kilometer en is fan noard nei súd op syn breedst 120 kilometer. De wiidte oan de begjin fan de golf is 75 kilometer. Yn it easten wurdt de golf hieltyd smeller en giet oer yn de Golf fan Kronstadt, dêr’t er sa’n 10 oant 28 kilometer breed is. Oan de noardkust leit noch de Golf fan Vyborg en oan de súdkust leit de Narva Baai.

Der lizze ferskate eilannen yn de Finske Golf, dêr't Hogland, Tyters, Lavansaari en Seiskari de grutsten fan binne. Utsein dy grutte eilannen binne der noch ûntelbere lytse eilantsjes lâns de noardkust fan de golf, de saneamde skearen. De djipste parten fan it wetter lizze oan it begjin fan de golf, dêr’t in djipte fan 80 oant 100 meter berikt wurdt en lâns it suden dêr’t it op guon plakken noch djipper as 100 meter is. Oan de noardkant is it wetter nea djipper as 60 meter. Troch rotsen en de ûndjipten is de noardkust ek tige min te befarren. Sûnder goede kaarten is it sels gefaarlik om troch de wetters lâns de kust te farren. It djipste punt, op 121 meter, leit krekt noardeastlik fan Tallinn. Likernôch 5% fan de wettermassa fan de Eastsee is yn de Finske Golf.

It wetter yn de Finske Golf hat in lege saliniteit, fan trochstrings 4‰. Yn it easten is dat sels noch leger, omdat dêr de Neva yn it wetter útkomt.

De golf hat te lijen fan eutrofikaasje. Dêrtroch komme yn de waarme moannen in soad algen foar.

Stêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grutste eilannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Satellytbyld fan de Finske Golf