Sint-Petersburch
Sint Petersburch Санкт-Петербург | ||
loftsboppe: Ingelske Kaai mei de Izaäk-katedraal; rjochtsboppe: Petrus- en Paulusfesting
midden: Paleisplein midslofts: Winterpaleis; midsrjochts: Peterhof ûnder: Nevski Prospekt by nacht | ||
Polityk | ||
Lân | Ruslân | |
Federaal distrikt | Noardwest | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 4.848.700 (2010) | |
Oerflak | 1439 km² | |
Befolkingsticht. | 3.369,49 / km² | |
Hichte | 3 m | |
Oar | ||
Stifting | 27 maaie 1703 | |
Tiidsône | UTC+3 | |
Simmertiid | UTC+4 | |
Offisjele webside | ||
Offisjele webside |
Sint-Petersburch (Russysk: Санкт-Петербург, Sankt-Peterboerg) is de twadwichtichste stêd fan Ruslân nei Moskou. It is in havenstêd dêr't in soad yndustry is, mar it is ek in wichtich wittenskiplik en kultureel sintrum. Beskiedend is de 18e en 19e-iuwske boukeunst; de grêften, grutte lange diken, tunen, parken en paleizen binne foar toeristen tige nijsgjirrich.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1703, Sint-Petersburch wurdt stifte troch Peter de Grutte en wurdt haadstêd fan Ruslân.
- 1918, Moskau wurdt haadstêd fan Ruslân.
- 1914-1924, Sint-Petersburch hjit Petrograd omdat Sint-Petersburch te Dútsk klinke soe wylst de Russen fochten yn de Earste Wrâldkriich.
- 1917, Oktoberrevolúsje dêr't Vladimir Lenin in wichtige rol yn spile hat.
- Yn de Twadde Wrâldkriich belegerje de Dútsers Sint-Petersburch foar 29 moannen.
- 1924-1991, Sint-Petersburch hjit Leningrad.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rivier de Neva mûnet yn de Finske Golf. De stêd leit yn it deltagebiet fan dy rivier. De stêd is boud op 42 eilannen. Heechwetter is in gefaar foar de stêd omdat de stêd net sa heech boppe seenivo boud is.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wenje likernôch 5 miljoen minsken. Al yn it ferline hawwe in soad minsken út it westen har nei wenjen set yn Sint-Petersburch. Yn 2009 wie 89,1 % fan de ynwenners etnyske Russen. Dêrby komme 2,1 % Joaden, 1,9 % Oekraïners, 1,9 % Wyt-Russen en lytsere mienskippen fan Tataren, Kaukazen, Oezbeken en Finnen.
Befolkingsûntjouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
-
Satelytfoto Sint-Petersburch
-
Nevski prospekt
-
Koepel yn de Hermitaazje
-
Nikolaas I
Transport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sint-Petersburch hat in seehaven, in fleanfjild (Пулково Poelkovo) en farwetter nei de Wolga/Baltyske steaten. Yn de stêd ryd sûnt 1955 in metro. Sûnt 2008 leit der in 115 km lange ringdyk om de stêd hinne.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is in protte yndustry, lykas stielyndustry, gemy, skepebou en masinebou. Der is in grutte autoyndustry. Bedriuwen út it bûtenlân binne Wrigley, Gillette, Rothmans, Unilever, Japan Tobacco en Coca-Cola. De bierbrouwerij Baltika hat hast in miljard euro omset (yn 2005). Baltika is de grutste bierbrouwerij yn Ruslân en East-Jeropa, en de twadgrutste fan Jeropa nei Heineken. Dútslân is op ekonomysk mêd tige fan belang foar Sint-Petersburch.
Underrjocht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Russyske Akademy fan Wittenskippen sit yn de stêd en der binne ûndersyksynstituten by de roes, fierders binne der trije universiteiten, dêr't de Steatsuniversiteit fan Sint-Petersburch de âldste fan is, en in konservatoarium.
Kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne sa'n 120 museums, bygelyks de Hermitaazje en it Russysk Museum. Der binne 50 teaters, sa as it Mariinskiteater. It Eastersk-Ortodokse Alexander Nevski-kleaster is ien fan de wichtichste bouwurken yn de stêd. Neffens UNESCO sit Sint-Petersburch yn de top tsien fan reisdoelen fan de wrâld.
-
Narva-triomfbôge
-
It grutte paleis fan Peterhof mei de Grutte Kaskade
-
It Katarinapaleis yn Poesjkin
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sint-Petersburch fan Wikimedia Commons. |