Springe nei ynhâld

Helsinki

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Helsinky)
Helsinki
Fan lofts-boppe ôf: Katedraal fan Helsinki, Suomenlinna, Senaatsplein, Aurinkolahtistrân, Stedshûs
Fan lofts-boppe ôf: Katedraal fan Helsinki, Suomenlinna, Senaatsplein, Aurinkolahtistrân, Stedshûs
Polityk
Lân Finlân
Regio Uusimaa
Boargemaster Jussi Pajunen
Sifers
Ynwennertal 657.674 (2020)
Oerflak 715,49 (lân: 213,75) km²
Befolkingsticht. 3.076 / km²
Stêdekloft 1.525.404
Oar
Stifting 1550, 1812 (haadstêd)
Tiidsône East Europeeske Tiid(UTC+2)
Simmertiid (UTC+3)
Offisjele webside
www.hel.fi

Helsinki (Finsk: Helsinki; Sweedsk: Helsingfors) is de haadstêd en it grutste plak fan Finlân. Helsinki leit oan de súdkust fan Finlân. 6,2 persint fan de ynwenners praat Sweedsk.

Helsinki waard op 12 juny 1550 oprjochte troch de Sweedske kening Gustav Vasa, as konkurrint foar de Hânzestêd Tallin. Oarspronklik lei de stêd oan de mûning fan de rivier Vantaanjoki. Yn 1561 ferovere Sweden yn de Lyflânske Kriich de stêd Tallin, dêrtroch waard Helsinki minder belangryk. Yn de haven fan Helsinki koenen gjin grutte skippen komme omdat it wetter net djip genôch wie. Yn 1640 waard troch de gûverneur-generaal Per Brahe besletten om de stêd nei syn notiidske lokaasje, it skiereilân Vironniemi, te ferhúzjen. De âlde stêd oan de mûning fan de Vantaanjoki-rivier wurdt net mear bewenne.

It útwreidzjen fan it Russyske Ryk en de stifting fan de stêd Sint Petersburch yn it jier 1703 hienen grutte gefolgen foar de stêd. De Grutte Noardske Kriich tusken Sweden en Ruslân trof Helsinki hurd. De stêd hie yn 1710 te krijen mei de pest, en waard yn 1713 troch weromlûkende troepen delbaarnd. Yn it tiidrek 1713-1721 en yn de Sweedsk-Russyske Kriich fan 1741-1743 wie Helsinki troch Russen beset.

Op 2 maart 1808 waard Helsinki wer troch Russen beset. Nei de kriich moast Sweden hiel Finlân oan Ruslân jaan. Yn it begjin wie Turku de haadstêd fan it Grutfoarstendom Finlân, dat de grutste en wichtichste stêd wie. Neffens tsaar Alexander I wie Turku te fier fan Sint Petersburch ôf, dêrom moast Helsinki mar haadtêd wurde. Helsinki wie op dat stuit in lyts stedsje mei sa'n 4000 ynwenners. De stêd waard fierder ûntwikkele. Sûnt 1819 sit it Finske senaat yn de stêd.

Nei de grutte brân yn Turku waard ek de Akademy fan Turku nei Helsinki brocht. Fierders wienen der gjin universiteiten yn it lân. Mei de Yndustriële Revolúsje groeide de stêd yn de twadde helte fan de 19e iuw. De treinferbining nei Hämeenlinna en Sint Petersburch ûntstie yn 1862 en 1870. Om 1900 hinne hie Helsinki sa'n 100.000 ynwenners.

Doe't Finlân op 6 desimber 1917 ûnôfhinklik wie, waard Helsinki de haadstêd fan de nije steat. Yn de Finske Boargerkriich dy't dêrop folge ferovere de Reade Garde op 28 jannewaris 1918 de stêd. De konservative Finnen moasten nei de machtsoername de stêd út. Yn april wûnen Dútske troepen nei twa dagen de striid tsjin de Reade Garde. Yn de Twadde Wrâldkriich waard Helsinki slim troffen troch bombardeminten fan de Sowjets. De stêd hie lykwols minder skea as oare Europeeske stêden, mei troch de sterke loftferdigening fan de Finnen.

De Olympyske Spullen fan 1940 waarden yn Helsinki plend. De tarieding en it bouwen wie al begûn, mar de spullen gongen net troch fanwege de Twadde Wrâldkriich. Ynstee fan de Spullen fan 1940, waarden yn 1952 de Olympyske Simmerspullen holden.